De Tsjerne. Jaargang 18
(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 192]
| |
Earste bidriuw
Foar't it doek omheech giet heart men it lûd fan in stasionsklok. Dan sjocht men it plaknammeboerd: Güllen, Blykber de namme fan it stedtsje dat op 'e eftergroun oantsjut is, forrinneweard, forfallen. It stasion is ek skurf. Heal toskuord hinget der noch in tsjinstregeling oan 'e muorre. In door mei it opskrift: Tagong forbean. Yn 'e midden sjocht men de tryste stasionsstrjitte oantsjut. Lofts in lyts gebouke, keal, plat plaetizeren dak, mei op 'e bline muorren âlde affiches. Lofts it opskrift: ‘Dames’, rjochts: ‘Hearen’. Oer alles skynt in waerme hjerstsinne. Foar it gebouke sitte op in bank fjouwer manlju. In fyftenien, like rudich as de oaren, skilderet op in great plakkaet mei reade letters: ‘Wolkom oan ús Klary’. Men heart it heislik leven fan in trein dy't sûnder to hâlden it stasion foarby rydt. Foar it stasion saluearret de chef. De manlju bûge de hollen fan lofts nei rjochts, hja sjogge de eksprestrein nei, mei men oannimme.
DE EARSTE:
Dat is de Fjûrpylk, Hamburch - Napels.
DE TWADE:
Om alf ûre sawnentweintich komt de Razende Roland, Venetië - Stockholm.
DE TREDDE:
Dat is de iennichste wille dy't wy noch ha: de treinen efternei sjen.
DE FJIRDE:
Fiif jier lyn holden de Fjûrpylk en de Razende Roland noch yn Güllen. En boppedat de Diplomaet en de Gystene Ingel, allegear eksprestreinen fan kwizekwânsje.
DE EARSTE:
Fan gâns kwizekwânsje. DE TWADE:
En nou hâlde de gewoane treinen hjir net iens mear. Allinne de beide boemeltsjes fan Kaffigen en dy fan ien ûre trettjin fan Kalberstadt.
DE TREDDE:
Güllen is fan 'e kaert.
DE FJIRDE:
De Voltawurken oer 'e kop.
DE EARSTE:
De Bierbeambrouwerij faillyt.
DE TWADE:
It rekréaesjesintrum Lyts Helvetia fortuteazge.
DE TREDDE:
En wy libje noch, fan 'e W.W. | |
[pagina 193]
| |
DE FJIRDE:
Fan sosiale saken.
DE EARSTE:
Libje seiste...
DE TWADE:
Nou ja, sa hwat omstippe.
DE TREDDE:
Flinterknippe.
DE FJIRDE:
De hiele stêd.
(Der liedt in klok).
DE TWADE:
It wurdt tiid dat it êldminske komt mei har miljarden. Yn Kalberstadt hat se in sikehûs sette litten, wurdt der grute.
DE TREDDE:
Yn Kaffigen in bernetohûs en yn 'e haedstêd in carillon mei sechstich klokken.
DE SKILDER:
En Zimt, sa'n griemer fan in naturalist, hat har portret skilderje mocht.
DE EARSTE:
It minske wit net hwer't se mei 't jild hinne moat. De hiele Armenian-Oil is harres, en de Western Railways, de North Broadcasting Company en dan it stripteasesintrum yn Hongkong noch.
(Lawaei fan in trein. De stasionschef saluearret. De fjouwer maalju folgje de trein mei de eagen fan rjochts nei lofts).
DE FJIRDE:
Dat wie de Diplomaet.
DE TREDDE:
Wy koene hjir destiids kultureel oars ek skoan meidwaen.
DE TWADE:
Dy blinder, dêr hiene de measten wol oan hjir yn 't lân.
DE EARSTE:
Yn Europa, woest sizze.
DE FJIRDE:
Goethe hat hjir in nacht sliept. Yn hotel De Goudene Apostel.
DE TREDDE:
Brahms moat hjir nochris in kwartet komponearre ha.
(Der liedt in klok).
DE TWADE:
En dy skiere âld mûnts hat hjir 't buskrûd útfoun.
DE SKILDER:
En ik ha destiids de Prix de Rome noch woun, mar hwat set ik nou út 'e wei? Ik mei reklame-biljetten kalkje!
(It lûd fan in trein. Lofts forskynt in kondukteur, as wied er krakt fan 'e trein sprong).
DE KONDUKTEUR:
Güllen!
DE EARSTE:
It lokaeltsje fan Kaffigen.
(Ien reizger is útstapt, giet lofts de manlju op 'e bank foarby, fordwynt ei ter de doar mei it opekrift: ‘Hearen’).
DE TWADE:
Dêr is dy smoarge boelbiskriuwer wer.
DE TREDDE:
Sil it stêdhûs wol forhypotheekje wolle.
DE FJIRDE:
Polityk binne wy ek fan 'e kaert.
CHEF:
Ynstappe, ynstappe! | |
[pagina 194]
| |
(Ut 'e stêd wei komme de boargemaster, de learaer, de dominé en Ill, in man fan krapoan 65 jier. Allegear binne hja sútrich yn 'e klean).
BOARGEMASTER:
Mei de trein fan ien ûre trettjin fan Kalberstadt komt de hege gast.
LEARAER:
It mingd koar sil sjonge en it jeugdkoar ek.
DOMINE:
It brânklokje sil liede. Dat is noch net yn bislach nomd fan hegerhân.
BOARGEMASTER:
Op 'e merk sil de stêdsfanfare blaze, en de gymnastiekforiening sil ta eare fan mefrou de miljardaire in demonstraesje jaen. Op 'e lange matte leau 'k. Dan sille wy meielkoar hwat ite yn 'e Goudene Apostel. Wy hiene joun de great tsjerke en it stêdhûs graech yn folle gloarje ha wold mei skynwerpers en sa, mar dat kin de brune net lûke.
(De rykskontroleur komt wer ta de doar út).
RYKSKONTROLEUR:
Moarn, menhear de boargemaster. Alles nog wakker itselde?
BOARGEMASTER:
Hwat wolle jo hjir eins, myn bêste man - hjir falt neat mear to heljen.
RYKSKONTROLEUR:
Dat wit menhear de boargemaster wol oars soe 'k sizze. Sa'n kenwei ha 'k noch noait by der ein hawn: in hiele stêd forhypotheekje, gean der mar oanstean.
BOARGEMASTER:
Op 't stêdhûs fine jo oars net as in âld skriuwmasine.
RYKSKONTROLEUR:
Menhear de boargemaster moat de âldheitkeamer net forjitte.
BOARGEMASTER:
Myn leave man, dy hiele bringst ha wy trijs jier lyn al nei Amearika forkocht. Wy ha hjir gjin sint mear ta ús foldwaen. Gjin minske dy't hjir bilesting bitellet langer.
RYKSKONTROLEUR:
Dat sil dan ris goed neigien wurde moatte. It hiele lân fierders is ien stik woltier, mar krekt hjir dat Güllen mei dat ivich moaije rekréaesjeoard Lyts Helvetia sit op swart sied.
BOARGEMASTER:
Wy steane sels ek foar in ekonomysk mystearje.
DE EARSTE:
De frijmitselers sille der wol mei efter sitte.
DE TWADE:
En oars de joaden wol.
DE TREDDE:
Poets it greatkapitael ek net út.
DE FJIRDE:
Of de Russen, dy meije ek graech hwat stokelje.
(Der liedt in klok).
RYKSKONTROLEUR:
Ik fyn altyd hwàt. Ik ha eachjes as in wikel. Ik sil menhear de ûntfanger noch ris omraek fiterje. | |
[pagina 195]
| |
BOARGEMASTER:
't Is gau sa goed dat er ús nou strûpt as nei't mefrou de miljardaire hjir west hat.
(De skilder is klear mei syn opskrift).
ILL:
Dit kin fansels net, boargemaster, sa'n tekst is fiersto gemiensum. ‘Wolkom Clara Zachanassian’ moat derop.
DE EARSTE:
Mar wy neamden har altyd Klary.
DE TWADE:
Klary Wäscher.
DE TREDDE:
Se is hjir opgroeid.
