Yn de boukunst hie dy biweging as greate skeppende persoanlikheit Antoni Gaudí, de wurkmaster fan almeugend dryste, organyske en polychrome konstruksjes mei sterke plastyske wurking, alhiel ûnôfhinklik fan de oerlevere stilen en aloan mear rjochte op strukturéle útfiningen.
Njonken him fortsjintwurdiget Puig i Cadafalch de oergong fan in nei de Midsieuwen swymjend symbolisme nei de blomstyl en dêrútwei nei in forienfâldige en hast funksionéle Neobarok. Yn syn Paleis fan de Katalaenske Muzyk, in konstruksje fan bakstien en izer, biklaeid mei keramykmozaïken, skoep Domènech in forhearliking fan de ‘art floral’. It fjûr, de forbylding, de drift fan dit modernisme rint lykop mei in oanwinnend nasionalisme.
Sûnt 1911, doe't Katalonië eigen politike, kulturéle en ekonomyske ynstellingen bigoun to krijen, bringt it s.n. ‘Noucentisme’ oarder, tucht, klearens, méditerrane harmonije en in konstruktive wil. Yn de boukunst wie dit it tiidrek fan de greate skoallen, bouwurken hwerby't de tradisionéle foarmen modernisearre waerden.
Nei 1928 krige de rasionéle boukunst yn Katalonië foar it earst hâld troch it stribjen fan in groep boumasters mei as sintrale figuer Josep Lluís Sert, dy't nei de boargeroarloch deken fan de Architekteskoalle fan Harvard University waerd. Nei de oarloch wie oant 1951 it akademisme forplichte, mar dêrnei ûntstie in nije bloei fan de moderne boukunst, dêr't Coderch en Antoni Bonet yn foarenoan steane.
De byldhoukunst fan de modernistyske biweging foun syn greatste kréative kunstner yn Josep Llimona, in soarte Rodin, mar tagelyk idéaler en réeler. It Noucentisme ûntdiek de mediterrane skientme en in eal gearspyljen fan de massa troch de greate Aristides Maillol, berne to Banyuls, en troch de kunstners Casanoves en Clarà. Tonei stribbet Rebull nei in forstrakking fan de foarm.
Oan de oare kant hawwe Gargallo en Juli Gonzâlez, skeppers fan de metael-skulptuer, Europa útholle foarmen skonken, de leechte yn it byldhouwurk, de suggestive krêft fan laske izer; hja hawwe in avantgardistysk karakter, dat útroun op it hjoeddeiske wurk fan ekspressive abstrakten as Subirachs en de konstruktive abstrakten as Villèlià.
Yn de skiiderkunst waerd it Modernisme fortsjintwurdige troch de greate foaroanman Isidre Nonell, dy't gauris Sigeuners skildere, mei in bûnt forheljend palet.
Yn 1911 leit Joaquim Sunyer it aksint op oarder en konstruktivens; hy is de man fan in rêstich en klear Noucentisme,