| |
| |
| |
Rafael Tasis:
De alde skiednis fan in lyts folk
Sa't mei de measte Europeeske naesjes it gefal is, is it de tael, dy't it foarnaemste merkteken is fan de Katalaenske nationaliteit. Katalonië is yn 'e iere Midsieuwen berne, nei de oplossing fan it Romeinske ryk en de ûndergong, troch de ynfallen fan de Islam, fan it Westgotyske ryk, dat dêrop folge op it Ibearysk Healeilân. Ut it vulgair-latyn, de sermo rusticus, dy't praet waerd yn de provinsje Tarragona, dy't sahwat gearfoel mei it lettere Katalaensk-Aragoneeske ryk, sil it Katalaensk him ûntjaen, de tael, dy't mei minder dialektyske farianten as binnen oare romaenske talen foarkomme, noch altyd yn Katalonië, yn Valencia en op de Baléaren, streken fan ienselde lân, praet wurdt.
De Arabyske ynfal yn 711, dy't it Westgotyske ryk yn Spanje hielendal tolider slacht en syn swakke struktuer weifaget, sil op Katalonië, dat yn tael en rjocht romanisearre is, gjin greate ynfloed dwaen. De slach fan Poitiers (732) markearret it bigjin fan it weromfloeijen fan de út Afrika opkommen floed; yn 785 sil it Karel de Greate wêze, dy't de reconquista yn Katalonië forfettet mei it nimmen fan de stêd Girona (Gerona), in foarútspringend bolwurk foar de muorre fan de Pyrenéen; it is syn soan Loadewyk de Fromme, dy't yn de striid tsjin de Moaren Barcelona birikt (801). It hiele gebiet, dat op de Sarrasenen forovere is, bislacht forskate greefskippen, dêr't it greefskip Barcelona it wichtichste fan is. Meiinoar foarmje se yn it bigjin it markgreefskip Goatia. Bera, de earste greve fan Barcelona, is ek de foarste markgreve fan Gotia. Tarragona, de âlde haedstêd, wie troch de Moaren forwoastge, dat Barcelona, de twadde stêd oan de kust, kriget nou de rol to spyljen fan haedstêd fan it lytse ryk, dat fan de Spaenske bisittingen fan de Kalifen ôfgnobbe waerd.
Under Karel de Keale is Wilfrid, in út de Pyrenéen skaeijend ealman, greve fan Barcelona. As markgreve fan de Spaenske marken, sil er troch syn politike en militaire krêft in echt souverein wurde en in dynasty stiftsje, dy't seis ieuwen duorje sil en dy't de skiednis yllústere nammen jowt. By syn dea yn 898, nei in striid dy't him mei de greatste Islamityske machten yn konflikt brocht, kin sein wurde, dat it Greefskip Barcelona, dat him oant de flakte fan Tarragona útwreide hat as nasionale steat biltiet. Hy wie ek de greate restaurator fan de godstsjinst: hy bimasteret de Montserrat en bout of bout op 'e nij
| |
| |
de greate kleasters en de biskopssitten, dy't yn it âldste diel fan Katalonië jit foarbylden binne fan in romaenske kunst, dy't mei har mânske koaren, ranke tuorren en har nijsgjirrige muorreskilderingen fan in sterke spiritualiteit en greate krêft tsjûget.
De opfolgers fan Wilfrid I sette syn foroveringen fuort en bifêstigje it gesach fan de greven fan Barcelona. Syn pakesizzer Borrell II (940-993), folslein yn 'e pogge nei it greate offensyf fan Al-Mansour, dy't yn 985 de stêd Barcelona forwoastge, profitearre derfan om ûnder syn suzerein, de kening fan Frankryk, dy't him yn 'e steek liet, wei to kommen. Mei't er alhiel op eigen krêft de Moarske ekspedysje tobekkrong, proklamearre er him yn feite as de ûnôfhinklike souverein fan in Foarstendom Katalonië, dat offisieel inkeld it Greefskip Barcelona wie. It wie omdôch dat Hugo Capet, de nije kening fan Frankryk, bisocht de feodale bannen, dy't de greve oan it Karolingyske Hûs bonnen, to fornijen. Dy bannen wiene de facto brutsen, al waerd dat earst yn 1258, by it traktaet fan Corbeil, tekene fan de Hillige Loadewyk en Jakob de Oermasterder, offisieel ynskikt.