DE FJIRDE:
Har heit wie hjir timmerman.
DE SKILDER:
Nou goed, dan set ik deagewoan: ‘Wolkom Clara Zachanassian’ oan 'e efterkant. As mefrou de miljardaire dan hwat oars as oars wurdt, kinne wy har noch altyd de oars kant foarhâlde.
(In nije eksprestrein komt fan rjochts nei lofts).
DE TWADE:
Dat wie de Beursbingel, Zürich - Hamburch.
DE TREDDE:
Altyd krekt op tiid, men kin der it horloazje op lyksette.
DE FJIRDE:
Hwat ik sizze woe, hwa hat hjir noch in horloazje?
BOARGEMASTER:
Bêste freonen, mefrou de miljardaire is ús lêste hoop en treast.
DOMINE:
Njonken God.
BOARGEMASTER:
Njonken God, ja.
LEARAER:
Mar dy bitellet neat.
BOARGEMASTER:
Jo ha great mei har west, Ill, dat ik soe sizze: alles sil nou fan jo ôfhingje.
DOMINé:
Mar it is útskuord destiids, as 't my net mist - ik ha der hwat fan grútsjen heard - is der faeks hwat dat jo oan dominé kwyt wolle?
ILL:
O ja, wy hawwe skoan kind togearre; hoe giet dat dan: men is jong en bluisterich; ik wie in kant jongkeardel, fiif en fjirtich jier lyn en och bêste freonen, hja, dy lytse Klary - ik kin 't noch foar my krijs hoe glûpende gleon as se my oanseach dêr yn 'e âld Piterboersmoune of as se op bleate fuotten troch it Great Fjouwerkant strûsde, it lange reade hier los op 'e rêch, sa linich en bihyndich as in bjirk, sa sêft, in alderivichst moai lyts ycheltsje. It libben hat ús útelkoar dreaun - och ja, hjir fynt men hwat, dêr lit men hwat - sa is 't libben nou ienris.
BOARGEMASTER:
As ik aenst ûnder it feestmiel yn 'e Goudene Apostel in taspraekje hâlde moat soene in pear lytse bysûnderheden oangeande mefrou Zachanassian my net fan ûnpas komme.
(Hy hellet in notysjeboekje út 'e bûse).
LEARAER:
Ik ha op skoalle de âlde rapporten ris trochnoaske. It muoit my dat ik it sizze moat, it muoit my tige, mar | |
[pagina 196]
| |
Klary Wäscher har siferlist roaide nearne nei. It gedrach like min. Allinne plant- en dierkunde, dat koe der sahwat op troch.
BOARGEMASTER:
Moai sa. Plant- en dierkunde koe der op troch. Dat is de muoite wurdich.
ILL:
Dan kin ik de boargemaster noch oars hwat fortelle. Klary hie in sterk rjochtfeardichheitsgefoel. Tige sterk, mei men wol sizze. Der waerd ris in omstipper opbrocht, sa 'n bakjeman. Doe hat sij de plysjeman mei stiennen bikûgele.
BOARGEMASTER:
Rjochtfeardichheitsgefoel. Dat wiist net sa min. Dat docht it altyd. Dat gefaltsje mei dy plysjeman moatte wy dan mar oersljochtsje.
ILL:
Goederjowsk wie se ek. Hwat se hie joech se wei, se hat foar in earme âld widdou wol ierappels stellen.
BOARGEMASTER:
Goederjowskens, tige! Dit, bêste freonen, moat ik fansels altyd neame, dêr giet it op 't lêst om. Is der ek noch ien dy't wit oft har heit hjir destiids it ien of oar boud hat, in hûs of sokssahwat? Dêr soe men yn in taspraek moei efkes op wize kinne.
ALLEGEAR:
Gjin idé fan. Nea fan heard.
(De boargemaster docht it notysjeboekje ticht).
BOARGEMASTER:
Hwat my oanbilanget: ik hie der klear foar - it oare sil Ill fortoane moatte.
ILL:
Dat ha 'k ek foar 't forstên. Mefrou Zachanassian moat mei har miljoentsjes fanwegen komme.
BOARGEMASTER:
Just krekt: miljoenen, sa woe ik it ek sjen.
LEARAER:
In bernetohûs binne wy hjir fansels net mei holpen.
BOARGEMASTER:
Myn bêste freon Ill, al withoelang binne jo hjir yn Güllen de man dêr't de minsken it measte mei op ha. Ankomme maityd gean ik ôf as boargemaster en dêrom ha 'k nou alfêst de opposysje ris tante. Nou, wy wiene 't samar iens: jo sille foardroegen wurde as myn opfolger.
ILL:
Mar menhear de boargemaster!
LEARAER:
Jawis, dat soe de baes wêze.
ILL:
Achte hearen, nou earst ta de saek. Fansels sil ik yn earste ynstânsje juffer Klara to wurd moatte oer de slimme tastân hjir yn 'e stêd.
DOMINé:
Mar dan wol tuike oan fansels - it binne teare dingen.
ILL:
It forstân moat foarop, dit moat psychologysk spile wurde. As it aenst by de ûntfangst op 't stasion misrint brekt it ús allegear by de hannen om ôf. Om earlik to wêzen: de stedsfanfare en it mingd koar kinne wy al min mei folstean.
BOARGEMASTER:
Dêr hat Ill fansels gelyk oan. As it yn 't | |
[pagina 197]
| |
earste oankommen mislearret is de kaert forjown. Dy oankomst op 't stasion is 't wichtichste. Mefrou Zachanassian, troch séen skaet en lannen, komt nei lange jierren wer werom op 't âlde sté en nou is dêr 't sillich âlderhûs, leaf, leaf âlderhûs - it moed sjit har fol as se it allegear wer foar har sjocht. Ik sil der net yn 't festje bystean fansels lykas nou, mar plechtich yn 't swart mei de hege hoed op en myn wiif njonken my en de beide pakesizzers hielendal yn 't wyt foar my út mei in great bosk roazen. O frede, as wy 't allegear sa gau mar foarinoar krije.
(Der liedt in klok).
DE EARSTE:
Dat wie de Razende Roland.
DE TWADE:
Venetië - Stockholm alfûresawnentweintich.
DOMINE:
Alfûresawnentweintich! Wy ha krapoan twa ûre tiid om hjir aenst yn pontifikael to forskinen.
BOARGEMASTER:
It boerd mei ‘Wolkom Clara Zachanassian’ moatte Kühn en Hansen omheech hâlde. De oaren kinne moai hwat mei de huodden swaeije. Ien ding: as 't heal kin moat der net sa oatmoedich âlle wurde as forline jier doe mei de kommissaris, dat roaide nearne nei en wy ha oant hjoed de dei noch gjin sint subsydzje sjoen. Alle oerdwealskens is nammers krekt forkeard - it inerlike bilibjen komt it op oan, men moat by wize fan sprekken de siken suver ynhâlde nou't in bern, oan ierdryks einen forsille en fordreaun, einlings it paed nei eigen hoarnleger weromfynt - dat woe 'k mar sizze. Dat sadwaende: wês jimsels, gol en tagedien, mar pas op 'e slach, alles moat krekt sà forrinne en net oars. As it mingd koar útsongen is moat fuortdaliks it brânklokje bigjinne to lieden. En dan moat der binammen om tocht wurde...
(It heislik leven fan in trein makket syn wurden ûnforsteanber. Remmen piipje. Op alle gesichten sjocht men de greatste forbazing. De fiif boargers op 'e bank springe kjel oerein).
DE SKILDER:
De D-trein!
DE EARSTE:
Hâldt hjir!
DE TWADE:
Yn Güllen!
DE TREDDE:
Yn it earmste
DE FJIRDE:
luzichste
DE EARSTE:
jammerdearlikste gat oan de lijn Venetië - Stockholm!
STASIONSCHEF:
Hoe is 't mooglik, hoe is 't mooglik. ‘Heel het raderwerk staat stil’... De Razende Roland sjocht men yn 'e socht by Leuthenau justjes oankommen en dan sûzet | |
[pagina 198]
| |
er ek al wer fierder as in stipke - Pückenried foarby sjocht men al neat mear. Sa hat it tominsten altyd west.
