Wadman de 2e ôflevering fan syn ienmansblêd yn 1962. Yn dit stik, dat Kultus fan de simpele siel hjit, komt er op tsjin it kultuerforskynsel dat er oantsjut mei ‘it snobisme fan de lytse man’ en stelt er him to war sawol tsjin muzykkorpsen dy't fan faklju neat mear leare hoege, tsjin toaniellju dy't gjin forlet hawwe biropsfoarstellingen by to wenjen as tsjin romanskriuwers dy't oan Dik Trom as foaroplieding genôch tinke to hawwen. Soks liket to rûken nei high-brow en ivoaren toer, mar dat is sa net. De demokratisearring fan it kultuerlibben, ek yn Fryslân, sjocht Anne Wadman as in histoaryske needsaek dy't yn it aerd fan ús tiid leit. Hwat him yn 'e wei is, is it feit dat dit proses fan oanpassing net hurder en binammen djipper taset, dat men jin minder faek stjitte hoegde oan alderhanne bihyplikheden en boereklomperichheit, dy't mei dat emansipaesjeproses gearhingje.
Forwar, protest, argewaesje, binearing, wanhope, dat binne yndied in pear kaeiwurden, dy't de situaesje en posysje dêr't Wadman yn forkeart, karakterisearje. Hjir is in man dwaende, in ‘wâd-man’ woliswier, dy't him mei forantwurdlik fielt foar de gong fan saken op 'e lytse pôlle dy't Fryslân hjit. In kritikus dy't ek yn dizze jiergong soms ta positive wurdearring komme kin, lyk as yn syn skôging oer de bondel Rattelmansreau fan Sjoerd Spanninga (nr. 3) en yn syn iepen briefwiksel mei syn confrater Klaas de Wit (nrs. 3 en 4) oer problemen fan de romantechnyk. Dy plus-kant komt ek nei foaren yn de publikaesje fan romanfragminten (forfolch op Marijke, nrs. 1, 2 en 3) en - alhoewol minder sterk - yn it koart forhael Wiskunde (nr. 4), dêr't de erotyske frustraesje fan de adolescint wer ris it haedthema fan útmakket. Fierders is yn forfolgen ôfprinte Wadman's oersetting fan Sartre's La Stippeltsjes respectueuse, in seldsum knap stik fakmanswurk. Tige lêsber is ek it stik Fyftjinjierrich amtsjubileum, dêr't û.o. in pear hurde, mar wiere dingen yn sein wurde oer it lesjaen yn Frysk oan in gymnasium. Yn it lêste nûmer jowt de redakteur, miskien yn neifolging fan wilen prof. Jan Romein, in resumé fan ‘samar in wike’ út eigen libben, mei opneaming fan alle kâlde en oare drokten, dêr't er himsels as yntellektueel mei opskipe hat.
Bliuwt oer it polemyske part, it teannewâdzjen-sec sa to sizzen, dat foaral bioefene wurdt yn 'e forfolchrubryk Kanttekeningen oer Frysk en Unfrysk Fryslân. Oer gâns ynstânsjes en persoanen falt Wadman dêr mei de hiele hûd gear. Gâns banbliksemkes flikkerje ek de kant oer fan De Tsjerne, dy't as in ‘eptige âlde hear’ útportrettearre wurdt, him to min bikroadzjend oer de persoanlike wederwarichheden fan snotaep Anne.
Foar my leit yn dit krommelwurk it swakke sté fan it hiele blêd. Syn redakteur fortilt him faek oan lytse argewaesjes en byt him tofolle fêst yn kribbekeurichheden. As minsklike polemyk soks oer him kriget, forwurdt er al gau, sûnder mear eftergroun of proporsjes to sjen, ta hwat skerpe skellerij oer de hage. Ynpleats fan finsters op Europa iepen to setten, wurdt fan it Fryske hûs in aeklik rabbersnêst makke, dêr't Jan mei Alleman oerheap leit en Alleman mei Jan. Him sa lêzend, is men yn 'e wille en ried Wadman oan syn Ter Braak wer ris út 'e kast to nimmen.
Yn it lêste nûmer wurdt de 49 lêzers meidielt, dat dit ‘tydskriftlik avontûr’ in ein nimme sil. De bui is oer, sa skriuwt de redaksje. Men kin dit forlies achtsje, om't hjirmei in lêsbere Fryske periodyk fordwynt. Men kin lykwols ek hoopje op nije konsintraesje fan krêften.
D.A.T.