Undertusken hiene de opfolgers fan Borrell II syn taek forfette. Wy neame allinne Ramon Berenguer de Alde (1035-1076) hwaens kriichsrom ús net forjitte litte moat, dat hy de Usatges de Catalunya opstelle liet, de foarste feodale kode, hûndert jier âlder as de Magna Charta yn Ingelân. Dyselde greve bigoun in polityk fan machtsútwreiding oare kant de Pyrenéen, dy't mei Alfons I it hichtepunt bilibbet en by Muret syn bluodderich ein fynt.
Ramon Berenguer III, dy't yn de skiednis bikend is as de Greate, set de grinzen fan syn gebiet út mei't er de Moaren Tortose (Tortosa) en Lleida (Lérida) ûntskuort. Dan bisiket er mei in ekspedysje nei de Baléaren (1114) om Mallorca en Ibiza to bisetten. Hja binne net lang yn syn gewelt, mar yn 1229 wurde se fannijs fan Jakob II oermastere. Ramon Berenguer III boaske oan Douce, erfdochter fan de Provence, en dy Uny sil neilizzende lânnen, dy't yn tael en kultuer hast susters binne, Katalonië en de Provence, oaninoar knotsje. Under it regear fan de soan fan niisneamd pear, Ramon Berenguer IV, biskiedt in oar keninklik houlik oer de takomst fan de dynasty en de lânnen, dêr't hja it biwâld oer hat. De greve fan Barcelona boasket yn 1137 oan de tige jonge prinsesse Peronella, dochter fan kening Ramiro fan Aragon. Harren soan en erfnimmer sil Alfons wêze (I fan Katalonië en II fan Aragon) en dy foarste greef-kening wie ien fan de greate monarchen fan de Midsieuwen. Yn syn hôf, it hôf fan in Pyreneesk foarst, dy't tagelyk
| |
| |
Midsieuske skilderkunst (museum Girona)
| |
| |
Net ôfboude tsjerke ‘La Sagrada Familia’ to Barcelona, skeepping fan Gaudi
| |
| |
troubadour wie, hwaens lânnen rounen fan de Alpen oant de Atlantyske Oaséaen, like de dream fan in great ryk, dêr't de Pyrenéen de midden fan útmakken, forwêzentlike. Dizze swide dream sil lykwols mei syn soan, de ridderlike en galante kening Pier, paradoksalernôch de Katholike taneamd, forslaen en fordwine. Dy foarst, dy't yn 1204, nei in reis nei Rome, fazal wurdt fan de Paus, moast him om syn Occitaenske ûnderdienen to fordigenjen, tsjin de krústocht keare, dy't troch deselde Innocentius III tsjin de Albiginzen preke waerd en sûnder dat er de krisis der't Occitanië (‘la Franse d'Oc’) yn ûndergean soe mei politike wapens oplosse kinnen hie, soe er side oan side mei de ketters yn de slach fan Muret, op 12 septimber 1213, falle.
Foar it jonkje, dat er neiliet, berne út syn net sa botte lokkick houlik mei Marije fan Montpellier, foar Jakob, dy't de skiednis kenne sil as de Oermasterder, komt de tige slimme taek op om út de ramp, dy't syn heit troffen hie de konsekwinsjes to lûken en nei Suden en Easten de útlit to sykjen dy't de biologyske krêft fan syn folken driuwend easke. Yn de trijensechstich gloarjerike jierren, dat er regearre, koe er it fleurich opnimme tsjin de greatste keningen fan syn tiid. Hy wreide syn domeinen út mei't er Mallorca en Menorca, en it keninkryk Valencia forovere. De Baléaren waerden allinne fan Katalanen bimastere; it wiene dus Katalanen dy't se bitolken en dy archipel har rjocht, politike organisaesje en tael skonken. De forovering fan Valencia en dy fan it keninkryk Murcia - dat Jakob I mei in seldsum respekt foar fordraggen oan syn skoansoan, de kening fan Kastilië, ôfstie - bart troch Katalanen en Aragonezen beide, dat sadwaende sil de nije bifolking yn in part fan it oermastere gebist Aragoneesk sprekke en Aragoneesk rjocht krijs. It greate gros fan de bifolking fan Valencia sil lykwols katalaensk-talich wurde en bliuwe.
