| |
| |
| |
Tjitte Piebenga:
Mislearre spekulaesje
Rink van der Velde, Joun Healwei Tolven. Laverman N.V., Drachten, 1962, yn de rige fan De Fryske Bibletheek. Bân en omslach: Cor Visser-Van der Woude.
As men de flaptekst, dêr't Joun Healwei Tolven fan foarsjoen is leauwe mei, dan is dizze roman de earsteling fan Rink van der Velde. Hwat net yn dizze flaptekst stiet is, dat de skriuwer al earder in roman publisearre hat: ûnder pseudonym en yn it Hollânsk. Yn it Frysk dus wol Van der Velde syn debút, mar as sadanich gjin earsteling.
Fierders foel dizze skriuwer op, alwer neffens dyselde flaptekst, troch syn forhalen yn De Tsjerne en troch syn wurk foar de RONO, wurk dat deselde flottens, deselde feardigens en min ofte mear deselde notysje eigen wie, as nou wer yn Joun Healwei Tolven nei foaren komme.
Boppedat is dizze roman it earste earnstige bisykjen fan ien fan de jongste skriuwers yn Fryslân, om ta foarmjowing-op-de-lange-baen to kommen, en dat is by uzes noch altiten de muoite wurdich, om't wy nou ienris net seinge binne mei in brede romankultuer, en om't wy dêrom tofolle út 'e krapte fan it goede tarre moatte.
Joun Healwei Tolven is, by myn witten, de earste Fryske roman dy't folslein yn it bûtenlân spilet. Wol is Douwé oanwêzich, mar bûten him en it fé dat er forsoarget is der neat, dat noch op Fryslân wiist. Soks bitsjut, foar my alteast, in foarútgong: in literatuer kin nou ienris net bistean allinne by de graesje fan it eigene, mar bûtendat, de mûglikheden wurde greater, wylst in forromming fan 'e problematyk perfoarst net ûnwierskynlik is, en soks is altiten winst. Dizze roman is dan ek de logyske fuortsetting fan de ûntjowing dy't rint oer Peke Donia fan Nykle Haisma en De Breugeman Komt fan Ypk fan der Fear, al kin men, faeks net sûnder reden, biswieren hawwe tsjin it meielkoar yn forbân bringen fan dizze trije romans. Feit bliuwt, dat hwat it eigene oanbilanget hieltyd fan in stap fierder praet wurde kin, al leit dan de eigentlike stofte op in hiel oar mêd. Ofsjoen lykwols fan dizze beide ‘foargongers’, is der noch in roman, mear of minder bisibbe oan dizze, t.w. A. den Doolaard syn De Druivenplukkers. Faeks is dit allinne in persoanlike yndruk, mar de sfearen fan beide romans lizze neffens my sa ticht byinoar, dat se lyksoartich neamd wurde
| |
| |
kinne. Yn beide boeken de Frênske sinne dy't fûleindich skynt, yn beide in swalker, alteast, André en Michel hawwe beide swalkersnatûren, en hawwe beide mar ien doel foar eagen, wylst yn beide in feest fan de rispinge fierd wurdt. Miskien soe men sa noch fiif of mear romans nêst Joun Healwei Tolven lizze kinne en dit selde grapke úthelje, mar sfear en spanning binne foar my sa dúdlik fan itselde stimpel, dat der in forbining leit tusken dizze beide romans. Dêrbûten leit dan noch de omstannichheit, dat se allebeide min ûnder to bringen binne yn ien fan 'e genres fan it skriftekennisseboek. Nou is soks uteraerd folle faker sa, mar mei rjocht en reden soe men beide romans streekromans, avontûreromans of boereromans neame kinne: se spylje yn Frankryk op it plattelân en yn boereformiddens, alhoewol Joun Healwei Tolven ek wer net hielendal, en der wurde avontûren yn bilibbe, al stiet De Druivenplukkers op dit stik fan laken felle sterker. Fansels wol ik út noch yn Van der Velde net fan plagiaet biskuldigje. Faeks hat er De Druivenplukkers net iens lêzen. Boppedat lizze der tusken him en Den Doolaard in moai soad forskillen, dy't like dúdlik yn it each rinne as de oerienkomsten.