(Fan rjochts komt Clara Zachanassian, read hier, 62 jier, string pearels om 'e hals, tige greate goudene earmbannen, healwiis opmakke mar it iene mei it oare dochs in dame fan 'e greate wrâld, mei seldsume graesje, hoe grotesk dan ek. Efter har it gefolch. Bobby, de butler, likernôch 80, mei in donkere bril, har sawnde man (great, slank, swarte snor) mei gâns fiskark. In haedkondukteur, tige breinroer, is der ek by).
HAEDKONDUKTEUR:
Ha jo oan de needrem lutsen, mefrou?
CLARA Z.:
Dêr ha 'k in hantsje fan, ja.
HAEDKONDUKTEUR:
Ik protestearje. En mei klam. De needrem komt men net oan, dat binne wy hjir sa wend, ek al is de need noch sa heech. De tsjinstregeling moat men op oan kinne, hwer bidarje wy oars? Soene jo my forklearje wolle hwerom't jo dat dien ha?
CLARA Z.:
Wy binne dochs echt wier to plak, Mobby. 't Is Güllen, krekt, it selde gat noch as altyd. Fierderop leit it Great Fjouwerkant, dêrefter 't Alddjip - kinst mar fiskje, forellen en snoeken en och heden, dêr stiet Piterboers âld moune ek noch altyd.
ILL
(as yn in dream):
Klary.
LEARAER:
Mefrou Zachanassian.
ALLEGEARRE:
Mefrou Zachanassian.
LEARAER:
En nou is 't mingd koar der noch net en it jeugdgroepke!
BOARGEMASTER:
En de gymnasten net en de brânspuit likemin.
DOMINE:
De koster!
BOARGEMASTER:
O frede, myn slipjas moat 'k ha, de hege swarte en myn beide pakesizzers!
DE EARSTE:
Dêr is Klary Wäscher! Dêr is Klary Wäscher!
(Hy fljocht oerein en draeft de stêd yn).
BOARGEMASTER
(ropt him nei):
Gean earst even by myn frou oan!
HAEDKONDUKTEUR:
Ik stean op in forklearring. Ik stean der op, amtlik. Ut namme fan 'e direksje.
CLARA Z.:
Jo moatte jo net sa tjirgje, man. Ik woe ris yn 't âld stedtsje sjen - oars neat. Hie ik dan soms ûnder 't riden wei der útspringe moatten?
HAEDKONDUKTEUR:
Dus jo ha de Razende Roland hâlde litten allinne omdat jo ris yn Güllen sjen woene?
CLARA Z.:
Jawis, hwat oars. | |
[pagina 199]
| |
HAEDKONDUKTEUR:
Mefrou, nou moatte jo dochs ris harkje. Stel dat jo wolle ris yn Güllen sjen, stel dat nou ris - dan ha jo yn Kalberstadt de trein fan tolfûrefjirtich ta jou foldwaen - jo likegoed as elkenien. Dan binne jo yn Güllen krekt om ienûretrettjin.
CLARA Z.:
Dat boemeltsje dat yn Loken, yn Brunnhübel, yn Beisenbach en Leuthenau hâldt? Dan soe men dus in healûre lang troch dizze oarde pûste en smûge moatte? Nou, jo hawwe it goed mei my foar!
HAEDKONDUKTEUR:
Dit komt jo jild to kostjen, mefrou.
CLARA Z.:
Jow him tûzen, Bobby.
ALLEGEARRE:
Tûzen.
(De butler jowt de haedkondukteur tûzen).
HAEDKONDUKTEUR
(forslein):
Mefrou...
CLARA Z.:
En noch trijetûzen foar it fûns foar kondukteurswiddouwen en -wezen.
ALLEGEARRE:
Trijetûzen.
(De butler jowt de haedkondukteur trijetûzen).
HAEDKONDUKTEUR
(fan 'e wize):
San fûns is der net, mefrou.
CLARA Z.:
Dat moat dan oprjochte wurde.
(De boargemaster lústert de haedkondukteur hwat yn it ear).
HAEDKONDUKTEUR:
Yn 't wolnimmen, binne jo mefrou Clara Zachanassian? O, pardon - nou wiist it al even oars. Wy hiene fansels wol yn Güllen hâlde wold as wy yn 'e fierste fierte ek mar tinke... dêr is it jild al werom, mefrou - fjouwertûzen - o frede...
ALLEGEARRE:
Fjouwertûzen.
CLARA Z.:
Sa'n bûssint soe 'k mar hâlde as ik jo wie.
ALLEGEARRE:
Mar hâlde...
HAEDKONDUKTEUR:
Soe mefrou it op priis stelle mefrou dat de Razende Roland salang geduld docht wylst jo Güllen bisjoen hawwe? De direksje soe dêr fansels mei alle wille oan foldwaen. It poartsje fan 'e great tsjerke moat tige de muoite wurdich wêze - gothysk, wurdt der sein. Mei it Lêste Oardiel.
CLARA Z.:
Ik soe nou mar avensaesje meitsje mei dy trein fan jo.
MAN VII
(jeuzeljend):
Mar de parse dan, Múske, de parse sit der noch yn! Dy forslachjowers sitte foaryn yn 'e restauraesje to dinearen en hawwe nearne gjin euvelmoed yn.
CLARA Z.:
Lit se mar stiltsjeswei fierder dineare, Mobby. Ik ha hjir yn Güllen tonearsten gjin forlet fan de parse en letter komme se fansels. | |
[pagina 200]
| |
(Yntusken hat de twade boarger de boargemaster de slipjas brocht. Boargemaster stapt nou plechtich op Clara Zachanassian ta. De skilder en de fjirde boarger op 'e bank hâlde it opskrift ‘Wolkom Clara Zachanassia’ omheech - de skilder wie noch net hielendal klear).
STASIONSCHEF:
't Is tiid!
HAEDKONDUKTEUR:
En soe mefrou der dan wol gjin ruchtberheit oan jaen wolle by de direksje? It wie in misforstân, mefrou, oars net as in lyts misforstân.
(De trein bigjint wer to riden. De haedkondukteur stapt yn).
BOARGEMASTER:
Mefrou Zachanassian! As boargemaster fan Güllen is it my in greate eare, it wolkom taroppe to meijen oan jo, ús heech foreare hege gast yn 'e stêd dêr't jo as bern boarte hawwe, dêr't jo...
(Troch it leven dat de trein makket wurde de wurden fan de boargemaster, dy't trochpraet, al gau ûnforsteanber).
CLARA Z.:
Tige tank, menhear de boargemaster, foar dy treflike wurden.
(Hja rint op Ill ta, dy't har hwat forlegen yn e mjitte komt).
ILL:
Klary.
CLARA Z.:
Alfred.
ILL:
Moai datst hjir wer kommen bist.
CLARA Z.:
Dat hat altyd myn doel west, al sûnt de deis dat ik út Güllen wei moast.
ILL
(ûnwis):
Dat wie leaf fan dy.
CLARA Z.:
En hastou ek noch wolris oan my tocht?
ILL:
O ja, fansels. Altyd. Mar dat kinst dy doch wol bigripe, Klary.
CLARA Z.:
Hwat wie it hearlik, al dy tiid dat wy byelkoar wiene.
ILL
(greatsk):
Nou, my tocht it.
(Tsjin learaer):
Sjogge jo nou wol master, ik kin mei har lêze en skriuwe.
CLARA Z.:
Neam my noch ris sast my doe altyd neamd hast.
ILL:
‘Lytse wyldepûst’.
CLARA Z.:
En hoe noch mear?
ILL:
‘Myn lytse gleone ychel’.
CLARA Z.:
En ik neamde dy ‘myn swarte panter’.
ILL:
Dat bin ik noch.
CLARA Z.:
Hoe komst derby. Mei sa'n grou liif en sa'n dranknoas.
ILL:
Mar dou bist deselde noch. In lyts gleon ycheltsje.
CLARA Z.:
Och hâld op. Ik bin ek âld en útweakke. Myn iene stronk ha 'k forspile. Pech mei de wein - sûnt reizgje ik allinne noch mar mei de trein. Sa'n prothese docht it oars | |
[pagina 201]
| |
pûrbêst, tinkt dy ek net?
