De Tsjerne. Jaargang 18
(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 155]
| |
E.B. Folkertsma:
| |
[pagina 156]
| |
byinoar hâlde, neijer tainoar bringe hwat er beide misse kin noch misse wol, hy dy't op 't lêst oan beide dochs ek diel hat: it folk - mei de biweging, yn har greate mannichte folk likegoed, der by yn - en it yntellekt? Dêr komt er net út, en allergeloks sprekt en skriuwt en kritisearret er dus op 'e nij. Hwant hy wol net skiede, mar tainoar bringe, en mei alle twivel stiet it by him fêst, dat foar Fryslân it útslútsel fan it probleem yn 'e biweging leit. En sa nimt er alle kearen in nije oanrin. Dat bidoel ik net tragysk. It hat gjin reden en bring Bergstra to plak yn 'e rige fan Jan Piebenga's Fryske tragyk. Syn argewaesje fan 'e gemoedlikheit, de ûnklearheit en de tizelsin yn folk en biweging forlaet him net ta sentimintéle tsjûgenissen en elegyen. Foar soks wurdt er biwarre troch de psycholooch en hwa wit ek fan 'e psychiater yn him. Hy wol bigripe hwat er kritisearret en sjocht it mar net as stimmingen, sinnen en fielingen noch allerearst as to wurdearjen feiten, mar as forskynsel, psychologysk en sosiologysk to forklearjen forskynsel. Dat is de earste wearde fan dizze trije lêzingen: in skerpe analyse, en dat net fan in koele spektator, mar fan in man, dy't diel, lot en skuld mei hat oan itjinge er yn Fryslân en syn biweging net lije mei en dat ek wêze wol. Evenwicht fan bihearsking en biweechlikheit jowt Bergstra's wurden klam. Alhoewel, dat hat der oan yn 'e tredde lêzing, dêr't er, guon alinéa's lang sa bihearske net, lijen hat om himsels to hâlden en yn in noedlike, net oertsjûgjende popularisearring op 'e grins fan tûle en ûnforhoalen earnst út 'e toan falt. Popularisearring is dochs Bergstra's krêft al net, en dat nammersto mear mei't redenrykdom syn swak is. Minstens likefolle, byhwannear't it gjin mear is, is nou ienris koarter to sizzen. Mar op 'e nij ta de direkte saek. Dizze lêzingen binne net allinne skerpkrityske analyse, mar út dy analyse, har forklearring en har wurdearring wei tagelyk noch skerper moanning. Hja binne ôfskied fan Fryslân en syn biweging. Fan it âlde, gemoedlike, primitive Fryslân, en fan in biweging, dy't, dêrút fuortkommen, gjin genôch bigryp, moed en krêft hat om langer by to bliuwen yn 'e moderne ûntwikkeling fan 'e tiid. It stiet foar dizze kritikus fêst, dat de iene sa min as it oare hwat fan bilang to sizzen hat foar de takomst, dat hja hwat langer hwat minder yn steat binne om sterkernôch foarming en lieding oan dy takomst mei to jaen. En dêr heart men op 'e nij in eardere rop troch, mocht it wêze, de rigen fan 'e biweging: Fryslân en de wrâld! Sa nayf net as de Jongfryske, mar ek net sa oertsjûge. Op hope mear as yn leauwe. Fan in moderniteit, minder esthetysk en artistyk | |
[pagina 157]
| |
biskaet as yntellektueel. De iennichste wei, dy't Bergstra noch sjocht, sil it Fryske folk in eigen takomst hawwe, is de yntegraesje yn 'e moderne wrâld. Net ien út oermacht en need; né, folk en biweging moatte de moed hawwe om har to wollen. En dêrom: oan en yn it avontûr fan 'e yntellektualiteit! De skerpe spits fan 'e yntellektualiteit heart op it Fryske folk. Ut 'e biweging as boarne, sintrom en driuwende krêft wei heart dat folk yntellektueel-rationeel fornijd en forsterke to wurden. Maklik makket Bergstra it him mei syn fierstrekkende moanning net, likemin as hwa ek, dy't op 'e takomst sjocht, it op it gemak sette kin. Hy hopet net licht to moede. Hy hat syn twivel en freze, of't sawol biweging as folk de opjefte, dy't er harren