De Tsjerne. Jaargang 18
(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 187]
| |
E.B. Folkertsma:
| |
[pagina 188]
| |
Dêr sit de hurde oast, dêr't alle striders foar de saek fan eigen folk, dy't foar en fan dat folk mear bigeare as bistean yn in algemiene folkssinmchheit, dy't it sawol fan foarm as fan ynhâld naty hawwe wolle, bot op stuitsje en òf foar opstrûpe òf mar moedsum en mei great lijen oer gear geane. En dochs is it de fraech, dy't yn it stellen derfan, de wrakseling dermei, de striid derom tige de skiednis fan 'e Fryske biweging net allinne, mar ek dy fan 'e studintefederaesje en har forieningen mei biskaet hat en hjoed de dei noch biskaet. Bergstra lykwols giet der net op yn, noch yn de neigong fan 'e histoarje fan syn studintejierren noch yn it wurk en funksje wjzen oan 'e Fryske studint dêrnei. Hwerom einliken net? Sa'n fraech, sa nej forbân hâldend mei de problematyk fan Fryslân yn nasionael bigryp, kin him net ûntkommen wêze, en ien fan 'e mannen, dy't der sûnder mis wol hwat fan bilang en bitsjutting op hawwe to antwurdzjen, is hy. Moatte wy dêr út opmeitsje, dat er tusken syn folk yn algemiene frysksinnichheit en datselde(?) folk yn nasionale wil en foarm, en dus ek tusken biweging foar it iene en biweging foar it oare, langer gjin prjnsipieel, mar allinne graedforskil sjocht? My alteast wol dat net oan. Ik sykje de forklearring earder en leaoer yn it pedagogyske. Kennend de forhâldingen under de Fryske studinten, yn 'e Fryske biweging en ûnder it Fryske folk, sil er ta ynstruksje fan 'e hjoeddeiske studintegeneraesje mei opsetsin stelling en útgong foar kar nommen hawwe yn in ek him mar min oansteande réele situaesje: de yn Fryslân en sels yn 'e biweging noch altyd bisteande, dy't folle mear fieden wurdt út in algemiene, wide, fortinne frysksinnichheit as bisiele, dreaun en foarme fan en ta biskater Frysknasionael idé yn forwurkliking, om troch dy wei mei syn studinten in fierderwankend doel neijer oan to kommen. Dat wurdt yn dizze lézing net direkt opheldere, mar oanwizingen dy kant út binne der wol. Om mar hwat to neamen: sa biredenearret de skriuwer op bledside 6, dat mei de Jongfryske biweging de horizon fan it Fryske folk as nasionale entiteit yn ien klap steld wie en fan dat momint ôf de hiele Fryske biweging op in heger plan tild. Ja, sûnt wie it nasionaliteitsbigjinsel net mear út dy biweging wei to nimmen noch der út to tinken. En sa karakterjsearret er op bledside 17 de opfieding, dy't ús Fryske studinten yn har selskjppen nou al inkele generaesjes lang hawn hawwe, koart en goed as ien yn Frysknasionale geast. Mear nammers noch as sokke útspraken seit de opdracht sels, de opdracht oan 'e Fryske studint ta yntellektuéle funksje en | |
[pagina 189]
| |
lieding yn Fryslân. Sa'n opdracht, sokken funksje en lieding ûnderstelt it idé fan in Fryske naty, is it fanwegen de swakheit fan 'e bruorren en de lânslju net yn ûtgong, dan dochs yn doel. Hwant de yntelligentia, dy't Bergstra him tinkt en dy't er wol, is net it yntellekt fan 'e foarige ieu: net dat fan 'e Wassenberghskoalle noch dat fan it Genoatskipsformidden, mar in modernen. En sa'n yntelligentia kin har ûnmûglik thúsfiele yn 'e romantysk-gemoedlike sfear fan in algemiene folks- en frysksjnnichheit, lyk as dy noch altiten djip yn it Fryske moed del sit en sels fier yn 'e biweging wei. Sokken sin en sfear is har kultuerhistoarysk en út in each fan yntellektuéle tiidsûntwikkeling to fier yn it efter. Hja kin der de frede net mei hawwe, en dochs wol winne? Kin hja der hâld, sté en funksje yn krije? Yn in soasiologysk en psychologysk klimaet, dat wiid en tin dat it is nea al to folle foarm set hat en hjoed de dei noch fierder ûntfoarmet? Hwat moat dêryn fan lieding wurde, it sij dan sa'n ien, dy't it folk eerder frjemd as eigen oankomt? Dit binne Tragen fan twivel en krjtyk, dy't Bergstra sines ek wêze moatte. It wol my talykje, dat hy der sels al fierder mei is, min of mear troch de twivel hinne. Sa meitsje ik tominsten op út syn likenis fan 'e twa treinen, in earlike en moedige skilderjng fan 'e wurklikheit yn Fryslân, mar dy't nou just net bifoarderlik is om de studint, op hwa't er birop docht om mei de Fryske trein to reizgjen, folle idéalistyske hope en ynspiraesje mei op reis to jaen. Dat de kondukteur it syn reizgers net maklik meitsje wol, dat er har yn it foar dúdlik warskôget, hwatfoar bihyplik fehikel har foarlân wêze sil, kin men wurdearje. It moat sels yn him wurdearre wurde, sa forantwurde is it oer alle boech en been. Dersûnder soene