(Hja tilt de rok op en lit har lofterskonk sjen).
Ik kin der alle kanten mei út.
ILL
(switfaget)
:
Ik hie 't der net oan sjoen, myn ycheltsje.
CLARA Z.:
Mei ik dy myn savende man foarstelle, Alfred? Libbet fan syn tabaksplantaezjes. Wy kinne skoan meiinoar.
ILL:
Yn 't wolnimmen.
CLARA Z.:
Soest net ris fûstkje, Mobby? Hy hjit eins Pedro, mar Mobby docht it aerdiger. It past ek better by Bobby, hwant sa hjit myn butler. Sa'nien hat men op it lêst foar it libben, dat dêr moat men dan mei de nammen foar de manlju mar hwat rekken mei hâlde.
CLARA Z.:
Sjocht er der net kreas út mei syn swarte snor? Nou moatst ris djip neitinke, Mobby.
(Man VII tinkt nei).
CLARA Z.:
Djipper.
(Man VII tinkt djipper nei).
CLARA Z.:
Noch djipper.
MAN VII:
Djipper kin ik net neitinke, Múske, wier net.
CLARA Z.:
O heden, dat kinst bêst! Ast it mar bisikest.
(Man VII tinkt noch djipper nei. Der liedt in klok).
CLARA Z.:
Sjochst nou wol, kinst it skoan. Tinkt dy net, Alfred, dat er der sa suver demonysk útsjocht? Krekt in Braziliaen. Mar dat is er net. Hy is gryksk-orthodox. Syn heit wie in Rus. In Pope hat ús noch troud - o sa nijsgjirrich. En nou wol ik ris in slach troch de stêd. (Troch har lorgnon, mei diamant ôfset, bisjocht hja it gebouke rjochts).
CLARA Z.:
Dizze utiliteitsbou hat ús heit hjir noch set, Mobby. In kant stik wurk, sober mar hecht. As bern ha 'k wol hiele skoften op 't dak sitten en dan nei ûnderen spuije fansels. Mar allinne op 'e manlju.
(Op 'e eftergroun forskine it mingd koar en de jeugdgroep. De learaer, mei de hege hoed, komt nei foaren).
LEARAER:
Mefrou, yn 't wolnimmen - as rektor fan it Güllener gymnasium en as tsjinder fan de eale faem Cecilia mei it my tastien wêze, jo to ûntheljen op in sljochtsimpel folkslietsje dat nou aenstdaliks útfierd wurdt troch it mingd koer en de jeugdôfdieling.
CLARA Z.:
Set 'm op master, mei dat sljochtsimpele folkslietsje.
(De learaer hellet in stimfoarke foar 't ljocht, jowt de toan oan, it mingd koar en de jeugdgroep bigjinne plechtich to sjongen, mar op itselde stuit komt der wer in trein, nou fan lofts. De chef saluearret. It koar moat it opnimme tsjin it leven fan 'e trein, de learaer is der glêd mei oan, mar einlings is de trein foarby).
| |
[pagina 202]
| |
BOARGEMASTER:
It brânklokje, nou hie it brânklokje der dochs wêze moatten!
CLARA Z.:
Dat ha jim treflik songen, minsken. Binammen dy baes bas, dêr rjochts efter mei dat ljochte hier en dy grouwe adamsappel wie útsûnderlik bêst.
(In plysjeman komt út 'e groep wei en nimt foar mefrou Z. de hâldng oan).
PLYSJE:
Brigadier Hahncke, mefrou. Jo hawwe 't mar foar 't sizzen, mefrou.
CLARA Z.
(munsterjend):
Hahncke. Ik soe net witte hwa't ik hjir oppakke litte moast. Mar foar 't neist ha se forlet fan jo hjir yn Güllen. Jo knipe, as it sa útkomt, wolris in eachje ticht?
PLYSJE:
Dat grif wol, mefrou. Dat soe hjir yn Güllen al net bêst oars kinne.
CLARA Z.:
'k Soe beide eagen mar stiif ticht knipe as ik jo wie.
(De plysjeman sjocht foraltereard).
ILL
(laket):
Dat is echt Klary, hear! In lytse wyldepûst noch altyd, op en út!
(De boargemaster set de hege hoed fan de learaer op en stelt syn beide pakesizzers foar, twillinkjes).
BOARGEMASTER:
Dat binne myn pakesizzers, mefrou. Herman en Adolf. Allinne de frou is der noch net.
(Hy switfaget. De jonkjes biede roazen oan).
CLARA Z.:
Nou, dy beide bûkemantsjes meije der wêze, boargemaster. Hjirsa!
(Hja jowt de roazen oan 'e stasionschef. Boargemaster jowt dominé tomûk de hege hoed).
BOARGEMASTER:
Dit is dominé, mefrou.
CLARA Z.:
De pastor, hie 'k tocht. Binne jo wend om stjerrenden to treasten?
DOMINE:
Ik bisykje 't wol, ja.
CLARA Z.:
Ek oan dyselden dy't de deastraf stjerre moatte?
DOMINE:
De deastraf is ôfskaft yn ús lân, mefrou.
CLARA Z.:
Hwawit kin er fannijs ynfierd wurde.
(Dominé, frijhwat fan 'e wize, jowt de hege hoed wer oan de boargemaster).
ILL
(laket):
Dou lytse ychel! Sitst noch altyd stiiffol grapkes, soe 'k sa sizze.
CLARA Z.:
En nou wol ik de stêd yn.
(Boargemaster biedt har syn earm om).
CLARA Z.:
Hoe sille wy nou, boargemaster? Ik kin mei myn prothese net sa'n lange kuijer meitsje!
BOARGEMASTER
(kjel):
Komt klear! Komt daliks klear! De dokter hjir hat wol in auto. In Mercedes út it jier '32. | |
[pagina 203]
| |
PLYSJE
(klapt de hakken tsjinelkoar):
Der wurd mei red, menhear de boargemaster. Ik sil de wein hjir sûnder kantroeren foarride.
CLARA Z.:
't Hoecht net. Sûnt ik dat ûngemak hawn ha brûk ik myn soeije. Robby en Tobby, kom harren!
(Fan lofts komme twa munsters fan keardels, drok kôgjend, mei in draechstoel. Ien fan harren hat in gitaer op 'e rêch).
CLARA Z.:
Twa gangsters út Manhattan - se moasten yn 'e Sing-Sing op 'e elektryske stoel. Ik ha foar harren yn 'e pleit west, doe ha se graesje krige as se libbenslang myn soeije drage woene. Hat my in miljoen dollar de man koste ear't ik it safier hie. Dy soeije komt noch út it Louvre, ha 'k krige fan de presidint fan Frankryk. In alleraerdichste man, hat krekt sa'n noas as yn 'e kranten. Draech my de stêd yn, Robby en Tobby.
BEIDE:
Yes, Mam.
CLARA Z.:
Mar earst lykwols nei âld Piterboersmoune en dan nei it Great Fjouwerkant. Ik woe mei Alfred ús âlde frijersplakjes noch ris bylâns. De bagaezje en de lykkiste kinne faeks wol by de Goudene Apostel to plak brocht wurde.
BOARGEMASTER
(kjel):
De lykkiste?
CLARA Z.:
Ja, dy ha 'k ek mar meinommen - der koe ris forlet fan wêze, wier? Fuort mar, Robby en Tobby.
(De gangsters drage C.Z. de stêd yn. De boargemaster jowt in teken, it folk ropt hoera, mar swijt ynienen as twa feinten in greate, swarte lykkiste oantôgje. Op dat stuit bigjint it brânklokje to lieden).
BOARGEMASTER:
Einlings, hear, dêr is it brânklokje!
(It folk rint ei ter de lykkiste oan. It personeel fan C.Z. tôget hieltyd mear bagaezje oan, de Gülleners helpe. De plysje regelel it forkear, wol efter mefrou Z. oan, as der fan rjochts noch twa lytse dûbele bline mantsjes oanrinnen komme, dy't elkoar by de hân hâlde. Hja binne tige eptich yn 'e klean).
BLINEN:
It rûkt hjir nei Güllen, it rûkt hjir nei Güllen.
