De Tsjerne. Jaargang 18
(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 180]
| |
Rink van der Velde:
| |
[pagina 181]
| |
dit is dochs in ryklik primityf reddingsmiddel, nou?’ Doe waerd de boats lulk en de skriuwer hold him stil. De boats liet de skriuwer de koaijen nei it efterdek tôgje. Hy naem earst Jacob sines en boun der in tou oan, dat er mei de oare ein oan de railing sette. Doe smiet er de koai oerboard. It ding dobbere kalm tsjin it skip oan. ‘Dat liket bêst’, sei de boats. Hy liet de koai op en del plounzje, lyk as skippers mei de putamer dogge, en de koai gong aerdich djipper lizzen. De boatsman sei: ‘Hy kriget nochal hwat djipgong.’ Jacob moast de koai sels oan board hise. De koai wie aerdich swierder wurden. ‘Kin der op troch, in bytsje fochtich’, sei de boats. Doe wie de skriuwer oan bar. ‘Sa'n fikse feut as dou kin lansels omraek sjorre’, sei de boats. Hy hold de koai sa beet dat der in tûfe fan de tekken nei ûnderen hong. De koai sonk nei twa kear plompen as in bakstien. ‘Dat muoit my’, sei de boats, ‘dou hast in bytsje sleau west, skriuwer.’ Doe't de wille oer wie, bigoun er ynienen to razen, dat er dizze staeltsjes fan ûnforskillichheit ôfstraffe soe. Hy sette har neist elkoar yn 'e hâlding en sa moasten se in goed kertier stean bliuwe. De boats gong ûndertusken nei de wacht om in mok kofje. Doe't er werom kaem, sei er: ‘Bring de rommel nei de droechkeamer en kom hjir dan mar wer. Dan sil ik jim leare hwat in goed metroas witte moat.’ Jacob sei, dat er telefoanist wie en ynwurke wurde moast. De boats liet it eefkes yn him omgean nei't er earst sein hie, dat him dat neat skille koe. Jacob sei doe, dat er dan earst de forbiningsoffisier op 'e hichte bringe moast, en doe sei de boats, dat er it sels wol dwaen soe. Jacob koe salang wol ynrukke. Hy wist yn 't foar wol, dat hy der nou ôf wie. Boatslju skillen út harsels gjin offisieren as it net perfoarst nedich wie. Se wienen fiersten to binaud, dat se har de fingers barnden. Togearre gongen se nei de droechkeamer, hielendal ûnder yn it skip. Se moasten mear as ien kear op it manlûk slagin ear't de doar iepen gong. It wie de waskbaes, deselde dy't oan de bak war dien hie om Jacob syn woarst to ûntfytmanjen. Se mochten der ynkomme, en de waskbaes draeide de kaei fuort om. It wie skimerich en broeijerich hit yn it forbliuw. It ljocht kaem troch in stik matglês fan boppe. De fier roun skean ôf en wie waerm, omdat de tsjettels der fuort ûnder sieten. De waskbaes joech him del op in matras en gnyske. Hy like in bytsje debyl. De tekkens koenen hjoed net mear droech, sei er, mar hy woe salang wol in peer oaren útliene. Hy mocht it | |
[pagina 182]
| |
eins net dwaen, mar as hja him helpe woenen oan 'e bak, woed er it risiko wol nimme. Alle iten dat oerbleau moasten se him taskikke. Se seinen, dat se it dwaen soenen en mochten doe de tydskriften mei neakenfoto's bisjen, dy't de waskbaes ûnder de matras en tusken de steapels tekkens biwarre. It wie in wiidweidige samling, dêr't se mar in part fan to sjen krigen. De waskbaes hie noch moaijer sei er, mar dêr moasten se foar bitelje. Foar twa ryksdaelders koenen se in pakje fan tsien mei krije en dy mochten se in dei as trije hâlde. As se ien hâlde woenen koste dat in tsientsje. ‘Ik kom wol ris wer’, sei de skriuwer. ‘Ik moat nou earst nei dy boatsman.’ De boatsman stie yn 'e lijte fan de brêge to wachtsjen. Syn gesicht wie skier fan 'e kjeld. Hy stjûrde Jacob fuort mei it boadskip, dat er der wol mear fan hearre soe. Jacob gong nei de sintrale. Pyt Veen siet efter de post en praette mei de Jonges fan de havensintrale. Hy naem it twade tastel en harke. Hy sei tsjin Frits, dy't as chef fungearre, dat er yn 'e fakênsje graech waernimme woe en Frits sei, dat er oan him tinke soe. Doe skille er de Batterij en sei Willy dach. Se hie in soad nocht oan it feest yn de kantine. Hy fortelde hwat er fan 'e moarn mei de boatsman bilibbe hie. ‘Krigest dêr ek lijen mei?’ woe se witte. ‘Ik bidoel, sit de kêns der yn, datst op parade rekkest troch dy fent?’ Hy tocht, dat it hwat tafalle soe. Hy hie him der fan 'e moarn aerdich útwoun. Letter praette er mei Pyt Veen oer in gaedlik sliepplak. Pyt Veen sliepte yn forbliuw twa, mar hy hie syn hoekje foar trije ryksdaelders oan in skriuwer twade klas oerdien. ‘En hoe sit it mei de fêste tampatten?’ frege Jacob. ‘Ik ha it oardeljier bisocht, mar it is my noait slagge.’ As it Pyt Veen net slagge wie, hoegde hy it net mear to bisykjen. Op it foardek tôge de skriuwer mei in amer wetter. Eefkes letter kaem er werom mei in bakje sân en in pear strjitklinkers. ‘Och hearken, hy hat wer ien to psalmsjongen’, sei Pyt Veen. Hy gong der by stean. ‘Hy hie my ek hast’, sei Jacob. ‘Nou moatst der aens om tinke hwat er seit. Sil ik it sizze?’ Pyt Veen hold de siken yn, en blaesde doe troch de tosken. De imitaesje slagge aerdich. ‘En nou sil ik dy psalmsjonge litte, datst fannacht yn dyn koai noch halleluja leist to roppen’, sei Pyt Veen. | |
[pagina 183]
| |
De boatsman op it efterdek rôp: ‘En nou sil ik dy psalmsjonge litte, datst fannacht yn dyn kaai noch halleluja leist to roppen, potferdomme.’ Pyt Veen sei: ‘Hearst wol? Nou ja, op dat potferdomme nei, mar dat seit er net altiten en it is yn 't foar min to sizzen oft er it der by dwaen sil of net. Is 't net in kostlike fortoaning? De boatsman libbet der foar. Moatst ris sjen hoe't er om dy skriuwer hinne strúnt. En iverich... krekt in fakbounsbistjûrder dy't in lintsje krigen hat.’ De boatsman struide sân op it stikje houten dek en smiet der wetter oer. Doe moast de skriuwer mei de stien it dek wytskilderje. De boatsman die it ien kear foar en gong dêrnei yn 'e lijte stean. As de skriuwer lins naem, kaem er in stap nei foaren. Se hienen in lyts stikje dek fan hout makke om de tradysje fan it psalmsjongen heech to hâlden. It wie spitich, dat der op de fleandekskippen gjin houten dekken mear wienen. De boatsman soe der in libbensposysje oan hawn ha, sei Pyt Veen. De boatsman moast him hjir to folle biheine; it dek wie to lyts en it wie foar de greatste helte ôfskjirre. De middeis siet er allinne efter de post, omdat Pyt Veen nei de sikeboech en de administraesje wie om syn frijforfoerkes en oare paperassen op to heljen. Moarnier om tsien ûre mocht er fan board. Hy skille in skoftsje mei Henk, dy't witte woe oft er ek nei de fancy-fair yn de kantine gong. Jacob sei: ‘Dat is it doel al.’ ‘It wurdt in moai feest’, sei Henk. ‘It davert nou al fan de rûzjes. Elk eagenblik hinget der immen oan it tastel, dy't syn frou der fan oertsjûgje moat hweromt se der wol of krekt net hinne moat. Hast der by dy noch neat fan murken? Nou, dat komt dan noch wol. Sergeant Kruithof syn frou wol der ek hinne, en hy wol it net lije. Se binne der fan 'e moarn njoggen ûre al oer bigoun.’ ‘Ha se optheden faek spul?’ ‘Algeduerigen’, sei Henk. ‘Dat minske skynt ûnwennich to wêzen. Se wol werom nei de stêd, en hy wol nei de West of de East, ha 'k bigrepen. Ik leau net, dat se it iens wurde. It soe oars wol in goed ding foar it Fort wêze as er oerpleatsing frege.’ Wylst hy noch mei Henk praette, gong de daar fan de sintrale súntsjes iepen. Hy soe it net iens fornommen hawwe as er de kalde wyn net om 'e fuotten field hie. Hy tocht, dat it immen wie dy't witte woe hwat er by de ein hie. Hy sei dêrom: ‘Sadré't it tastel frij is, skilje ik jo werom.’ | |
[pagina 184]
| |