tatinkt, wol treast wêze wolle, doare en kinne. Ek is er net blyn foar it gefaer fan forkrêfting. Mar mei dat al, it avontûr, it iennichste langer, it iennichste nou noch mar, ferget op oangong. De âlde strippen driuwe der brânnend hinne; it is hege tiid, der ôf to gean om nije oan en op to tugen. Mar hwer't de moanner swierst mei sit, is it forbân, dat ek hy bihâlde wol. Hy bigeart gjin folsleine ôfskriuwing fan it forline. Dêrfoar hat er mei alle argewaesje en krityk sels oan dat forline to folle diel. De yntellektualisearring fan biweging en folk, dy't er útstelt, is net algemien, mar biskaet, biskaet neffens en troch it idé Fryslân. Dat mei yn dizze lêzjngen gauris skûlgean efter alle mûglike krityk op hwat de biweging fan dat idé makke en fan syn forwurkliking to rjochte brocht hat, lykwols hâldt it klearrichheit: ek Bergstra's yntellektueel fornijd Fryslân mei net oars as in Frysknasionael bisiele en biskaet Fryslân wêze, mei syn eigen yntelligentia dêryn binend elemint en fermint en driuwende faktor. En nou is myn great biswier, dat hy op dy forbining fan modern-yntellektuéle yntegraesje en eigennasionale foarming wol yngiet, mar net, tominsten net direkternôch, mei de earste, de fundamintéle fraech. Dizze nammentlik: Is sok in forbining mûglik? Dy fraech dwaende, sjoch ik net fan siden en doel noch net ienris op it tige réele feit, dat ús yntelligentia noch yn noch oer Fryslân net allinnich is, mar in Hollânsk-Nederlânsken njonken, om net to sizzen tsjin har hat. De twaderlei idéeel-kulturéle foarming, dy't ûs folk sadwaende kriget: de iene nei Fryslân ta en de oare fan Fryslân óf, syn yntellektualisearring yn tobrutsenheit mei oare wurden, gean ik hjir dus net fierder op troch; nammers, dat docht Bergstra sels al. Mar ik freegje rjochtstreeks op 'e wêzentlike en fundamintéle kweltje oan. Hat de yntelligentia folksfoarmjende wet, wil en krêft? Hat hja it idé fan folk en naty ynwêzich yn har? Is it- | |
[pagina 158]
| |
jinge hja fan of troch en oer harsels yn it folk yntegrearret, ek mei goede bidoeling net forbrekkend ynsté fan bihâldend en foarmjend? Is hja it bihâld en de opfieding fan it folk as folk yn nasionael bistean bitroud, sa bihearskjend alteast as Bergstra it wol? En fan 'e oare kant ôf, is it folk yn steat om sa'n swiere yntellektuéle yntegraesje to heinen, to forwurkjen, him oan to eigenjen en wurd dochs gjin folk ôf? Wankt dêr net it gefaer, dat opfieding en opdrift forsearring wurdt, de folksmienskip forsakket en forfalt ta massaliteit, it folk forfrjemdet fan himsels, fan hwat him folk makket? Dat binne fragen, dat is de fraech, dêr't wy hjoed de dei dochs en sa't it hwat langer hwat kritiker nei de takomst wiist net foarwei komme. Hwant hwer't Bergstra hinne wol: in ekspansive kultuer-yntelligentia oer Fryslân, dat is al oan 'e gong, it sij dan ûngelokkigernôch tige swak yn 'e Fryske, mar nammersto machtiger yn 'e Hollânsk-Nederlânske sektor. Sa leit it yn 'e earste reden, sterker war to dwaen om dy slim ûngelike machtsforhâlding fan twaderlei ekspansive krêft en wil de Frysknasionale kant oer to foroarjen. Allinne, dat sûnder mear jowt gjin útslútsel. It kin net sûnder twivel, oft ek mei Frysknasionael even-, ja sels oerwicht de twaderlei kultuer-ekspânsje yn Fryslân net ienerlei wurkje sil - in twivel, ek Bergstra net frjemd. Primair bliuwt de fraech: Is mei yntellektuéle opfieding en foarming fan it Fryske folk yn Frysknasionale geast dat folk as eigen folk en naty to bihâlden? Of moat men sels noed hawwe, dat it troch sa'n yntellektuéle foarming yn Frysknasionale