PLYSJE:
Hwa binne jim?
BLINEN:
Wy hearre by 't âld minske, wy hearre by 't âld minske. Hja neamt ús Kobby en Lobby.
PLYSJE:
Mefrou Zachanassian útfanhûzet yn 'e Goudene Apostel.
BLINEN
(fleurich):
Wy binne blyn, wy binne blyn.
PLYSJE:
Soa, blyn? Dan is 't de baes dat ik jimme mar even to plak bring.
BLINEN:
Tanke wol, menhear de plysje, tige tige tank. | |
[pagina 204]
| |
PLYSJE:
En jim binne blyn - hoe witte jim dan dat jim in plysje foar ha?
BLINEN:
Oan 't lûd, oan 't lûd - alle plysjes hawwe 't selde lûd.
PLYSJE
(hat it der net op stean):
Jim hawwe nochal ris in plysjeman foar de fuotten roun liket my ta, lytse dûbele mantsjes.
BLINEN
(forheard):
Màntsjes seit er, hy sjocht ús foar mantsjes oan.
PLYSJE:
Wel forduld, hwat binne jim dan oars?
BLINEN:
Jo fornimme 't fansels, jo fornimme 't fansels.
PLYSJE:
Nou, jim ha tominsten in fleurich sin.
BLINEN:
Krije skinke en karbonade. Alle dagen, alle dagen.
PLYSJE:
Ja, dêr soe men ek weelderich fan wurde. Nou hawar, krij my mar by de earm. Bizige humor hâlde dy bûtenlanners der op nei.
(Hy rint mei de beide blinen de stêd yn).
BLINEN:
Nei Bobby en Mobby, nei Robby en Tobby.
By iepen doek foroaret it toaniel. De façade fan it stasion en fan ‘it’ gebouke geane de hichte yn. Fan boppen wurdt it ynterieur fan de ‘Goudene Apostel’ dellitten - men soe ek folstean kinne mei it úthingboerd, in forguldene earweardige apostel, in embleem dat yn 'e midden hingjen bliuwt. Forgiene gloarje: alles is forsutere, omkommen, forrinneweard, stikken, goor en skier. It rint hieltyd oan mei personeel ensfh. dat koffers oantôget, nei't hja earst in greate kouwe to plak brocht ha. Boargemaster en learaer sitte rjochts op 'e foargroun efter de buorrel.
BOARGEMASTER:
Koffers, koffers en gjin ein, se rikke oan 'e souder ta. En niiskrekt ha se hjir yn in kouwe in panter hinne tôge, in wyld swart ûndier.
LEARAER:
De lykkiste moast fan mefrou yn in keamer apart. 't Is al seldsum.
BOARGEMASTER:
Sokke forneamde dames út 'e heechste he gerein hawwe nou ienris har eigenaerdichheden.
LEARAER:
Se koe hjir wol in skoftsje bliuwe wolle.
BOARGEMASTER:
Namsto better. Ill kin mei har lêze en skriuwe. Wyldepûst, lytse gleone ychel neamt er har. Doch der ris tinken om: hy ûntfytmannet har gau in pear miljoen. Op jou sounens, master en op de sanearing fan de Bierbeambrouwerij troch Clara Zachanassian.
LEARAER:
En fan de Voltawurken.
BOARGEMASTER:
En Lyts Helvetia, ús rekréaesjesintrum net to forjitten. As dat wer ta ûntjowing komt dan komt alles ta ûntjowing: de gemeente, it gymnasium, de algemiene woltier.
(Hja klinke).
| |
[pagina 205]
| |
LEARAER:
Sûnt mear as tweintich jier sjoch ik de Latynske en Grykske thema's nei fan de skoalbern hjir yn Güllen, mar hwat de sizwize yn ús eigen sprake: ‘de grize rint my oer de grouwe’ bitsjut wit ik noch mar sûnt in ûre. Grouwélich wie 't sa't hja út dy trein kaem, dat âld minske hielendal yn 't swart. Se hie neffens my wol hwat fan in Parce, in goadinne fan 't needlot dêr't de Griken fan skriuwe. Klotho soe se hjitte moatte en gjin Klara - sa'n ien dy't de libbenstriedden twynt...
(De plysjeman komt yn, hinget syn helm oan 'e kapstok).
BOARGEMASTER:
Kom hjir mar hwat by ús sitten, soe 'k sizze, brigadier.
(De plysjeman komt by harren to sitten).
PLYSJE:
It is al in lot, altyd yn sa'n gat. Hawar, wy geane nou de opgeande tiid tomjitte. Ik wie niis mei mefrou de miljardairs en Ill de winkelman yn Piterboersmoune. Men waerd der oars fan, se wjene beide sa dimmen as sieten se yn tsjerke. 'k Siet mysels der suver yn 'e wei. Doe't se nei út Great Fjouwerkant gongen, ha 'k my dan ek mar ôfjown. 't Wie sprekend in bigraffenis. De draechstoel, dy soeije foarop, Ill der njonken en der efteroan de butler en dan de sawnde man mei de snoekangel.
LEARAER:
Manlju, dêr kin se hwat mei. Laïs gelyk!
PLYSJE:
En dan ek noch dy beide lytse dûbele mantsjes. De duvel mei witte hwat dat ynhat.
LEARAER:
In ôfgriis is 't - sa út 'e klassike ûngroun.
BOARGEMASTER:
Hwat yn 'e goede sykje hja dochs yn 't Great Fjouwerkant?
PLYSJE:
Itselde as yn Piterboersmoune, boargemaster. Se geane by de plakjes del dêr't eartiids nei't der sein wurdt harren hertstocht sa fel oplôge.
LEARAER:
Yn ljochte lôge! Dat bringt my dan eerder Shakespeare yn 't sin. Romeo en Julia! Bêste freonen, ik wurd hjir oars fan. Foar de earste keer hjir yn Güllen fiel ik sokssahwat as klassike skientme.
BOARGEMASTER:
Ik soe sizze, wy moatte nou alderearst ris klinke op dy bêste Ill. De man skript him út 'e naden dat wy it hjir meielkoar mar hwat better krije sille. Bêste freonen, op de populairste boarger fan dizze stêd, op myn opfolger!
(De hotelapostel swevet wer nei boppen ta. Fan lofts komme de fjouwer boargers mei in sljochtwei houten bank dy't hja lofts delsette. De earste giet op 'e bank stean mei in great buordpapieren hert mei de letters A K om 'e hals. De oaren
| |
[pagina 206]
| |
geane der yn in heale sirkel omhinne stean, de earmen útelkoar, hja tsjutte beammen oan).
DE EARSTE:
Wy binn' spirren, boeken, bjirken.
DE TWADE:
Wy binn' mânske ikebeammen.
DE TREDDE:
Mos en rintfear, bêd fan bjinten.
DE FJIRDE:
Underwâl, strewelleguod.
DE EARSTE:
Blauwe wolken, fûgelklanken.
DE TWADE:
Smûk en skaedzjend beamtegrien.
DE TREDDE:
Fokseprinten, wylde knyntsjes.
DE FJIRDE:
Rûzjend beamte, âlde dreamen.
(Ut 'e eftergroun komme de beide kôgjende munsters, de soeije mei mefrou C.Z. dragend, njonken har rint Ill. Dêrefter man VII en hielendal efteroan de butler mei de beide blinen oan 'e hân).
CLARA Z.:
Hjir ha wy it Great Fjouwerkant; Robby en Tobby - delsette!
BLINEN:
Delsette Robby en Tobby, delsette Robby en Tobby.
(Clara Zachanassian stapt út 'e draechstoel, sjocht om har hinne).
CLARA Z.:
It hert mei dyn namme en mines, Alfred. Hielendal forblikt en útelkoarrutsen. De beam is groeid, de stamme en de tûken binne útweakke, lykas dou en ik.
(Clara Zachanassian giet nei de oare baammen ta).
CLARA Z.:
Jawis, sa hearre sokke beammen hjir to wêzen. Hwat is 't al lang lyn dat ik hjir as bern troch de boskjes strúnde, en oer it rintfear sprong. Gean jim nou mar hwat efter dy beamwâl to kuijerjen mei jim soeije, smoarge gommeallers, ik wol jim holwurk ek wol ris even net sjen. Toegau, Mobby, moatst dat mar út nei 't Djip, efter de snoekfes oan.