De roman spilet op de pleats fan monsieur en madame Van Eysden, dy't fjouwer feinten yn it wurk hawwe, dêr't Michel, de haedfiguer, ien fan is. Hy is in founling, opbrocht yn in tohûs, dêr't er as jonge fan tolve weistjûrd wurdt. Hy komt by in winkelman en letter by in túnman tolânne, en via in flecht foar de polysje út Parys en hwat omdoarmjen op de pleats fan Van Eysden. Wylst er sa omdoarmet, moetet Michel twa clochards, Pedro en Ernest, fan hokker twa Pedro in geheim hat. Troch in ôfharke petear komt Michel der efter hwat it geheim sa likernóch ynhâlde moat, mar it krekte ûntgiet him noch. Dêr wit er lykwols mei gâns geduld en nei in heap sneuperij efter to kommen, allinne it plak dêr't de skat forside brocht wêze moat, is him noch net bikend. Hy makket in plan, om dy ynformaesje oan Pedro to ûntfytmanjen. Oant yn 'e lytste bysûnderheden giet er alles nei en hy nimt it bislût, dat er syn slach op de joun fan it feest fan de rispinge slaen sil. Lykwols, syn plan mislearret. Mei ien ding hat er gjin rekken hâlden. In iepen slot bliuwt oer: is Pedro troch in ûngelok om it libben kommen, hat Petit him it geheim ûntfutsele of hat Ernest de slach fan Michel slein?
Tsjin dizze skerms hat Van der Velde in tal minsken moai krekt stal jown, hwat mear bart troch in koarte, karakteristike meidieling fan feiten, as troch in wiidweidich útelkoarplúzjen fan eftergrounen en omstannichheden. Dy koarte karakteris- | |
| |
tiken jowt er net yn ien kear, mar hy struit se ien foar ien oer de ûnderskate haedstikken út, en sadwaende hat men oan de ein fan Joun Healwei Tolven in byld fan alle figueren, dat nea net safier nêst it troch Van der Velde bidoelde lizze sil.
‘...Der sitte ek swarte en wite forskuorde plakken op 'e planken. Dêr hawwe foto's hinge, dy't er út en troch fan Noardafrikanen keapet as er aerdich jild om 'e hannen hat, neakenfoto's en sa. Mar dy ropt madame der ôf as hja har wyklikse krústocht tsjin 'e sedeleasheit hâldt...’ (bls. 9).
Dit is de yntroduksje fan madame Van Eysden, wylst Van der Velde har op bls. 82 psychologysk fierder strukturearret mei:
‘... en omdat er frijhwat ûngeduerich wie, ornearre madame, dat Johann better sa gau mooglik trouwe koe... Se die der fan alles oan om de faem en Johann by elkoar to bringen en it slagge har sa goed, dat der al ridlik gau in poppe komme moast...’
Dizze wize fan wurkjen past er op alle persoanen ta, útsein op de haedfiguer, dêr't er folle wiidweidiger ynljochtings oer jowt, mar dy slane folle earder op it forrin fan syn libbensskiednis as op de figuer en syn inerlike driuwfearren sels. Van der Velde docht soks lykwols op sa'n wize, dat men de réaksjes fan Michel op it uterlike barren yn syn libbensrin folslein folgje en neifiele kin, en dêrtroch makket er dy réaksjes wier. Dêrtroch ek makket er it feit oannimlik, dat Michel syn plan net slagpet. Troch de lange tarissing fan it plan en it forstanlik rekken hâlden mei allerhande bykomstichheden, dêr't hy, Michel, ûndertusken it doel net by út it each forliest, is der nammentlik by him in gefoelsmjittige leechte ûntstien, dy't him op it stuit fan hanneling parten spilet. Wol hat Petit hjir in lyts oandiel yn, mar per slot fan rekken is it de ôfwêzichheit fan gefoelsympulsen, dy't ft plan mislearje lit. Psychologysk komt dizze twaliddigens sûnder mis knap út 'e ferve, ek mei, om't de réaksje fan Michel op dit net-slagjen de oare moarns tige stadich komme en perfoarst net forarbeide wurde.
Boppedat suggerearret Van der Velde op ûnderskate punten mear as dat er fortelt, en troch dit understatement birikt er gâns mear, as hwannear't er analysearjend to wurk gien wie. Sa makket er fan Douwé op en top in Klaeifries, troch him op bls. 56 tsjin de glêzige ierdappels protestearje to litten. Noch mear djipte jowt er oan dizze figuer op bls. 173/174:
‘...As it wjerljochtet, raest er ynienen dat se in lage oer de spegel smite moatte. As net ien it bigrypt, springt er rimpen oerein en teart syn kile der omhinne...’
| |
| |
Dit allegearre makket de stoarje, út de hoeke fan it hâlden en dragen fan de minske wei sjoen, wier en oannimlik.