Doe't er oer it skouder seach, stie de waskbaes by de doar. ‘Is Pyt Veen der ek?’ frege de waskbaes meneuveljendewei. ‘Né, en dy komt ek net wer. Ik bin syn opfolger.’ ‘Ik moat eefkes skilje; dat doch ik by Pyt Veen ek altiten.’ Pyt Veen hie sein, dat er nimmen yn 'e sintrale talitte moast foar partikuliere petearen. Dat wie to nuodlik, hied er sein. ‘It mei net’, set Jacob. ‘Wit ik wol, mar ik tink der wol om dat se my net sjogge.’ Hy liet him op 'e knibbels sakje, sadat er fan it dek ôf net sjoen wurde koe en krige de hoarn fan it twade testel. It wie to sjen, dat er it faker by de ein hawn hie. ‘2079...’. Jacob draeide it nûmer. Hy wist net oft er der goed oan die, mar it like him ta, dat Pyt Veen in spesiale reden ha koe om foar de waskbaes in útsûndering to meitsjen. De waskbaes koe men út en troch grif profyt fan ha. De waskbaes spriek Indonesysk, en hy woun him slim op, hwant hy flokte yn 't Nederlânsk. doe't er klear wie, smiet er de hoarn op 'e heak en roun der út sûnder hwat to sizzen. Om fiif ûre loste de leerling him óf. Hy gong earst to mandien. It wie in lyts hokje mei in stik as tsien douches, dêr't se mei in man as trije ûnder stean moasten. It wie der drok, hwant de measte Jonges gongen joun net de fancy-fair, en se wienen breinroer omdat se der gâns fan forwachten. Om healwei seizen gongen de earsten fan board en oan de bak miste de helte. De waskbaes koe syn wykein-tas tol lade mei iten. Om healwei sawnen gong Jacob net de Phoenix. Der stie in hiele rige metroazen en mariniers to wachtsjen. De measte Marva's hienen foar dizze gelegenheit in freon útsocht. Yn in greate keppel setten se net de kantine ta. Der moast yntré bitelle wurde, it opbergjeu fan de jassen en jekkers koste jild, de stuollen yn 'e foyer weerden forhierd, de pils die in star mear en ear't men op de dounsflier mocht, moast der in dûbeltsje bitelle wurde. De opbringst wie foar âld-marinemannen of neibisteanden, dy't finansiéle stipe nedich hienen. Dat biset libbe algemien, hwant om acht ûre wie de kantine groatfol. De adelborsten fan it ynstitút, dy't oars net tusken de manskippen forkeare mochten, kamen sels to sjen. Se skarrelen ûnwennich yn de drokte om en weagen út en troch in sunich dounske mei in Marva. Salang de adelborsten en offisieren der by wienen, woe de fleur der net eerlik yn komme. Doe't om tsien ûre de gasten fuort wienen, kaem it feest op gong. Hy bidarre tusken in groep telefoanisten, dy't allegear earste klassers of korporaels ta freonen hienen. Barst stie hy der bûten, mar letter op 'e joun dronk er mei in korporael fan 'e man- | |
[pagina 185]
| |
niers, dy't sergeant tsjin him sej en earste klasser. Op 'e dounsflier gong it ljocht út en troch út. Der kaem gauris spul út fuort, mar as it wer ljocht waerd, wie de rûzje fuort oer, en rop elkenien dat it ljocht út moast. It wie in ienriedich feest. Yn de bygebouwen fan de kantine wie 't merk en bûtendoar stienen lytse tintsjes, dêr't sateh en sa to keap wie. Ut en troch rounen se eefkes nel bûten om to frijen en om in frisse noas to heljen, hwant it wie hjit yn de greate seal. Doe't se om in ûre as healwei tolven oan 'e bar stienen, skoude Cor der ynienen tusken. Hy wie dronken; syn eagen triennen en hy wie noch skierder om it gesicht as oars. Hy sei tsjin Jacob: ‘Hastou wolris in dronken sergeant Kruithof sjoen? Dan moatst dêrginsen yn 'e hoeke wêze. It is in frjemd gesicht.’ ‘Kom op, wy moatte dounsje’, sei Willy, en se krige him by de mouwe. Se wie ûnrêstich en slet gjin eagenblik stil. ‘Dou jagest dyseis op’, sei er. Se skarrelen troch de kliber folk hinne, dy't om de taep stie. Doe seagen se ynienen de majoar dy't Willy okkerdeis by him yn de sel litten hie. Hy seach Willy ek en pakte har beet. Togearre skouden se nel de dounsflier ta. Jacob gong werom nel de bar, dêr't Cor in gleske bier stie to drinken. ‘Hy is sa dronken as in kroade’, sei Cor. ‘Hwat bist fan doel mei dy sergeant?’ frege Jacob sa mar ynienen. Cor syn bysûndere bilangstelling foar it hâlden en dragen fan de sergeant bitsjutte hwat. Cor helle twa glêzen bier nel him ta en joech der ien fan oan Jacob. Hy sei: ‘Ik wit it noch net; it hat de tiid nammers wol.’ Jacob wraksele troch de minsken hinne nei de hoeke ta, en dêr seach er de sergeant sitten. In greate, ljochte frou siet twa stuollen fierder tusken twa korporaels yn. It wie in kreaze frou. Hy seach mar eefkes nel har. De sergeant wie dronken; hy lei heal yn 'e stoel. Syn glêd, swart hier, dat oars altiten stiif efteroer kjimd wie, hong him om 'e holle. Hy praette tsjin it tafeltsje; syn mûle gong alteast iepen en ticht en út en troch tilde er eefkes it kin op. Syn oerhimd stie iepen en de strik hinge him oer 't skouder. It wie in frjemd gesicht; it makke him in bytsje kjel. Der wiene forskate dronken minsken yn de seal en se bistuerden har allegear helte mear as de sergeant, mar dochs foelen se safolle net op, tocht Jacob. It woe him net oan, dat Kruithof sa fan 't sintrum wêze koe. It wie ek in bytsje bigreatlik sa't de sergeant dêr yn syn stoel hinge. Hy stie noch to sjen doe't Willy him foun en him meinaem nei de bar. ‘Dy majoar hat my sahwat plat knypt, en doe kaem | |
[pagina 186]
| |
der in korporael dy't ek noch mei my dounsje woe. Ik koe der net foarwei’, sei se. Cor wie der net mear, en it rekke nou sa fol oan 'e taep, dat se mei lijen in gleske bier bisette koenen. Der moast raesd wurde om jin forsteanber to meitsjen, hwant it feest roun njonkenlytsen nei syn hichtepunt. Willy rôp yn syn ear: ‘Ik fyn dy neat net gesellich.’ Dat wie wier. Hy hie oan it bigjin fan de joun wol aerdich dronken, mar it lichte gefoel wie sa mar wer fuort. Doe wied er wer nochter en hoewol't er geregeld bier dronk, kaem it rûske net werom. Hy forbylde him sels, dat er hwat langer hwat helderder waerd. Hy hie der net folle nocht oan en hwat mear Willy har tjirge, hwat kalmer hy waerd. En dochs bleauwen se oan de ein ta. Se bleauwen eins to lang, hwant it feest bigoun to forrinnen. Mei in man as fyftich bisochten se it geande to hâlden, mar optlêst bidarren se mei in gleske bier efter yn de seal. De muzikanten rammelen der hastich it folksliet út, pakten de ynstruminten yn en gongen by de taep op de taksy sitten to wachtsjen. In kentier letter kaem de taksy en doe't de muzikanten der út wiepen, sieten se mei in man as hwat yn de lege foyer tusken bierglêzen, stjonkende jiskebakken, en de resten fan útsmiters, huzareslaed en woarst. ‘Hwat ha ik my tjirge’, sei Willy. Se hienen nachtpermisje, en koenen it har oan tiid dwaen. Jacob sei: ‘Wy moasten noch mar in eintsje kuijerje.’ ‘Leaver net’, antwurde Willy. ‘Kinne wy noch net hwat útfine?’ Mar se roun dochs efter him oan doe't hy fuort gong. Bûten frear it in bytsje, en it wie stil yn 'e haven. Foar it wachtskip roun de skyldwacht hinne en wer. Oan board barnde hjir en dêr in ljochtsje en efter de bisleine ruten fan it wachtlokael biweegde it skaed fan de offisier fan de wacht. Der dreauwen trije minefegers nejst elkoar, elk mei in lyts ljochtsje op de foarplecht. Twa hyskranen stutsen de rustige earms omheech en dêrefter leinen de skurve fiskersboaten, dy't stonken. Se rounen de boulevard del, dêr't de sé kalm op de balstiennen rûze, en glânzjende rimpels oer it wetten leinen. Se seinen om foar hwat en stienen eefkes to praten mei in Manva en in matroas earste klas, dy't yn it tsjuster fan in âlde bunker stienen to frijen. Der wie gjin minske op 'en paed. Om twa ûre brocht er har nei de Phoenix. |
|