It houlik fan de âldste soan fan Jakob I mei in Siciliaenske prinsesse, de dochter fan kening Manfred, dy't oerwoon en fordreaun waerd fan Karel fan Anjou, soe de opfolger fan de Oermasterer, Pier II, de fortsjinne tanamme de Greate biskikke. De skiednis fan de yntervinsje fan de Katalanen ûnder lieding fan harren kening yn de Italiaenske polityk is ien fan de wûnderlikste episoaden út de Midsieuske skiednis. Hja bigjint mei de folksrebûlje, dy't ‘Siciliaenske Vesper’ hjit (31 maert 1282), de opstân fan de bifolking fan Palermo tsjin de Frânsken en wurdt fuortset mei Piers lânning op it greate eilân, dêr't hy en syn wiif Constance as kening en keninginne fan Sicilië kroane wurde. Dit bitsjutte net allinne dat hja in iepen striid
| |
| |
tsjin in machtich oanfierder as Karel fan Anjou bigounen, mar ek tsjin Frankryk en de Paus, deadsfijannen fan de Hohenstaufen, dêr't Pier fan Katalonië-Aragon it erfskip fan opeaske. Pier waerd troch de Paus yn 'e ban slein en dy, Martinus V, preke sels in krústocht om him út syn domeinen to fordriuwen. De ynfal fan it krúsleger, dat oanfierd waerd troch de kening fan Frankryk, Filips de Dryste, roun út op in ramp. De oerwinning dy't op it fêstelân en op 'e sé troch Pier en syn admiraels - de forneamde Roger de Llúria ûnder oaren - bifochten waerden, kearden de útfiering fan de pauslike dekreten tsjin. Mar nei dy lange rige oerwinningen soe Pier de Greate op 10 novimber 1285, nei in regear fan njoggen jier, stjerre. Fan him haf Dante sein dat hy in foarst wie, dy't
d'ogni valor portó cinta la corda.
De trije soannen fan Pier de Greate soene alle trije kening wurde. Alfons, de Goederjowske, sette de polityk en de rige oerwinningen fan syn heit fuort en stoar sûnder bern yn 1291. Syn broer en opfolger Jakob II, dy't de troan fan Sicilië biset, die war om in earfolle oplossing foar it konflikt to finen, mei't er it traktaet fan Anagni (1295) sleat. Mar syn jongste broer, Freark, naem de kêsten fan dat traktaet dy't ûntromming fan it keninkryk Sicilië easken, net oan en hâldde hoek op it greate eilân, dêr't er syn dynasty grounfêste. Under de lêste keningen falt it bûtenwenstich aventûr fan de Almogàvers, de Katalaenske swalkers dy't it, earst ûnder de oarders fan de keizer fan Konstantinopel en doe op eigen manneboet, slagge om yn de Levant in ryk to stiftsjen en de hartochdommen Athene en Neopatria to bisetten. Binei hundert jier wiene de Grykske gebieten, dêr't de widze fan de biskaving fan it Westen stien hie, Katalaenske bisittingen. De Katalaenske flagge weage oer de muorren fan de Akropolis, it Katalaensk wie de offisiéle tael fan de hartochdommen, de Usatges fan Barcelona wiene it wetboek fan dy steaten, de boarne fan har rjocht.
Nei Jakob II, in kundich en wiis monarch, bisocht syn soan Alfons III, oanfierder fan de Katalaenske legers, dy't it ryk fan Sardinië oermasteren, dat Bonifatius VIII de kening fan Katalonië-Aragon formeel taskikt hie, it paed dat him troch syn heit wiisd wie to folgjen. Syn regear wie koart en fol tsjinramp, beide hwat persoanlike sounens en famyljeforhâldingen oanbilange. Jakob II hie it ryk Mallorca, ûntstien by testamint fan Jakob de Oermasterder, mar troch Pier de Greate nei syn konflikt mei Frankryk en de Paus konfiskearre, oan syn neef de kening fan Mallorca, weromjown. Dizze skieding wie yn de eagen fan de jonge Pier III, de Ceremoniéle, soan
| |
| |
en opfolger fan Alfons, in fout, dy't forholpen wurde moast. Yndied waerd yn 1344 nei in sé-ekspedysje tsjin de Baléaren en in kampanje om Roussillon en La Cerdagne to bisetten, dy't ek ta it eilânryk hearden, dit ryk dat troch syn oer-oerpake bimasters wie, troch de greve fan Barcelona en kening fan Aragon en Valencia ynlive.
