eagen dy't him juster in folsleine weelde foarspegelen...
‘Mar August ju, tink ris ta, hjoed moatte wy perfoarst nei de skouboarch. Op in dei as dizze...’
‘Mar bist net wiis, heit.’
De gewoante om hearrich, altyd hearrich to wêzen lit him yn 'e stoel werom sakje. Mar hy wurdt fitere troch in opstiging ta rebelly. Hy wurdt gek as er om dy eagen tinkt, as er him it sarkastyske glimke foarstelt, dat dêr yn opljochtsje soe as hja dit tafriel bywenne. Mei forwrongen antlit, sa'n ynspanning easket de bislissing, riist er rimpen oerein en slacht dinderjend mei de fûst op 'e tafel.
‘Né, ik gean fuort. En nou't jim hjirre binne, wol ik jim meiiens mar sizze dat it nou út is, foargoed út. Tinke jim meiskien dat der mei myn wil gjin rekken hâlde wurde moat? Dat mist jimme glêd. Ik bin it sêd as spein spek om foar oaren to arbeidzjen.’
Alle fjouwer binne se oereinsketten en sjogge inoar forheard oan, mei de wanhopige útdrukking fan in gasthear as in ûnkorrekte gast de dames forlegen makket. De útbarsting is sa ûnforwachte, sa bryk yn dizze sêftsedige man, dat elkenien tinkt dat it him yn de plasse slein is.
Bidaerd, sûnder har bihearsking to forliezen, is Gertrude by him kaem om him del to bêdzjen en de pols to fielen.
‘Kom, kom August, hwerom falst sa út? Bigrypst net dat al dy oerstjûrens net goed foar dy is? Letter hast it war oan de mage fansels. Kom, bidarje dy: dû witst dochs, dat wy hjir allegearre mâl mei dy binne? Haarink, hy is koartsich. Kom Michiel, dû hast ommers forstân fan dokterjen?’
Krekt as hie de ynspanning him hielendal útriden, liet Samson him bimemkje en bidwaan. Hy liet gevuurde, dat hja syn hert biharken, hy liet him op 't skouder klopje en doe't er ienris útklaeid en wol op bêd lei, kâlde kompressen op 'e holle lizze. Ut en troch rint it him kâld oer de lea. It is wrychtich noflik, jin sa as in bern bioppast, biwekke, regearre to fielen. Fansels, hy wie oerstjûr, hja moatte wol gelyk hawwe, hy hie ommers forheging ha se ûntdutsen? Ja, sa'n hjerstblinkje is fordealde gefaerlik. Soest alles wol oanpakke wolle en hâldst der gjin rekken mei, datst gjin jongfeint mear biste. Op dyn jierren kin sa'n oankomst allinne mar skea dwaen. Kunst samar in set krije! Ja, fansels, dat fanke... Hja is moai, dêr is gjin mis op. Mar wol dat sizze, dat hja al dy heibel wurdich is? It is fansels in klitse, bist ommers mar troch in pear lieninkjes mei har yn 'e kunde rekke. Hja kin forgémy wol in vampyr wêze, sa'n ien dy't jin yn in hotelkeamer kâld makket of jin