geast fan syn eigen folkswêzen noch hurder forfrjemdzje en forfalle en ûntnasionalisearje sil? Hwant it is noch lang gjin trochtochte, lit stean fan útmakke saek, oft lyk as alle yntelligentia ek de Fryske it formogen, it elemint, it fermint wol yn har hat om har folk ta hâld en bân to wêzen. Biskiedenheit koe hja wolris foechsum nedich hawwe om grinzen oan har yntellektuéle ekspânsje to sjen en driuw dy net yn 'e konsekwinsje fan in al fierder geande en gripende yntellektualisearring fan it folk. Biskiedenheit om har earst mar ris op 'en earnstichsten ôf to freegjen, oft it folk wol bistean kin sûnder in krêftjch elemint en moai greate graed fan primitiviteit, gemoedlikheit, elemintairens. En ek hja, de yntelligentia sels, koe wolris yn bitinken nimme, oft hja miskien sels en foar harsels ek to folle weaget en oft hja ek ris it gefaer rint om, de yntellektuéle ekspânsje yn it folk op al to fier driuwend, oars útkomt as hwer't hja wêze wol. It gefaer fan in kultuerwreiding en -bifoardering, dy't stykjen bliuwt yn it healslachtige, en Fryslân opskipet mei in, | |
[pagina 159]
| |
jawis, eigen kultuer, griemmongen sa populair mooglik fan heal folk en heal yntellekt. Dan soene wy net allinne tangele sitte mei ús Frysk-Hollânske healslachtichheit, mar dêrtrochhinne boppedat sa faei noch wol mei in Frysk-Frysken, yn Frysknasionale geast noch wol. Sok in gefaer easket ûnderkenning fan foare; nammers, hat Bergstra it der al net oer, dat yn 'e Fryskekspansive kultuersektor de net-akademisi, de autodidakten, de bilangrykste laech wol bliuwe sille? De fraech, hjir oan 'e oarder, is yn ús moderne tiid en sa't dy yn 'e takomst op wiist, dochs al aktuéler as ea, sawol fan 'e kant fan it yntellekt as fan 'e kant fan it folk ôf skôge. Troch de wei fan âlde en fan nije kommunikaesjemiddels, in wei as in sûnder ophâlden al fierder tsjende en djipper holjende stream, is it folk linkelytsen al sterk oantaest yn syn histoarysk tradisjoneel bistean en driget it to môgjen yn stam en woartel. En de moderne yntelligentia forwideret geande wei fierder fan folk en naty, yn idéeel bigryp nawol as yn 'e réaliteit. Hoe langer hoe sterker oriëntearret, tinkt en fielt hja har ynternasionael, op it kosmopolityske ôf. Literatuer, toaniel, kunst, hja ûntwêzenje en ûntfoarmje oan it libben fan it folk yn mienskip, binne dwaende, har der sels fan ôf to sûnderjen. Yn syn yntellektualiteit fielt de moderne kunstner him gâns neijer bisibbe oan syn maet en broer yn 'e kunst, haver to wrâld ek, as oan syn lânsman. Ek as it eigen folk him noch stof leverje kin ta artistike biarbeiding en stalling, is er sa thús net mear yn it âlde heitelân as yn it nije: de moderne republyk der letteren. In folksidéael, in nasionael folksidéael, it hat der langer frijhwat mei him oan, en yn alle gefallen nimt hy der de mjitte fan syn yntellektueel-ynternasionael idéalisme fan. Hoe kin it ek oars, as er gjin sterker idé fan it folk hat en dat folk dêrtroch net ynlik ken, wurdearret, siket? Dêrom net, op it mêd fan 'e wittenskip stiet en giet it fierhinne allyksa. Wittenskippen as de natuerkundige, de wiskundige en de technyske wreidzje yn in ûntwikkeling fan ieuwen hwat langer hwat fierder oer de grinzen fan folk en naty hinne. Binnen dy grinzen hawwe hja aloan minder romte om to operearjen en to funksionearjen. Hwat der dêr noch al fan komt, is steatspolityk. De folksmienskip leit folslein efter en út it richt. Har territoarium is de ierde, de wrâld, de kosmos. Dy wolle hja kenne yn totaliteit en ienheit, en plak foar ûnderskiedingen neffens lân, folk en naty is der net yn. Net oars stiet en giet it mei hwat ik nou mar geasteswittenskippen neame ril. Mei alle nedige of gaedlike ôfperking en dielbiarbeiding dêryn giet it net om 'e kennis fan folk en naty, mar om dy fan 'e minske | |