It lange regear fan Pier de Ceremoniéle (51 jier) falle twa oarloggen yn: de striid tsjin Genua, dêr't Sardinië en de Middellânske Séhannel de ynset fan binne, mei de bislissende slaggen fan de Bosporus (1352) en by Alguer (1353), en dy tsjin syn genamt, de kening fan Kastilië, dy't trettsjin jier duorret. Pier is de politike en taeije foarst, dy't de aspiraesjes fan de eallju ûnderwrot en dy't de Méditerrane útwreiding - troch syn âffaers bigoun - forfettet mei't er bisiket Sicilië by syn lânnen yn to liivjen. De keninginne fan Sicilië, syn pakesizzer, dy't er boaskje litte wol oan syn âldste soan, trout op 't lêst mei Martinus, ek in pakesizzer fan sines. Pier is ek de kening, dy't de greate ekonomyske en sosiale foroaringen, dy't de Swarte Pest toweibringt, meimakket. As it greate westlike skisma it him mûglik makket om him oan de gnjidzjende autoriteit fan de Paus to ûntwinen, flechtet er yn in hâlding fan ûnforskilligens foar de beide Pausen oer, dy't syn politike doelen tige bigunstiget.
Syn beide soannen Jan I, de Jager, en Martinus, de Minsklike, binne de lêsten fan de fan Wilfrid groune dynasty. De foarste lit nei syn dea allinne twa dochters nei, hwaens manlju forgees bisykje om har rjochten jilde to litten. De twadde forlear syn iennichste soan, kening fan Sicilië en in treflik kriichsman, koart nei in greate slach yn Sardinië en dêrmei gyng alle hoop op in opfolger tolnar en kamen syn lânnen nei syn dea (1410) in skoft letter bleat to lizzen foar dynastike strideraesjes. Njoggen folmachten, dy't de lânnen fan de Kroan fortsjinwurdigen kamen to Caspe gear en wiisden nei gâns hinne-en-wergepraet de Kastiliaenske infant Ferdinand oan, omke fan de Kastiliaenske kening en oan memmekant pakesizzer fan Pier de Ceremoniéle. Dizze nije kening fan Aragon bigjint de dynasty fan de Trastamara's mei. Under it langduorjend regear fan twa soannen fan sines, earst fan Alfonsus IV, de Greatmoedige, dan fan Jan II, de Trouweleaze, wint de ûnforskilligens en letter de fijânskip fan de Katalanen foar de keninklike polityk oan. Alfons sil al syn krêften oan de Italiaenske foroveringen jaen en soe oan syn soan, de oerwinneling Ferrante, de kroane fan Napels neilitte, dy't er bimastere hie.
| |
| |
By syn dea yn 1458 is it syn broer Jan, kening fan Navarra, dy't him as greve fan Barcelona en kening fan Aragon opfolget. Ringen sil er op wjerstân by de Katalanen stjitte. Dit is de krisis, dy't de Katalaenske Revolúsje hjit en dy't tolve jier oanien (1461-1472) de Generaliteit fan Katalonië, it echte lânsregear yn 't forset bringt tsjin de kening, dy't troch syn ûnderdienen ófset wurdt. Ien fan de oarsaken fan dit konflikt wie de forfolging fan de Prins fan Viana, de âldste soan fan de kening: Jan wie wer troud en syn twad, Kastiliaensk wiif hie greate plannen mei hàr soan, de lettere Ferdinand de Katholike. Nei de dea fan de Prins, dy't hja wòl taskreauwen oan syn stiemem, sochten de Katalanen in oare kening. Dat wurde efterinoar: foarst de kening fan Kastilië sels, Hindrik IV, dy't syn nije ûnderdienen al gau yn 'e steek litte sil; de konnetabel fan Portugal, dy't bineamd waerd ta Pier IV, kening fan de Katalanen, mar dy't nei in koart, rampsillich regear stoar en by einsluten de kening fan Provence, René fan Anjou, dy't syn soan Jan fan Kalabrië stjûrde as syn lutenant. Mar nei in lange kampanje en in biliz fan Barcelona krige Jan II, dy't help ûntfong fan de kening fan Frankryk it saffier, dat de Katalanen bilies joegen. Roussillon, dat ûnderpân wie foar de Frânske help, bliuwt tweintich jier yn 'e macht fan Loadewyk XI en dizze bisetting foarme in precedint foar de kêsten fan it Fordrach fan de Pyrenéen.
