De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Jacint Verdaguer: Earmoed (Pobresa) Ear en fortún, 'k rekke alles kwyt yn 't libben, de dreamde lauwerkroanen rekke ik kwyt; rudige earmoed heart nou ta myn sibben, in oanstjit bin ik foar de idelhyt. Myn jild dat haw ik troch de finsters smiten. Ik wist, my wachte kostliker skat: al myn bisit ha 'k neigeraden sliten en sjoch, myn wjokken waerden licht as hwat. De earmoed earst brocht my de wiere wielde; forlear 'k myn goed, syn kwellend jok lyksa; doe't ik gjin oanstriid mear fan 't ierdske pielde, sei God: ‘Soestû oan My genôch net ha?’ Vorige Volgende