De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 162] [p. 162] Teije Brattinga: In memoriam Gerben Rypma † 12 maert 1963 Hy hat it by it wetter socht, hy hie it socht by minsken. Hy socht it by de bisten en yn lûden dy't hy tinkend sette op papier. Hy foun It likemin yn kleuren fan skilderdoek en 't marterhier. En doarmjend troch de greide forlern yn romten wiid en fier, hat hy himsels it andert frege hwer't frede is en 't herte rêst fynt. Mar aloan lei de kime fierder as syn rêsteleaze foet birinne koe. En by in hikke, mids de kij en skiep, yn 't lân dêr't alle klank forstomme, dêr waerd er stil en yn himsels keard, hat neat mear sein as soms ‘goendei’. Syn harpesang hat er yn it hert biwarre en songen op syn âlde dei wylst syn eagen op it deistich skreppen troch 't keamersfinster delseagen. Hy lei de holle del yn lette jountiid fan dit net bigrepen libben, útsjend net in nije moarntiid dy't hy wachte en him noade. Miskien dat hun de frede fan de dea as andert op syn freegjen jown is. [pagina 163] [p. 163] Dyn dei bigjint as de nacht amper op retoer is dyn fytstocht fan dyn hûs en bêd nei 't kâlde wurk. Dyn dei brekt yn twaën op de hongerige middei dyn fytstocht fan it waerme wurk nei 't waerme miel. Dyn dei fortiicht as de lampen op it wurk dôve wurde, dyn fytstocht fan it wurge wurk nei it rêstende hûs. Dan lêst de libbenen en de deaden yn de krante. Dan seist it nijs fan elke dei oan har en sij oan dij. Dan gappest en sjuchst it waer yn by it sluten fan de doar. Dan sliepst de nacht as forgetten tiid to'n ein. Dan bigjint dyn dei, dyn fytstocht fan, dyn fytstocht nei. En dan, en dan, en altyd dan al dyn lange dagen dy't dyn libben binne. Vorige Volgende