Jan II syn soan, Ferdinand de Katholike, wie al boaske oan de keninginne fan Kastilië, doe't de dea fan de kening fan Katalonië-Aragon it him mûglik makke om beide kroanen to forienigjen. Nettsjinsteande dizze uny bleauwen de lânnen fan Kastilië administratyf, en yn rjocht en tael skaet fan dy fan de kroane fan Aragon. Under it biwâld fan de katholike keningen falle - lit ús it net forjitte - de forovering fan Granada, dy't de totale fordriuwing fan de Muzelmannen út Spanje bitsjut en de ûntdekking fan Amearika, in ûnbidich gelok en bjuster fortún foar de Kastilianen, hwant de Katalanen waerden útsletten fan de kolonisaesje fan de pas ûntdutsen lânnen.
Fan dy tiid ôf rint de skiednis fan Katalonië, offisieel alteast, lykop mei dy fan Spanje. Wy moatte lykwols opmerke, dat twa kear, yn 1640 (oarloch fan de ‘Segadors’, Meanders) en yn 1700 (Opfolgingsoarloch) Katalonië syn liedende rol en sels syn ûnôfhinklikheit bisiket werom to winnen, om't syn wetlike autonomy oanfretten of ûnderdrukt wurdt troch regear en kening. It lange konflikt, dat yn 1640 bigjint en dat Portugal de frijheit bringt, sil Katalonië in skoft yn de earms fan Frankryk driuwe. Troch de wil fan de Katalanen sille Loadewyk XIII
| |
| |
en nei him Loadewyk XIV souvereine greven fan Barcelona wêze. Mar it konflikt einiget yn 1652, nei in biliz fan Barcelona, mei ûnderwerping oan de kening fan Spanje en it forlies fan Roussillon en La Cerdagne, dy't by it traktaet fan de Pyrenéen troch Frankryk ynlive wurde. Filips IV hie lykwols, as Jan II ek, alle privileezjes fan de Katalanen, dy't troch de unitaristyske polityk fan de greef-hartoch Olivares yn 1640 bidrige waerden, ynskikt.
Spitigernóch bisloech it nije konflikt, hweryn de Katalaenske lânnen - hwant Valencia, de Baléaren en sels Sardinië stiene oan de kant fan Katalonië - foar it unitaristyske Kastilië oer kamen to stean, net sa gelokkich. Tsjin Filips V, in Frânske prins, dy't fol siet fan it sintralisme en it absolutisme, dat syn pake Loadewyk XIV ynfierd hie, stelden de Katalanen aertshartoch Karel fan Eastenryk, dy't harren ûnthiet om har privileezjes hânhâlde to sillen. Yn de koälysje-oarloch, dy't Europa tsien jier efterinoar toheistere, liet it feit, dat Karel de keizerskroan krige de skealjens nei syn tsjinstanner trochslaen. It dramatyske biliz fan Barcelona yn 1714, de lêste episoade fan striid op Katalaenske groun, spilet him ôf yn de snuorje, dat de Europeeske machten oer de Katalaenske kwestje gearreitsje. Op 11 septimber 1314 wurdt Barcelona, nettsjinsteande de helthaftigens fan syn folksmilysje, troch in stoarmrin oerweldige. De oerwinning fan Filips V bitsjutte de totale ûnderdrukking fan de Katalaenske privileezjes en ynstituten. It keninklik dekreet Nova Planta (Nije organisaesje) skoep op de púnfallen fan de gloarjefolle korporaesjes: de Rie fan Hûndert fan Barcelona en de Generaliteit fan Katalonië, in juridyske konstruksje, dy't ôfhong fan de kening en hwaens haed de kapitein-generael wie. De autonomy fan Katalonië wie dien. Syn tael waerd ôfskaft yn it iepenbiere libben, yn de wetjowing, yn de skoallen. Dit bitsjutte de ejn fan de Katalaenske naesje, sa't in histoarikus dit momint neamd hat. En dit is net oerdreaun, hwant ûnder de Bourbons, de hiele achttsjinde ieu lâns, sille de Katalanen sels writen dwaen om de trouste ûnderdienen fan de keningen fan Spanje, de neisieten fan harren fijân Filips V, to wurden en ûnderwilens har lân, yn 't lyk mei de bigjinnende
yndustriéle revolúsje, yn de rykste provinsje, mar inkeld in provinsje fan it Spaenske ryk, foroarje.
