De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 122] [p. 122] Miquel Costa i Llobera: Yn in patrisysk tun (Dins un jardi senyorial) Troch in stil tún to gean, o djip geniet, As fan 't swier beamte wer de skaden winne, En sjen troch lege twigemesken hinne De blauwe kym, dy't healwei iepenstiet; In berchkontoer, dat me sums sjucht, sums riedt, En, tsjin it goud fan d' ûndergeande sinne, In iensume ruïne en allinne 't Leechlân dan fierder en it ségebiet. O djip geniet, hwer't sêft de fiver leit En bylden skimerje, dy't roerleas swije, Swannen to sjen, driuwend yn suverheit. Ja djip geniet, it hert forfolje meije, It dûnkre, djippe, mei de majesteit Fan kunst, natûr en skiednis, dizze trije. Vorige Volgende