De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 151] [p. 151] Tiny Mulder: Kykkast meist myn kykkast wol sjen mar foar sint en dan waeit troch it sinters lûkje de izige wrâld fan sniebergen en iisflakten troch dyn simmershirt - bomwol en in spegeltsje út myn sneinske taske rûkend nei klonje en pipermint - mar dat wist ik net hwant in woedende poalwyn gisele troch myn lânskip en de wolveeagen flikkeren meist myn gedicht wol sjen hjir steun myn gedicht en ik yn in sirkeltsje hwat wurden fan aldendei yn in giletteskerpe ring by namme hwa-doar-der-oer mar de moedige sil my in pink bitelje en de hiele hân oan it gedicht ik rin mei myn kykkast de doarren lâns en guon doare mar earst as de sirkel om dy slút en aston fielste hwat ik skriuw giselt de stoarm troch it gedicht en de wurden flikkerje [pagina 152] [p. 152] Rispinge de joun slacht it park kleureblyn dat men de beammen net sjen sil ôfladen mei ripe eangsten de stekken jowe elkoar de hân en slute it kordon o dat nou it séfêste parkdier rêdden waerd troch de weiwize bireizge fûgels dat it spraekleaze dier in stim hie om sinjalen to jaen oan de tagedienen de blêdden roppe driuwend it waerbirjocht om út de stoarmhoeke en dat wylst de beammen al bûge fan oerripe eangsten fleurich flechtsje de wyntichte fûgels men wit hoe't it komme sil as aenst de rispinge losbrekt oan it dier moat men net tinke lef in slokje nimme en blyn sliepe ik wol net dat it langer út myn eagen sjocht [pagina 153] [p. 153] Flinter mei har forwettere wjokken en emaillearde eagen hast har opnaem yn de hân efkes sêft opnaem efkes sinneljocht striele út dyn eagen efkes hoeden soele wyn oer har sinleaze wjokken blaesd nou kinst wer fleane leave flinter keninklik stiigde hja op weau oer beam en hage glimkjend glimkjend en liet har falle yn it biskûl fan de daksgoaten hymjend blyn tofreden hoe djip tofreden bist nou oer dysels [pagina 154] [p. 154] Adieu adieu fortriet fyn mar oar ûnderkommen to lang al veennest by my yn omdat ik miende dou wiest myn mem of ek myn broer miskyn adieu fortriet myn trouwe goederjowske forrieder dy't ik learde to leavjen omt oan skrouske keale nachten dou skyn fan aventûr en gloede joechst adieu fortriet polyp dy't yn my wreide rij tarde fan myn lêste wil ta lok, wy kin net beide mear yn my wenje as ik libje all adieu fortriet moarn as de ljochtdei my oerrompelt sil ik wer wêze in moai en rêstich dier en lichtwol nije tagedienens moetsje adieu fortriet en net wer oer myn drompel mar as ik dy ris tsjinkom sil 'k dy groetsje Vorige Volgende