[pagina 160]
| |
en syn mienskip. Ek as folken en naty's apart objekt fan wittenskiplike stiídzje binne, is dat net, lyk as wy Friezen jerne leauwe en stelle wolle, desintrale tsjinstream, mar spesialisaesje út en ta great, sintrael forbân. In spesialisaesje, dy't hwat langer hwat minder romte lit oan eigen methodyk, eigen bigrinzing, eigen karakter, eigen geast fan en foar it apart nommen objekt en syn bihanneling, mar dêr't it der mei om to rêdden is, it objekt as (ûnder)diel troch de wei fan forgeliking, skerper konkretisearring en wider bifêstiging oer syn grinzen hinne plak to wizen yn it greate, wreidzjende forbân, it plak to wizen en it op to nimmen yn it aloan dijend wittenskiplik hielal. Ja, in hielal, sa great fan avontûr, ûntdekking en ûnthjit, dat al hwat lyts fan bistek is, mei minderjende bilangstelling tamoat. Sa wol en driuwt it yn 'e moderne geasten fan 'e moderne wittenskip; sa bigeart en forkundiget it, folkslibben, folksmienskip en nasionale foarm ûnttein, yn 'e greate, gesach hawwende learmasters fan 'e moderne filosofyen, idéologyen, maetskippijlearen, psychologyen en theologyen; sa forblikt yn al machtiger ienheit it ûnderskate en ûnderskiedende en floeit it karakter derfan forflechtigjend wiid út. Yn dy krisis lizze, ek to uzes, folk en naty, en hwat kinne, hwat wolle, hwat moatte wy? To min eigenskip hat jt, dat yntellektuéle ekspânsje yn it folk op Fryslân rêdde soe. Net allinnich is har middel wêzentlik gjin nar as de kwael - oaren binne mar de dokters, sels net oantaest? - mar ek sil de sike, ienris op 'e smaek, der noedlik oan wenne en hieltyd greater dosearring easkje, oan folsleine yntellektualisearring ta. En nochris wer: Kin it folk allinne libje by yntellekt en artistisiteit? Kin it folk folk bliuwe, as it der, sij it dan ek yn populaire fortinning, by ynlive wurdt? Hwa doar it hoopje, hwa it leauwe? Sok in wei wiist forkeard. It is, ek foar Fryslân, net to finen by in yntelligentia, fan hwa't it hielendal net fêststiet, of't hja wol hâld en dûr, dat wol sizze fêstichheit hat. Fryslâns bihâld leit dêr krekt yn, dat de moderne ynternasionale yntelligentia fan need hast ris saffier komt, dat hja bigryp kriget fan 'e ûnmûglikheit, de ûnrjochtfeardichheit en de ûngaedlikheit fan har monopolistyske pretinsje en posysje. Hja moat inkele kardinale dingen ynsjen en meistimme: it bisteansrjocht fan in eardere kultuerfase yn en ta in letteren, moderneren ien; it bisteansrjocht fan folken en naty's, greate net allinne, mar ek lytse, yn en ta de ynternasionaliteit; it rjocht, ja de needsaek fan it bistean foar it folk yn evenwichtige forhâlding fan primitiviteit en yntellektualiteit; de needsaek foar har, de yntelligentia sels, dat hja, wol | |
[pagina 161]
| |
hja net forkomme en forgean yn dekadinsje, ek fan dy folksprimitiviteit yn har hâldt. Net heechmoedich op eigen rjocht, moat hja dêrnêst en derta it rjocht fan it folk, de folksmienskip, de naty erkenne, dy forstean yn har sin en karakter en harren de romte jaen. Yn dy wei, ien fan in oare wurdearring, leit de mûglikheit fan tsjin- en omkear de kant út fan it folk yn eigen nasionael bistean, en hat net to min ek Fryslâns eigen yntelligentia, autodidakt al of net, har opjefte. Mar binne wy dêr sikerwier wer net oanlânne by strategy en kunst fan biweging?Ga naar voetnoot*). |
|