(De beide munsters mei de soeije ôf. Man VII nei rjochts. C.Z. giet op 'e bank sitten).
CLARA Z.:
Moatst sjen, in wylde knyn.
(De tredde boarger naeit út).
ILL:
Forbeane tiid.
(Hy giet njonken har sitten).
CLARA Z.:
Hjir op dizze selde balstien sieten wy doe ek, mear as fiifenfjirtich jier lyn. Wy tuten elkoar en dan kroepen wy elkoar oan hjirsa yn 't strewel, ûnder deselde âld boek, tusken de bjinten heal yn 'e ûnderwâl. Ik wie doe sawntjin en dou moast noch tweintich wurde. Doe hart Mathilde Blumhard troud mei har lyts winkeltsje en ik de âlde Zachanassian mei syn miljarden út Armenië. Yn Hamburch hat er my út 'e goate fiske. Myn lang read hier die 't him sei er, dy âlde grouwe jildkrobbe. | |
[pagina 207]
| |
ILL:
Klary!
CLARA Z.:
Graech in Henry Clay, Bobby.
BLINEN:
In Henry Clay, in Henry Clay.
(De butler komt, presentearret in sigaer en jowt fjûr).
CLARA Z.:
Ik bin sljocht op sigaren. Eins moast ik dy fan myn man ek ris keure, mar dêr ha 'k it net op stean.
ILL:
Foar dyn goederbést bin ik destiids mei Mathilde Blumhard troud.
CLARA Z.:
Sy hie ek hwat jild.
ILL:
Dou wiest jong en moai, dou kiest de takomst noch foar dy. Ik woe datstou lokkick wurde soest. Dêrom moast ik doe wol tsjin mysels stean.
CLARA Z.:
Dy takomst is der dan nou.
ILL:
Ast hjir hingjen bleaun wiest, kiest ek oan reapsein west krekt as ik nou.
CLARA Z.:
Bistou oan reapsein?
ILL:
In faillyt winkelmantsje yn in faillyt stedtsje.
CLARA Z.:
Mar nou ha ìk jild.
ILL:
Ik ha libbe yn in hel sûnt datst by my weigien bist.
CLARA Z.:
En ik bin sels ta in hel woarn.
ILL:
Altyd en ivich ha 'k spul mei de húshâlding dy't de hiele dei oer de earmoede krimmenearret.
CLARA Z.:
Dy lytse Mathilde hat dy dus net lokkick makke?
ILL:
Aston mar lokkick bist, dêr komt it op oan.
CLARA Z.:
En dyn bern?
ILL:
Idéalen witte se net hwat is.
CLARA Z.:
Dêr sille se mei koarten wol each foar krije.
(Hy swijt. Beide stoarje hja op it gea fan harren jonkheit).
ILL:
Al bigreatlik eins, sa't ik der hinne libje. Ik ha hjir altyd mar yn dit gat omhongen. Ien kear in reiske nei Berlyn en ienkear nei Tessin, dat is alles.
CLARA Z.:
Hwat foar nut hat it ek. Ik ha de wrâld kennen leard.
ILL:
Ja, omdatst mar reizgje koest hwerst woest.
CLARA Z.:
Omdat de wrâld mines is.
(Hy swijt en hja smookt).
ILL:
Mar nou sil alles oars wurde.
CLARA Z.:
Wis, hwat oars.
ILL
(longerjend):
Dou silst ús dochs helpe?
CLARA Z.:
It plak dêr't ik opgroeid bin sil ik net ôffalle.
ILL:
Wy ha miljoenen nedich.
CLARA Z.:
As 't oars net is.
ILL
(oerémus):
O dou lytse wyldepûst!
(Hy slacht har, fan tagedienens, op har lofterknibbel en lûkt syn hân pynlik tobek).
| |
[pagina 208]
| |
CLARA Z.:
Ja, dat jokket net, hen? Sloechst krekt op in knier fan myn prothese.
(De earste boarger hellet in âlde tabakspiip út 'e broeksbûse, slacht mei in kaei op 'e piip).
CLARA Z.:
In houtaksten.
ILL:
't Is krektlyk as doe't wy jong wiens en dryst, as wy de bosk ynsetten, de dagen fan ús leafde. De sinne heech boppe de beammen, in gleone skiif. Fierwei de wolkens en de rop fan 'e koekoek hjir of dêr djip yn 'e beamwâl.
DE FJIRDE:
Koekoek! Koekoek!
(Ill bifielt de earste boarger).
ILL:
Sa koel fielt dat hout oan en moatst de twirren rûzjen hearre, krekt as stiest oan 't strân. Krektlyk as doe, allegear krektlyk as doe.
ILL:
O, wie de tiid mar stilstean bleaun, myn lytse ychel. Hie it libben ús mar net sa wreed útelkoar dreaun.
CLARA Z.:
Mar dat hast sels dochs wold?
ILL:
Dit woe 'k, allinne ditte. Ik hâld dochs fan dy!
(Hy pattet har rjochterhân).
ILL:
Noch dyselde koele blanke hân.
CLARA Z.:
Bist mis mei. Ek in prothese: in biennen'en.
(Ill lit kjel har hân los).
ILL:
Mar Klary, bistou dan klearebare prothese?
CLARA Z.:
Sa genoechsum. Ha 'k skipe by in ûngemak boppe 't fleanfjild fan Afganistan. 'k Wie de iennichste dy't der libben foarwei komd is - de bemanning wie ek dea. Ik bin sa hurd as hoarn.
BLINEN:
Sa hurd as hoarn, sa hurd as hoarn.
Blaesmuzyk wjerklinkt, feestlik en plechtich tagelyk. De hotel-apostel komt wen del. De Gülleners komme mei taffeltsjes oantôgjen, sútrige kleedtsjes deroer. Itensreau, een tafel yn 'e midden, ien lofts en ien rjochts. Der komme noch mear Gülleners, ien fan harren yn gymnastykpakje. Boargemaster, learaer en plysjeman komme ek, de Gülleners hantsjeklappe. De boargemaster rint nei de bank dêr't Clara Zachanassian en Ill op sitte; de beammen binne wen boargers woarn en nei de eftergroun gien.
BOARGEMASTER:
Al dat lûde hantsjeklappen is fansels foar jo ornearre, mefrou.
CLARA Z.:
Né, foar de stedsfanfare, boargemaster. Nou, ik moat sizze, de mannen blaze dat it sta seit en niis dy pyramide fan 'e gymnastykforiening wie al sa'n wûnder. Ik bin sljucht op manlju yn 't himd en koarte broekjes. Se sjogge der sa natuerlik út. | |
[pagina 209]
| |
BOARGEMASTER:
Mei ik jo oan tafel noegje?
(Hy fiert Clara Zachanassian nei de tafel yn 'e midden en stelt har syn frou foar).
BOARGEMASTER:
Mei ik jo foarstelle: myn frou.
(Clara Zachanassian bisjocht har troch it lorgnon).
CLARA Z.:
Och heden, Antsje-mei-it-hier-op-souder; de bêste fan 'e klasse.
(Nou stelt de boargemaster in oare frou foar, krektlyk as sines sa meager as in roek en forbittere).
BOARGEMASTER:
Mefrou Ill.
CLARA Z.:
Lytse Mathilde Blumhard. 'k Wit noch skoan hoestou efter de winkelsdoar nei Alfred stiest to longerjen. Och hartsje, hwat bist skrael en bleek wurden.
(Fan rjochts komt de dokter op, ek al sútrich yn 't habyt).
DOKTER:
Ik koe hjir noch krekt op tiid hinne stome mei d' âld Mercedes.
BOARGEMASTER:
En dit is dokter Nüslin.
(Clara Zachanassian bisjocht de dokter troch it lorgnon. Hy pattet har de hân).
CLARA Z.:
Dat is nijsgjirrich! Meitsje jo bygelyks ek sa'n akte op as der ien dea giet?
DOKTER
(kjel):
In akte, hoe woene jo sizze?
CLARA Z.:
Nou ja, as der ien dea giet.
