De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 120] [p. 120] Josep Carner: It liet fan in dubele forealens (Canço d'un doble amor) Twa fammen, in blonde en in brune, kin' My 't hert bikoare; 'k Leau dat ik justjes foreale bin Op d' iene en d' oare. Ik hâld fan de iene - 't lok laket wer! Ik hâld fan de oare - o wûnder! Foar dy iene faem dogge se allegear, Bihalven dy oare, ûnder. Twa fammen, in blonde en in brune, kin' My 't hert bikoare; 'k Leau dat ik justjes foreale bin Op d' iene en d' oare. En wol ik ien patsje fan de twa Dan sil ik myn earmen spriede, Wiist d' iene hjir, d' oare dêr nei ta, Beide sil' se in freondinne my biede. Twa fammen, in blonde en in brune, kin' My 't hert bikoare; 'k Leau dat ik justjes foreale bin Op d' iene en d' oare. En binne se deun, deun by my al En kinne myn fingers har reitsje, Dan sil' ûnder 't linnen syn koele fal Twa libbens triljend ûntweitsje. Twa fammen, in blonde en in brune, kin' My 't hert bikoare; 'k Leau dat ik justjes foreale bin Op d' iene èn d' oare. [pagina 121] [p. 121] De lette kwieparren (Els codonys tardorals) In freon seit tsjin syn freon: Ligea dyst biminste is blank en fris, en godlik foarme sikerwier, dronken fan jonkheit, liket it, sa rint se, as in weveljende twiich is se, moarns ier. Mar dû witst skoan, dat samar lilk se binne fan 't bodzjen, fan de bern, of om't se dy net ha, en as se wurch en wilich lâns jin rinne, wit men: kwieparren, knobbelfruchten lykje hja. En de oare freon dy sei: Is alle passy dien, dan grânzje wy en rinne batsk en ritich en swaeije ús stokken, flokke soms grimmitich, tryst tinkend oan de freugd, fordwoun, forgien. De kwiepar dan, dy't ripe oan syn tûke, lit yn it laed ús linnen geurich rûke, en as wy yn 'e jiske 'm smoare lit', en nei de lippe bringe, dan is er smaeksum jit. Vorige Volgende