noch de útnoeging om mei to gean noch de meigong sin hawwe. En dochs ropt it fuort de biselskipjende fraech op, of't it foar de útnoegen net de forlieding ynhat om op 'e Hollânske trein oer to stappen en passagierje dêr krektlyk as yn 'e Fryske: foarmje der, flak tsjin Bergstra's sin, gjin Frysksinnige groep, mar bliuw Frysksinnige ienlingen, elk yn syn aparte koupé. Dúdliker noch wurdt dat sonder byld, yn direkte útliz, as Bergstra komt en yngiet op hwat yn dizze lêzing fan fundamintéle biskieding is: de skerpe tsjinstelling tusken twa eera's yn 'e kultuer- en taelûntwikkeling ek fan 'e Fryske wrâld, de Fryske maetskippij, it Fryske libben. De tiid, sa stelt er, dat it sljochte folkslibben en de plattelânsfolkstael noch basis fan ûntjowing ta fierdere, Tinere, hegere, djippere kultuerfoarmen wêze koenen, is yn it neigean en skimeret hjoed de dei rêd nei de em. Noch dat libben noch dy sprake hawwe mear de macht | |
[pagina 190]
| |
om boarne en noarm fan Fryskens to wêzen. Dat binne hja ek noch mar foar in lyts en aloan minderjend diel. Yn ús tael binne al oare, yntellektualistyske kritearia opnommen, en dat krekt op tiid, by needsaek en sels ta gelok. En dat kultuer- en taelproses sil net allinne, mar moat ek trochsette, wol Fryslân tominsten net forearmje, al mear yn it binefter reitsje en him isolearje fan 'e takomst. Hoe skerp Bergstra de tsjinstelling dan ek sjocht, absolút makket er har lykwols net. Hy ûntkent net, dat der in plak foar de sljochte folkstael bliuwt en bliuwe sil, al kriget men net to hearren hokker en hwat foar'n. Gjin yntellektuéle tael wol er yn alle gefallen, ôfsnien fan 'e folkssprake. It is tsjinstelling dochs yn forbân, hwat er stelt. Mar teffens mei omkearing fan wearden. Hat it ienfâldige folkslibben oant koartby boarne en de sljochte folkssprake noarm fan Fryslâns kultuer en tael west, nou komme de biskerming, de fordigening en de ûntjowing derfan hwat langer hwat needsaekliker en hwat langer hwat mear foar de Fryske boppelaech op, net to min hwat de kultivearring fan 'e tael oanbilanget. Mar dêr krekt sit de knier, dêr't de doar, ja, op draeit, mar ek op knypt en wringt. Hwant sa't, yn Fryslân dochs, folkssprake en yntellektuéle tael har forhâlde, is it gjin tsjinstelling njonken of ûnder en boppe elkoar, mar ien trochinoar hinne en yninoar om. It is mar oan hichte, graed en mjitte ta, dat hja skerp to ûnderskieden, lit stean fan tsjininoar to stellen binne. Fryslâns taelbyld hat folle mear nuanse, fariaesje en gearstalling as sa'n inkelfâldige tsjinstelling werjowt. Dat is al lang sa, en it wurdt geande en ûntwikkeljende wei slimmer oan. Foaral sûnt it kultuerlibben yn yntellektuéle en yntellektualistyske ûntwikkelingsfase hwat langer hwat mear ynternasionalisearret, bistiet der hwat langer hwat minder bitroude reden om to operearjen mei in tsjinstelling fan folkssprake en yntellektuéle tael binnen de grinzen fan nasionale forbannen. De folksspraken binne yn gefaer, mar de yntellektuéle talen, binammen dy fan lytse naty's, likegoed. En is it yn 'e groun fan 'e saek in oare fijân, dy't har faeijernôch wankt? Hwat in tael, yn hokker fase fan ûntwikkeling ek, ûnderstek docht en har faei makket, is har ynternasionalisearring, dat wol sizze de ûntnasionalisearring fan har folk. Hjoed de dei minder as ea kin it lije en bitrog op it yntellekt, krekt as soe dat yn steat wêze om de kultuer en de tael fan it folk to normearjen. Sûnder mis hat ek it Frysk yntellektuéle ûntjowing fan neden, mar dêrmei is it gefaer net keard. It wurdt der just greater om. It gefaer nammentlik, dat as wy by oanhâldendheit machtiger de wrâld yn | |
[pagina 191]
| |
en mei har sterke talen oer ús krije, ús folk en ús yntelligentia, de Frysksinnige, de Frysknasionale sels, elkoarren neat mear to forwiten hawwe sille, sa sekuer as hja elkoarren dan oer en wer ta bidjer fan eigen tael, kultuer en naty tsjinje meije. Bergstra is dêr nammers ek net blyn foar. Syn forwizing op it lêst fan 'e lêzing nei de net-akademisi, de autodidakten, en syn birêstende forsuchting, dat dy wol it bilangrykste skift yn 'e Fryske kultuer bliuwe sille, binne nei alle klam op 'e swierte fan 'e opdracht dochs noch hwat in ûnforwachte, mar nammersto opfallender bislút. Forriede hja miskien hwat fan mear bigryp foar minder forkear tusken folk en yntelligentia ien kant oer, of om yn oare wurden itselde to sizzen, fan better each op 'e histoaryske ôfkomst fan 'e yntelligentia út it folk, it hiele sljochte, as men hast oan 'e ein fan 'e lêzing ta tinke soe? |
|