Under Ferdinand VI en dêrnei ûnder syn broer Karel III, dogge de Katalanen alle war om har lân, dat slim lit hie fan de oarloch, wer op 'e kluten to krijen. Hja krije it frij en stjûr hannelsguod nei de greate merken fan Amearika. Birôve fan harren universiteit, dy't nei Cervera oerbrocht is, rjochtsje
| |
| |
de Barcelonezen sels ynstituten op as de Junta de Comercio, mei technyske skoallen en kunstynstituten. De oarloch tusken Spanje en de Frânske Republyk (1793-1795) bifêstiget sa 't liket de trou fan de Katalanen oan it keningshûs en it Spaenske heitelân. Mar it regear fan Karel IV en syn favoryt Manuel Godoy is, óárs as dat fan Karel III, net botte gaedlik om de Katalanen mei to krijen. Der is gâns krityk op in regear, dat him net wit los to meitsjen fan tsjinstridige bounmaetskippen en dat nei de frede fan Bazel mei gauwens yn oarloch rekket mei Ingelân, itjinge foar de Katalaenske yndustry en lânbou, dy't fan har merken oare kant de sé ôfsnien waerden, in greate slach is.
It troch Napoleon ynfierde biwâld, dat seis jier duorret, sil de Katalanen op 'e lije side oankomme en makket it Katalaensk ta offisiéle tael. Mar, ôfsjoen fan seldsume útsûnderingen, litte hja har net peije. It ûntbrekken fan in sintrael regear wurdt opfolle troch it ûntstean fan spontaen út it folk opkommen organen en troch in ûngeregeld leger, eardere banditen faek, dy't ta forwoeste patriotten waerden. Mar de demokratyske tinkbylden, dy't de soldaten fan it Keizerryk yn Spanje en oeral forspraetten, joegen nij libben oan de nea net stoarne tradysje fan in nasionale en yndividuéle frijheit, dy't troch rjochten en ynstituten waerboarge is.
Nei de oarloch joech in politike en literaire Renaissance utering oan dat Katalaenske Pielen. It is gjin tafal, dat ien fan de literaire tydskriften, dêr't de nije skoalle syn produkten yn oanbea, El Vapor, yn 1833 in gedicht publisearre, dat suver in manifest is foar it Katalaensk. Dat is de Ode oan it Heitelân, dy't troch syn draechwiidte folle mear losmeitsje soe as de skriuwer sels wold hie en dy't as de foarste útdrukking fan de Katalaenske Renaissance jildt. Letter wurde de manifestaesjes machtiger. Dat dogge dichters as Rubió i Ors, Victor Balaguer, Milâ i Fontanals en binammen de greatste mank harren, Jacint Verdaguer. Dat dogge tinkers en toanielskriuwers, politisi en patriotten, wittenskipslju en kunstners, dy't meiinoar bisykje in koherinte doktrine to stallen út de streamingen, dy't de Katalaenske ynspanning rjochting en ienheit jowe.
De njoggentsjinde ieu is yn Spanje in tiid fan grimmitige boargeroarloggen. De Katalanen dogge der ek oan mei en it is nijsgjirrich om fêst to stellen, dat Carlisten en Federale Republikeinen beide folle oanhingers hawwe yn Katalonië en de partisanestriid dêr it karakter fan in folksstriid hat. It is gjin paradoks as wy sizze dat ûnder tsjinstridige findels beide rjochtingen trou wiene oan in suver Katalaenske tradysje, op- | |
| |
kamen foar nasionale en yndividuéle frijheden, dy't in konstant elemint foarmje yn de skiednis fan Katalonië.
It Katalanisme, as politike doktrine berne yn de boeken fan skiedkundigen en sosiologen fan beide rjochtings, waerd ringen politike biweging. Sûnt de foarste jierren fan dizze ieu docht it war om ynfloed to winnen yn iepenbiere organen om dêr in fornijende wurking to dwaen, wylst de Spaenske steat yn deselde tiid de spylbal is fan ‘caciques’ of yn rampsillige koloniale oarloggen fortiisd rekket. Yn de tweintichste ieu is it Katalanisme, de Katalaenske Biweging, mei syn greate figueren as Maragall en Prat de la Riba, Cambó, Carner, Abadal, Macià, Nicolau d'Olwer, Companys en safoile oaren, by útstek in fornijende biweging en hja dreamt der sels fan om de Spaenske steat ta har idéen to bikearen. En de oerwinnings èn de échecs fan dy Biweging en de dingen dy't Katalonië yn de foarste fyftich jier fan de ieu bilibbe, sille, meije wy hoopje, dizze positive biweging suverje en har al de effektivens jaen, dy't nedich is om de Steat om to foarmjen en ta it harmonieus gearlibjen to kommen fan de yn Spanje wenjende folken, yn folle yndividuéle en taelkundige frijheit.
|
|