De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 177] [p. 177] [Nummer 5] Durk van der Ploeg: Twa psalmen I Jo haww' o Hear, my djippe wounen slein En yn myn hert de frakke lusten dôve. Oan al myn lea de ear en krêft ûntrôve. Hoe is Jou grime tsjin my sûnder ein? Hoe fyn ik dochs genede yn Jou each, Dat Jo yn strange straffe op my hechtsje? Ik koe, o Hear, Jou eachweid net ûntflechtsje, Hwer ek myn bline fuotstap hinne teach. II Jo haww' o God, út neare nacht, My ta de klearste hichten brocht, Dêr't ik oanskôgje 't ivich ljocht, Dat seingjend oer Jou gunstling slacht. Lof sij de God, dy't omsjoen hat Nei hwa't syn wegen kwels en blyn To'n ein roun Nat yn kwea en skyn, Troch eigen noed en tsjoed fortard. [pagina 178] [p. 178] Steatsgeheim ‘Ik bin Kolombus’, sei de soldaet. ‘Ik set in aei as in forsetsmonumint Yn de stêd fan de widdouwen’. De widdouwen flechten net de offisier, Klagen de soldaet oan fanwegen machtsmisbrûk. ‘Dit is in boargerlike taek’, seine de widdouwen. ‘Lit him syn gong gean’, sei de offisier. ‘En jimme: wês fruchtber foar de takomst, Hwant ik bin Kolos’. It lûd reint Yn it grint As in gedicht En hwer't de Poëzij bigjint Falle de wurden Ticht. It rinkelt It reint En alle fûgels Laitsje Omdat it har Net skeint Har boarst Sjongt yn In fearren Baitsje. It lûd reint Yn it grint It ammet yn De stiennen De dichter stiet To dounsjen Op 'e teannen. [pagina 179] [p. 179] Kleiliet fan Jeremia De stêd is in widdou, Skriemend oer har Bern yn ballingskip. De poarten fan Sion Lizze woast En har wegen treurje, Om' t nimmen him Tarist hat ta it feest. Nin frou hat har toait, Om't de sieraden fan Sions dochter weinaem binne. Har âldsten sitte swijend Oer de ierde Yn sek en jiske. En de jongfammen fan Jeruzalim litte de holle Nei de ierde hingje En stoarje yn harren Skaed en skande. Mei fingers Yn de sinne Skaden skriuwe Tsjin de groun. Stadich Wetter wurde Driuwe tsjin De mûle fan It wurd. Vorige Volgende