De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 169] [p. 169] Fedde Schurer: Oan James Meredith Ja, it wie mis James Meredith dû bist in sljochtwei jonge dy't by de mannen foar syn part stean woe mar gjin izer mei hannen brekke koe en te deum laudamus sjonge en halleluja mei de wrâld oan 'e strôt dat falt net ta. Ja, mei de flammen flammen wurde yn it fjûr ta stiel bihurde sa woe men jinsels graech ha. it is wier hwat de skriften ús tsjin ús driften altyd fortelden men komt der mei fanboppen men is altyd roppen en útkard komselden. Dit is wis James Meredith weagje en winne stoarmrinne mei ien sé oan lân en wy hawwe ús grime wol de fortuten net yn 'e hân. men is in lytse swarte stien op it great histoarysk karwei faeks sjocht him strak net ien en smite de boulju him wei. hwant ik bin it net dy't bislis James Meredith. [pagina 170] [p. 170] Dû sietst as in mûs yn in luchtlege glêzen klok - glêzene muorre fan wrok - mei tûzen koele eagen dy't seagen, seagen hoe lang 'st it hâlde koest hwannear 'st krepearje soest. Sa't men in papoea docht dy't de adat forbrekt dy't men net sjit of stekt mar dea sjocht. Skielk riist, James Meredith it ljocht út de tsjusternis foar dyn eigen jongerein. yn dy nije moarntiidsgloed wurdstû foargoed forgetten en forspein. dan wurdt Amearika ien integrearre naesje en dû bist dan ien, nou ja, fan in oare ginneraesje. Dû holpst harren oer de barte en hja sjogge oarwei út dat is wol in bitter bislút mar sa sil it dochs moatte. Dit bart net ien twa trije mar it komt sa wis as it waer as hja allang sûnder gefaer mei har blanke fammen frije iepenlik oan 'e bar as der frij is oan alle kanten en der bliuwt gjin striid mei anneks wurdstû ien fan de âld-querulanten mei in chronysk rassekompleks. Biroerd, James Meredith dat it nou ienkear sa is. Vorige Volgende