De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 218] [p. 218] Sybe Sybesma: Maertmoanne By nacht waerden de lannen wiet wiet en feal dêr't juster noch snie glimke even spegelen hja skynsels dy't ornaris net útinoar falle - doe groeide de loft ticht De man siet allinne yn 'e bus om him hinne tsjotteren strjitmosken; hy woe mar ien ding: mosk mei wêze, mar hja forstiene syn swijen net - doe seach er nei bûten ta en ûntdiek: sjoch boppe Yn 'e stêd wenje minsken omt hja dêr de kâns net krije harsels to missen; se komme net iens op it idé, mar wé my, as ien fan harren allinnich yn 'e polder by ûnlijich waer syn eigen stimme heart fan fierrens, heas en dierlik De man stapte út 'e bus by it stasjon de wiete lannen rounen de stêd yn en wiene oergunstich op 'e smelle stripen snie dy't dêr har lêste triennen skriemden De minsken yn 'e stêd groeten him freonlik even spegelen hja hwat him ûnderweis sa sterk bisiele hie doe't er mosk mei wêze woe, en hy libbe hielendal op: as in jongfeint mei wit hwat op 'e lever roun er de stêd oan syn fuotten Twa dagen letter wist er mear: de stêd is slimmer as de polder Vorige Volgende