Joun Healwei Tolven hat Van der Velde getten yn in mingfoarm: yn de foarm fan it relaes yn it hoed, dêr't er de noutiid foar brûkt, en yn de foarm fan it foarbije, dêr't er de doetiid yn tapast, parten dy't ynklaeid binne as flash-backs. Dizze wize fan wurkjen hat uteraerd syn foardielen. Men kin hjoed en forline op sa'n menier yn elkoar forbreidzje, dat der in folslein patroan troch ûntstiet, dêr't oarsaek en gefolch goed yn to ûderskieden binne. Dizze oanpak hat binammen sin, hwannear't in rige fan eveneminten, dy't yn it forline bigoun, syn spitstik fynt yn it hjoed, om't sadwaende in libbener gehiel gearstald wurde kin as hwannear't de suver chronologyske wurkwize tapast wurdt. Fanselssprekkend hâldt dit yn, dat forhael en flash-back sadanich ôfwiksele wurde, dat der in floeijende en logyske folchoarder foar 't ljocht komt.
Van der Velde hat it lykwols oars dien. Wylst de earste fjouwer haedstikken spylje op de pleats fan Van Eysden, bihanneije de dêropfolgjende fjouwer èn it eardere libben fan Michel èn it barren op 'e pleats, yn sa'n folchoarder, dat slot haedstik seis en bigjin haedstik sawn op elkoarren oanslute, wylst itselde jildt foar de haedstikken sawn en acht. Dêr komt noch by, dat Van der Velde yn haedstik fiif oant en mei sawn hieltyd trije stjerkes brûkt as ôffreding tusken hjoed en flashback, soks net earder wer docht as yn haedstik njoggentjin, en it letter wer forjit. (In forsin fan de setter?). Net dat soks wichtich is, mar it docht noflik oan by it lêzen, en fierder hat it faeks ek noch inkelde foardielen. Boppedat bliuwt foar my de ôfwikseling fan flash-back en forhael hwat sloarderich, hwat bliken docht út it feit, dat haedstik tsien hielendal yn it forline spilet, wylst de haedstikken fyftjin, njoggentjin en tweintich dy dúdlike ôffreding en ôfwikseling wol wer hawwe. Yn de kapittels ienentweintich oant en mei fjouwerentweintich komt it dan ta it yn elkoar forrinnen fan hjoed en forline, wylst fiifentweintich wer hielendal bistege is oan it forhael.
Net, dat Joun Healwei Tolven hjir bot minder fan wurdt. Utersté net. Mar wol wurdt de komposysje fan dizze roman sa yn de kiif steld, wylst dêrby de haedstikyndieling tige diskutabel is.
Lykas al earder sein, falt it wurk fan Van der Velde op troch in linige flottens en in natuerlike feardigens yn it omgean mei de tael, en it liket my ta, dat dizze eigenskipper de sterke en
| |
| |
tagelyk de minder sterke kanten fan dizze skriuwer útmeitsje. Sterk, om't er dêrtroch komt ta in plastysk en visueel brûken fan de tael, hok ding de oannimlikens to'n goede komt, mar tagelyk swak, om't dy natuerlike linigens en flottens troch it to greate gemak dêr't se mei tapast wurde, moai faek mear mei de journalist as mei de skriuwer to krijen hawwe. Soks komt ek yn Joun Healwei Tolven út, en dit binammen yn it feit, dat dizze stoarje tige maklik rint, yn 't foarste plak troch de stilistyske glêddens, en dêrtroch mient men wol ris, dat Van der Velde sels somtiden net al to bot by it skriuwen fan dizze roman bitrutsen wie. Nou leit soks fansels mei oan de stoffe, it forhael hat per slot noch hwat yn fan de avontûreroman, dy't de skriuwer op in frij neutrael, journalistyk forarbeidzjen ferget, mar dat praet dyselde ûnwennigens noch net goed. Faeks hie in djippere identifikaesje fan Van der Velde mei Michel dat biswier foar in part út 'e wei romje kinnen, al kin men jin dêrby tagelyk ôffreegje, oft yn dat gefal krekt it frij objektive elemint, dat dochs de karakteristyk fan Joun Healwei Tolven is, net mei forlern gien wie, alhoewol't foar in mear ûnbitinge ynset fan de skriuwer hwat to sizzen bliuwt. Ik freegje my ôf, oft Van der Velde net mear birikke kin, as er him in stoffe kiest, dy't himsels neijer leit, om't er dêrtroch twongen wurdt himsels mear rekkenskip to jaen fan datjinge hwat er skriuwt.
Lykwols, Joun Healwei Tolven is in stap foarút op it mêd fan de Fryske roman. Net allinne troch de goed útsmarde spanning, mar ek troch de kar fan 'e stoffe en troch de minsken, dy't as echte libbene minsken dit forhael wier meitsje, troch it fortellen op himsels en boppedat deagewoan fanwegen it feit, dat it wer ris hwat oars is. Dat oan dizze roman dan tagelyk noch in pear minder sterke punten fêstsitte, is eat, dat ik graech op de keap tanim.
Ik bin der bliid mei.
|
|