DOKTER:
Jawis mefrou, fansels, dat is myn plicht. De oerheit hat dat oan ús as medici opdroegen.
CLARA Z.:
Jo moatte om in aerdichheit ris om 'e bloeddruk tinke moarn en oaremoarn...
ILL
(laket):
Kostlik, yn ien wurd kostlik!
(Clara Zachanassian sjocht nei de gymnast).
CLARA Z.:
Noch ris yn 'e bocht as jo wolle.
(De gymnast bûcht de knibbels en swaeit mei de earms).
CLARA Z.:
Prachtich is 't, sokke spieren. Ha jo alris ien smoard mei dy machtige knûsten?
TURNER:
Smoard?
CLARA Z.:
Swaei nou noch ienkear de earms efterút menhear de gymnast en soene jo dan stadich yn 'e hoksen sakje wolle?
ILL
(laket):
Dy humor fan Klary is goud wurdich, sjedêr. Men soe jin dealaitsje om har snedige setten!
(De dokter is noch altyd hwat fan 'e wize).
DOKTER:
'k Wit n't. By sokke grapkes rint my de grize oer de grouwe.
ILL
(lústeret):
Miljoenen hat se der foaroer.
BOARGEMASTER:
Miljoenen? | |
[pagina 210]
| |
ILL:
Miljoenen, ja.
DOKTER:
De diker.
CLARA Z.:
Nou ha 'k wol sin oan hwat, boargemaster.
BOARGEMASTER:
It wachtsjen is allinne noch op jou man, mefrou.
CLARA Z.:
O, mar dêr hoege jo net op to wachtsjen. Hy is to fiskjen en ik lit my ek fan him skiede.
BOARGEMASTER:
Skiede, seine jo?
CLARA Z.:
Ja, 't sil Mobby ek wol nij dwaen. 'k Trou nou mei in forneamde Dútske filmstjer.
BOARGEMASTER:
Mar jo seinen dochs, jo wiene lokkich troud?
CLARA Z.:
Jawis, hwat oars, al myn houliken binne lokkich. Mar myn famme-idéael hat west, nochris de breid to wêzen yn 'e great tsjerke fan Güllen. Famme-idéalen moatte as 't heal kin útkomme. 't Sil in hiele plechtichheit wurde.
Allegearre geane hja sitten, Clara Zachanassian tusken boargemaster en Ill. Njonken Ill sit syn frou en njonken de boargemaster syn oarehelte. Rjochts efter in oare tafel de learaer, de dominé en de plysjeman; rjochts de fjouwer boargers. Oare gasten sitte op 'e eftergroun dêr't in spandoek hinget mei: ‘Wolkom oan ús Klary’. De boargemaster giet oerein, tige fleurich, it servet al om 'e hals, en tikket tsjin syn glês.
BOARGEMASTER:
Heechforeare gast, achte oanwêzigen. It is nou, mefrou, al wer fiifenfjirtich jier lyn dat jo ús stedtsje forlitten habbe dat, stifte troch haedling Halbo de Koarte, dêr sa froed en freedsum hinne drôget tusken it Great Fjouwerkant en de delling fan Pückenried. Fiifenfjirtich jier, mear as fjouwer decennia - dat is gâns in skoft tiid. Der is yn dy snuorje hiel hwat bard, mar o, dat barren wie faek sa bitter. Drôf is 't de wrâld forgien en ús binammen net minder. Dat skuort net út, mefrou dat wy jo - ‘ús Klary’ - nea forgetten binne. Jo, noch jou folk. Jou mem, in frommis as in lôge as ik it sa ris sizze mei
(Ill lústeret him hwat yn 't ear),
spitigernôch al to ier troch de tarring tognjidde. Jou heit, in echte folksman yn de wierhaftige bitsjutting fan dat wurd en boppe al in fakman op en út, dy't by 't stasion in drok bisocht
(Ill lústeret him hwat yn 't ear)
en troch elkenien achtslein gebou skepen hat dêr't experts en leken beide like wils mei binne... Heit en mem, beide libje hja noch yn ús tinzen, sljocht en rjocht as hja wiene. En dan josels, mefrou - as in ljochte, as in goudene wyldsang ha jo hjir djoeid yn 'e strjitsjes dy't der nou spitigernôch sa jammerdearlik hinne lizze. Elkenien koe jo, jo koene elkenien. Doedestiids al kaem elkenien ûnder de
| |
[pagina 211]
| |
tsjoen fan jins persoanlikheit en elkenien wist: hja sil, ienkear ta ûntjowing kommen, kliuwe ta de heechste hichten dy't foar ús minsken weilein binne.
(Hy hellet syn notysjeboekje út 'e bûse).
Unforjitlik ha jo foar ús west. Yndied, ûnforjitlik. It ûnderwizend personeel hâldt jo noch altyd de skoalgeande jeugd as foarbyld foar - gjin niget hwant yn dat alderwichtichste fak: plant- en dierkunde, wiene jo it dy't fierwei boppe de oaren útstieken. Hoe soe 't ek oars kinne, jo mei jou gefoel, jou ynlik meilibjen mei alles hwat groeit en bloeit, hwat libbet en stribbet en hwat stipe brek is. Der gie net om 'e nocht in swiden rop fan jou gerjochtichheitsleafde en jou driuw, de minsken goed to dwaen, harren to stibelearjen dy't dêr it measte forlet fan hiene.
(Gâns byfal).
Wie it, sa mei ik freegje, wie it ús Klary net dy't in âlde widdou skewielde doe't se foar de sûr fortsjinne bûssinten jirpels kocht en sa 't âld minke foar de grousume hongerden biwarre?
(Gâns byfal). Heechforeare gast, achte oanwêzigen - dy lytse teare sprútsjes fan doe hawwe har set ta in ripe, swide risping. Ut dy wyldsang is in dame woeksen dy't is hjoeddeistige wrâld mei har woldieden hoedet en noedet. Ik tink hjir oan har maetskiplik-sosiael wurk, oan har rêstoarden foar ôfmêdde memmen, har stipe foar kreauwende kunstners en lytse poppen sûnder ûnderdak - en sa soe ik troch gean kinne. Mar ik wol nou einigje mei trijeris in wolkom, trijeris in hoera foar har dy't einlings 't paed nei 't âldershus werom foun: Eala, Clara Zachanassian - hyp, hyp, hyp...
(Byfal).
(Clara Zachanassian giet oerein).
CLARA Z.:
Boargemaster, bêste Gülleners. Ut alles docht bliken dat jim hjoed bliid binne, net om jinsels, mar om my en dat docht my goed. Ik wie as bern al efkes oars as de boargemaster it my niis yn syn rede fordútse woe. Op skoalle ha 'k frijhwat terwinkels om 'e earen hawn en de jirpels foar dy earme widdou hie 'k stellen, yn 'e mande mei Ill, net om dy âld rakkert to biwarjen foar de hongerdei mar om mei Ill ek ris ienkear op in bêd to lizzen, hwant dat wie sa noflik wol as altyd yn 'e ûnderwal of yn Piterboersmoune. Sa net, om dochs myn bydrage to leverjen ta it feest fan hjoed wol ik graech forklearje dat ik ré bin, oan Güllen in miljard ta to meitsjen. Fiifhundert miljoen foar de stêd en fiifhûndert miljoen foar alle húshâldings meielkoar, en dan earlik parte fansels.
(It is deastil).
| |
[pagina 212]
| |
BOARGEMASTER
(stammeret):
In miljard.
(It omsittend laech is noch forslein).
CLARA Z.:
Op ien bitingst.
(Nou wurdt it folk oerémus. Hja dounsje, geane op 'e stuollen stean, de gymnast bigjint to gymnastykjen ensfh. Ill slacht him sels útlitten op 't boarst).
ILL:
Dy Klary! Dit is enoarm, ûntsachlik, troch alles hinne, hjir is de ein fan wei! Ja, dat is myn lytse wyldepûst hear, op en ût!
(Hy pattet har).
BOARGEMASTER:
Op ien bitingst, seit mefrou. Soe ik witte meije, hwat foar bitingst?
CLARA Z.:
Ik sil dat bitingst neame. Ik skipk jimme in miljard en keapje my dêrfoar de gerjochtichheit.
