De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 217] [p. 217] [Nummer 6] Gerben Brouwer: Earne leit in lytse poel Ta de neitins fan A.M.C. van der Minne-Buma Earne leit in lytse poel; dêr wol ik wer hinne. It is net fier; op myn gefoel kin ik it wol birinne. Der leit in boat yn dy lytse poel dêr wol ik wer mei farre; mar miskien is it, lek en sûnder doel, al lang ûnder wetter bidarre. Dan sil ik allinne yn de dize stean en it praet fan 'e weagen hearre tsjin 'e moanne, dy't yn grize klean forreizget nei de stjerren. En as ik net far en net sjoch of hear, en de nacht hat de fjûren birutsen, dan bin ik de dize, de moanne en in stjer en in boat yn de djipte trutsen. Vorige Volgende