gien, nettsjinsteande syn faek treflik technysk fakmanskip. It foar de filmer forliediike probleem fan de heimsinnige Dorbeck, dy't hjir as reëel bisteand minske útbylde wurdt, hat him foaral lutsen en hun ek de titel ynjown: Als twee druppels water. Karakteristyk is yn dit forbân de slotscène fan de film, dêr't men Dorbeck yn Súd-Frankryk sjocht mei Marianne yn syn earmen, it fanke dêr't Ducker in forheftige leafdesforhâlding mei hawn hat. Hja seit tsjin him: Ik ha yn de oarloch immen kend, dy't as twa druppen wetter op dy like. In founst, dy't it forhael noch hwat mysterieuzer makket, mar de Marianne út it boek formoardet. Dat hja in Joadinne is (dy't Hermans fordwine lit nei in kibboets yn Palestina), in faktor fan greate bitsjutting yn it forhael, wurdt men yn de film neat fan gewaer. De biskiedende dialooch mei Marianne, dêr't Ducker har de need fan syn libben yn klaget en hja him treastet mei har leafde, wurdt mei gjin wurd op tsjut. Dit oanplakte slot, dat Marianne degradearret ta in ordinaire seksbom, towille fan de sensaesje, is in swiere en typyske flater.
It boek einget mei it tafriel, dêr't pater Beer him oer de stjerrende Ducker bûcht, syn klean losmakket en yn greate need om de dokter ropt. En dan is Hermans syn lêste sin: ‘maar aan de handen van pater Beer zaten minder vingers dan Osewoudt kogelgaten in zijn lichaam had.’ Hjir wurdt yn inkele wurden it hiele drama fan Ducker syn ûngenêslik libben gearfette. Hwa't sa n geniale klimaks forbetterje wol mei in filmysk plofeffekt moet, tinkt my, de kearn fan dizze trageedzje net folslein bigrepen hawwe, of tsjin better witten yn op goedkeape ynstinkten spylje.
Ek pater Beer jowt de film in iensidige foarstelling fan, dy't nei it karikaturale skaeit. Hermans nimt dizze jonge geastlike, dy't syn wurk ûnder de politike delinkwinten fleurich útfiert, mar dy't it der yndied om to rêdden is, Ducker foar tiid en ivichheit to helpen, folle earnstiger.
Marianne en pater Beer, resp. represintanten fan de ierdske en de himelske leafde, binne yn it boek de beide persoanen, dy't solidair nêst Ducker steane, mar gjinien fan beiden kin him fan de flok fan syn berte forlosse. En krekt dizze figueren wurde yn de film devaluearre of ûnderskat en dit biskiedende aspekt kriget gjin relief.
Dramatysk swak is ek it bigjin fan de film. It forhael fan it boek bigjint op 'e earste oarlochsdei, de film yn juny 1944, as Dorbeck mei in parachute yn Ducker syn tin delkomt, in noch al mearkeeftige ynset. Slimmer is, dat men Ducker syn needsituaesje, dy't Hermans yn de earste haedstikken yngeand biskriuwt, hjir geweer wurde moat út it frij hwat hystearyske gebalt fan syn wiif.
Sjocht men de film los fan it boek, dan is it, nei it nuvere bigjin, in hurde, strakke thriller, dy't mei feart en dynamyk spile wurdt. Suggestive bylden en in goede komposysje. De opnamen fan de Frânske kameramen Raoul Goutard binne treflik en hawwe faek, ek hwat ljocht en entourage oangiet, de ûnheilwytgjende sfear dy't by dit forhael past. De haedrollen wurde bêst spile, binammen de dûbelrol Ducker-Dorbeck, mar ek dy fan Marianne en de Dútske ofsier Ebernuss. Allinne it lûd is soms to oerdreaun en to ropperich. Dat sizzen fan de tekst, in bilangrike faktor, is bygelyks yn De Overval better.
Men kin dizze film lykwols net los fan it boek sjen en dan hat Redemakers mei syn goai nei it greate it doel gâns in ein mist.
INNE DE JONG