(It wurdt deastil).
BOARGEMASTER:
Hoe moatte wy dat bigripe, mefrou?
CLARA Z.:
Sa't ik it sei.
BOARGEMASTER:
Mar de gerjochtichheit kin men dochs net keapje!
CLARA Z.:
Alles kin men keapje.
BOARGEMASTER:
't Is my noch altyd net dúdlik.
CLARA Z.:
Kom harren, Bobby.
(De butler komt fan rjochts nei de midden tusken de trije tafels, set de donkere bril ôf).
BUTLER:
Ik wit net oft ien fan jimme my noch wol wèr ken.
LEARAER:
Hofer, de presidint fan de rjochtbank.
BUTLER:
Just krekt. Hofer, de presidint fan de rjochtbank. Fiifenfjirtich jier lyn wie 'k dat hjir yn Güllen en doe bin 'k lid fan 'e Hege Rie yn 'e haedstêd wurden oant nou fiifentweintich jier lyn mefrou Zachanassian my oanbea, ik koe by har as butler yn tsjinst komme. Dat ha 'k doe oannommen. Foar immen mei in akademyske foarming is 't faeks hwat in nuverfrjemde carrière, mar it honorarium dat my bean waerd wie sadanich...
CLARA Z.:
Ta de saek, Bobby.
BUTLER:
Lykas jim heard hawwe kinne, mefrou Clara Zachanassian biedt in miljard en dêrfoar easket hja gerjochtichheit. Mei oare wurden sein: mefrou Clara Zachanassian hat der in miljard foar oer as jimme it ûnrjocht wer goed meitsje dat mefrou Zachanassian ienris yn Güllen oandien is. Menhear Ill, mei ik jo forsykje?
(Ill komt oerein, lûkt wyt wei, kjel en tagelyk nijsgjirrich).
ILL:
Hwat moatte jo mei my?
BUTLER:
Graech hwat net foaren komme, menhear Ill.
ILL:
Sa't jo wolle.
(Hy giet net de tafel rjochts. Laket bleu,
| |
[pagina 213]
| |
lûkt oan 'e skouders).
BUTLER:
It wie yn it jier 1910. Ik wie presidint fan 'e rjochtbank hjir yn Güllen en krige in klacht yn bihanneling tsjin de heit fan in oerwoun bern. Clara Zachanassian, doedestiids noch Klary Wäscher, forklage jo, menhear Ill, as de heit fan it bern dat hja ûnder 't hert droech.
(Ill swijt).
BUTLER:
Jo woene dêr doedestiids yn 'e fierste fierte net fan witte, menhear Ill. Jo hiene twa tsjûgen à décharge by jo.
ILL:
Mar dat is ommers foarby en forgetten. Ik wie doe noch bluisterich en jong.
CLARA Z.:
Kom harren mei Kobby en Lobby, Tobby en Robby.
(De beide munsters komme mei de beide bline mantsjes dy't wakker fleurich binne).
BLINEN:
Nou binn' wy to plak, nou binn' wy to plak!
BUTLER:
Kenne jo dy beide noch, menhear Ill?
(Ill swijt).
BLINEN:
Wy binne Kobby en Lobby, wy binne Kobby en Lobby.
ILL:
Ik soe 't sa net witte.
BLINEN:
Wy binne gâns foroare, wy binne gâns foroare.
BUTLER:
Jim namme neame!
EARSTE:
Jakob Hühnlein, Jakob Hühnlein.
TWADE:
Ludwig Sparr, Ludwig Sparr.
BUTLER:
Nou menhear Ill?
ILL:
Ik wit neat fan harren.
BUTLER:
Jakob Hühnlein en Ludwig Sparr, kenne jim menhear Ill?
BLINEN:
Wy binne blyn, wy binne blyn.
BUTLER:
Kenne jim him oan syn lûd?
BLINEN:
Oan syn lûd ja, oan syn lûd.
BUTLER:
Yn 1910 wie ik de rjochter en jimme wiene de tsjûgen. Hwat ha jim doe sward, Ludwig Sparr en Jakob Hühnlein, foar de rjochtbank yn Güllen?
BLINEN:
Wy hienen mei Klary op bêd west, wy hienen mei Klary op bêd west.
BUTLER:
Just krekt, dat ha jim sward. Foar it rjocht, foar God. Wie dat de wierheit?
BLINEN:
Wy hawwe falsk sward, wy hawwe falsk sward.
BUTLER:
Hwerom, Ludwig Sparr en Jakob Hühnlein?
BLINEN:
Ill hie ús omkocht, Ill hie ús omkocht.
BUTLER:
Hwermei dat?
BLINEN:
Mei in flesse âlde kleare, mei in flesse âlde kleare.
CLARA Z.:
En fortel nou ris, hwat ik mei jimme dien ha, Kobby en Lobby. | |
[pagina 214]
| |
BUTLER:
Ja, Portel op.
BLINEN:
Mefrou liet ús sykje, mefrou liet ús sykje.
BUTLER:
Sa is 't. Clara Zachanassian liet jimme sykje, de hiele wrâld troch. Jakob Hühnlein wie nei Kanada útnaeid en Ludwig Sparr nei Australië. Mar se hat jim wol krige. En hwat hat se doe mei jimme dien?
BLINEN:
Hja joech ús oan Tobby en Robby. Hja joech ús oan Tobby en Robby.
BUTLER:
En hwat ha Tobby en Robby mei jim úthelle?
BLINEN:
De eagen útstutsen en kastreard, de eagen útstutsen en kastreard.
BUTLER:
Dat wie it forhael dan: in rjochter, in fortochte, twa falske tsjûgen, in ûnrjochtfeardich oardiel yn it jier 1910. Sa wie it dochs, easkeresse.
(Clara Zachanassian komt oerein).
CLARA Z.:
Sa is it, ja.
ILL
(stampt op 'e flier):
Forjierre, al lang forjierre! Healwize oanslaggen fan in jongfeint - hwa hat net ris in wyld hier yn 'e nekke?
BUTLER:
Hwat is der bard mei dat berntsje, easkeresse?
CLARA Z.:
't Hat mar in jier libbe.
BUTLER:
Hwat is der bard mei josels?
CLARA Z.:
Ik ha mysels oan 'e manlju forkocht.
BUTLER:
Hwerom dat?
CLARA Z.:
De útspraek fan 'e rjochtbank twong my dêr ta.
BUTLER:
En nou wolle jo gerjochtichheit, Clara Zachanassian?
CLARA Z.:
Dat mei my nou barre. Ien miljard foar de stêd Güllen, as immen Alfred Ill deadet.
(It is deastil. Mefrou Ill fljocht op har man ta en pattet him).
MEFROU ILL:
O Alfred, leave!
ILL:
Dû lytse ychel! Dat kinst dochs net easkje! It libben is sûnt ommers fierdergien...
CLARA Z.:
It libben is sûnt fierdergien, ja, mar der is my neat forgetten, Ill. It Great Fjouwerkant likemin as âld Piterboersmoune, it bedsté fan by dy âld widdou likemin as dyn forried. Nou binne wy âld woarn, beide, dou alhiel forsutere en ik ûnder 't mes fan de chirurgen tofike en nou stean ik derop dat wy togearre rjochtdei hâlde: dou hast destiids dyn libben keazen en my mines optwongen. Niis op it plak dêr't wy frijden, fol fan forganklikheit, woest sa graech dat de tiid stilstean bleaun wie. Nou haw ìk de tiid stil set en nou easkje ik gerjochtichheit, gerjochtichheit foar in miljard.
(De boargemaster giet oerein, bleek, weardich).
| |
[pagina 215]
| |
BOARGEMASTER:
Mefrou Zachanassian: Wy wenje altyd noch yn Europa, wy binne op 't lêst gjin heidens. Ut namme fan de hiele stêd Güllen wiis ik jou oanbod ôf. Ut namme fan de minsklikheit. Dan mar leaver earm bliuwe, der sil pan ús hannen gjin bloed klibje!
(Gâns byfal).
CLARA Z.:
Ik sil tiid dwaen. EIN FAN IT EARSTE BIDRIUW |
|