De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 102] [p. 102] Jacint Verdaguer: De swiete lest (Dolça carrega) Mei de liemen krûk op 'e holle Komt Marije fan de saed. Al dripket de krûk, likefolle Swit dript del op 't paed. En de blommen sizze en de bliere Fammen as se dat sjogg': Stjerren moasten har siere, Hoe moai is har antlit doch. Sint Joazep tûken loege Yn de bosken fan Nazareth, Sa swier dat syn skouders bûge En de âld man wankelet. Jezus iep'net de lippen: Mem, jow dy krûk oan my! Sjoch jimme Heit ris skrippen, Help him, and'ret sêft Marij. Mar Joazeps wurden klinke: Ik kin noch, 't is net sa fier. Jow him de kruk mar, Minke, Hy is foar dyn hals to swier. Jezus stekt beide hannen Glimkjende út en sa, Mei ien hân oan wjerskanten, Helpt er net ien, mar twa. Vorige Volgende