Krityk yn it koart:
De spear op it panser
Hessel Miedema, quatrebras, achtste jiergong, novimber-desimber 1962.
It tydskrift quatrebras hat mei in faksimile-publikaesje fan in fers fan Hessel Miedema har achtste jiergong ôfsletten. Dit fers (neffens it kolofon moatte it fersen wêze, mar dêrta foarmet it tofolle ien gehiel) is sans façon de wrâld ynsmiten, of it moet wêze dat Miedema de rigel (samar in frjemd chineesk byld bygelyks) as titel bidoeld hat.
De dichter biskriuwt yn dit fers in famke, dy't út de skyl brutsen, fan har heit en mem, opheind wurdt yn de evolúsje fan geastlik en lichaemlik ryp wurden. Men soe it in forheljend gedicht neame kinne, dat hjir en dêr hwat to lang útspoun, binammen foarm en ynhâld kriget yn de kompakte formulearringen, mar dat as gehiel in byld opbout dat au fond in kryptogamyske, apokaliptyske wierheit iepenbierje wol. Miedema hat mei de monologen, dy't er yn dit fers forarbeide hat, de eftergrounen, de gefoelswrâlden frij bod jaen wollen en dêrmei tagelyk in foarm foun om poëtysk to fintilearjen en it probleem oan de yn dit fers foarkommende figueren op to lizzen. Njonken de kompakte formulearringen bifettet dit fers lykwols fragminten skreaun út de drift fan hyperaesthesy; in to oermoedich dichterskip dat op it folsleine gefoel bitrout. Fangefolgen dat dit wurk net altyd har poëtyske sizzenskrêft hâldt, mar soms dévaluearret ta in erupty fan wurden sûnder dat dêrút de twang ta poëtyske fordjipping iepenbier wurdt.
Miedema is lykwols mei dit wurk fallen ta in jammerdearlike taelearmoede. Hy hat de frijheit nommen fan it Frysk in eigen jargon to meitsjen, dat jin tige sterk tinken docht van ynfloeden fan it Nederlânsk. Dat is in forskynsel dat yn de hiele quatrebras-groep waer to nimmen is en kin nei alle gedachten forklearre wurde út it feit, dat hja in eksperimint neistribje dat syn equivalinten fynt yn de Nederlânske literatuer. Dit eksperimint wolle hja net allinne literair forwêzentlikje, mar hja wolle ek troch de barrikaden fan de taelwuostenij hinne, trochkringe nei in tael dy't eksperimint is, mar dy't tagelyk stiet as in spear op it pânser fan it elemintairste Frysk. Dat hoecht van de poëzij as sadanich neat ôf to dwaen, mar mei de konkretisearring en konservearring fan ditsoarte literatuer, dat ûntstiet út taelhuorkerij, wurdt de de tael wol yn in noodlik stadium brocht. Hessel Miedema, is lykas frijwol alle quatrebras-dichters, eruptyf en skriuwt yn dy erupty sa't er tinkt en praet. Mar njonken de dichterlike kwaliteiten, dy't nimmen him ûntstride sil, rint er dochs it gefaer dat de lava fan it wurd forfalt ta anaemy. De tael foarmet by einsluten dochs de elemintairste hichte fan it primaire stadium.
Tige nijsgjirrich yn dit nûmer binne de yllustraesjes fan abstrakte fotografy, dy't har tige goed oanpasse by de ynhâld fan it fers, foarsafier oanpassing fan fers en yllustraesje alteast mooglik is, hwant poëzij is yn syn útbylding altyd autonoom.
DURK VAN DER PLOEG