De Tsjerne. Jaargang 18
(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 123]
| |
L. Nicolau d'Olwer †:
| |
[pagina 124]
| |
weegde greate kroniken fan Jacob I, Desclot, Muntaner en Pier III. Yn de didaktyske sektor jowt Ramon Lluli in encyclopédysk oeuvre, hweryn it Katalaensk, as earste fan alle folkstalen, brûkt wurdt as tael fan wiisbigearte. Fierders skreau Ramon Llull twa greate ‘romans’: Blanquerna en it Llibre de maravelles. Yn deselde tiid skriuwt de medikus Arnau de Vilanova wittenskiplike wurken. De moralisten nimme de ynhâld fan har wurken en de koarte, biheinde foarm oer út Salomo en oare easterske boarnen. Dêrfoaroer is de franco-bretonske ynfloed tige sterk yn de imaginative genres. De wurksumheden fan it Katalaenske parlemint, ien fan de âldsten yn hiel Europa, liede ta in fiere ûntjowing fan de politike wolsprekkendheit yn Katalonië, dy't yn Jacob II en Pier II twa greate figuren hat, sa't har militaire taspraken en har ‘proposicions’ yn dat parlemint biwiizgje. De godstsjinstige literatuer levere yn it didaktyske genre trije greate proazaskriuwers op: Llull, de mystikus, Bernat Oliver, de asceet en de encyclopédikus Francesc Eiximenis. Under de forheljende wurken nimme bibeloersettingen it foarste plak yn. De lyryske wurken hâlde har by profane motiven. Fan it religieuze drama, dêr't wy de oarsprongen fan fine yn de dramatyske eleminten fan de liturgy fan Peaskeen Krystfeest, hawwe wy in foarbyld út 1380: it Misteri de sûnt Esteve, fan de katedrael fan Girona. De ynfloed fan it greate Italiaenske trijemanskip is oerhearskjend yn it klassike tiidrek, fan Bernat Metge oant de dea fan Roís de Corella (1388-1500). Petrarca wie binammen troch syn latynsk wurk bikend; de ynfloed fan syn lyryk komt letter en bigjint mei Jordi de Sant Jordi. Lytser wie Dante syn ynfloed, al binne der yn Curial e Güelfa (1450?) en de Glòria d'amor (1461?) fan Rocaberti spoaren fan oan to wizen. Op it tredde plak komt Boccaccio, dêr't lykwols gâns oersettingen fan bisteane. As meast direkte konsekwinsje fan dy ynfloed kaem yn dat tiidrek de humanistyske skriftekennisse ta greate bloei. Oersettingen fan klassike auteurs tilt it fan op en de oarspronklike wurken birikke troch de kwaliteiten fan it proaza en deugdlikens fan ynhâld in opmerklik peil. Lo somni (1398) fan Bernat Metge kipt der it meast út. Allyksa moatte de adoptaesjes neamd wurde, dy't Antoni Canals en Ferran Valentí, de foarste fan Petrarca's Africa, de twadde fan Cicero's Paradoksen, makken. Yn de twadde helte fan de fyftsjinde ieu binne de werskeppings fan âlde fabels troch Joan Roís de Corella in hichtepunt. | |
[pagina 125]
| |
Yn de lyryske dichtkunst bigjint dit tiidrek mei de ynstallaesje fan it Consistori de la Gaia Ciència (1393) en it oernimmen fan de poëtyske regels, dy't ôflaet binne fan de Leys d' amor fan Toulouse. Yn de tiid fan Martinus I en Ferdinand I (1396-1416) dominearret in, yn haedsaek Provençaelske tradysje en in archaïstysk taelgebrûk, klear útkommend yn in rige moralistyske en erotysk-mystike wurken. De hôven fan Alfons IV en de Prins fan Viana (1416-1461) bitsjutte yn it literaire de folsleine triomf fan de Italiaenske ynfloed en binammen dy fan Petrarca: Jordi de Sant Jordi en Ausiàs March binne yn dit stik de greate nammen. Under de lytsere dichters binne klassike ynfloeden en dy fan Dante sterker, ek de sin foar it histoaryske. Yn de lêste dékaden fan de fyftsjinde ieu bioefenet de Valenciaenske skoalle, dy't in tige kultivearre tael brûkt, fol latinismen, binammen it religieuze, allegoaryske en satyryske genre. Yn de sektor fan it imaginative wurdt de ynfloed fan de sentimintéle Italiaenske ‘novèlla’, dy't troch Barnat Metge mei de Katalaenske versy fan Valter e Griselda (1388) nei Katalonië brocht waerd, sterker as dy fan de Bretonske ridderroman. Ut har forbining wurdt de Katalaenske roman berne, mei syn forminging fan retoaryk en folkstael en syn réalisme, dat it wûnderbaerlike loslit en de kleur fan tiid en plak werjowt: as foarbyld neame wy Curial e Guëlfa en binammen Tirant lo Blanc (1460). It lêste wurk is skreaun troch Joanot Martorell en Martí Joan de Galba. Yn de satyryske literatuer is de Espill fan Jaume Roig (1460) in monumint. Mei kening Martinus I (1409) en kardinael Joan Margarit nimt de politike en patriottyske wolsprekkendheit ta yn lyryske biweging en wurdt it tal scholastike algemienheden lytser. Oan de ejn fan it tiidrek lykwols rekket hja troch de rédde ûndergong fan de Katalaenske parlemintaire ynstellingen ringen yn 't neigean. It profane drama ûntstie út de folksdounsen, de ‘antidounsen’, dy't de dichtkunst fan de troubadours oernaam. Der binne tsjugenissen fan dounsen ad hoc, dy't by kroaningen útfierd waerden en dy't de histoarysk-allegoaryske foarstellingen fan de fyftsjinde ieu ynlaetten. Mei it rudimintaire en binammen plastyske karakter fan it profane midsieuske toaniel foar eagen, is licht yn to sjen, dat de oersettingen nei de klassiken, lyk as dy fan de Trageedzjes fan Seneca troch Antoni de Vilaregut, der mar in bytsje ynfloed op hienen. De religieuze dichtkunst makke deselde evolúsje troch as | |
[pagina 126]
| |
de profane, mar hie dochs altyd in mear tradisioneel karakter. As pronkstik fan dit skift moat de Oració fan Joan Roís de Corella neamd wurde. It forheljende en didaktyske genre bleau tige nasionael, al is der sûnt Antoni Canals Italiaenske ynfloed to fornimmen. Oersettingen fan tsjerklike skriften en fan de Bibel komme folle foar; yn 1478 wurdt in folsleine bibeloersetting printe. Ek miskearret it net oan bilangrike oarspronklike wurken, lyk as de Pecador remut fan Felip de Malla. De tsjerklike wolsprekkendheit fynt yn Sant Vicenç Ferrer (1355-1419) in great fortsjintwurdiger, dy't al is er folslein kultuerminske, yn in bilearende, populaire, dichterlike trant preket. It religieuze drama gyng yn it âlde sok fierder. It bilangrykste mystearjespul is de Assumpta, út Elx (Kast. Elche), dat noch hjoeddedei alle jierren spile wurdt. It liturgysk drama underfoun ynfloed fan de profane tuskenstikken; sa ûntstienen de geastlike tuskenstikken. Fan de sechtsjinde oant en mei it foarste trêddepart fan de njoggentsjinde ieu bilebbe de Katalaenske skriftekennisse in tiidrek fan dekadinsje, in tiidrek, dat splist wurde kin yn in perioade fan delgong en in perioade fan ûntbining. De perioade fan delgong, fan de dea fan Roís de Corella oant Francesc Vicenç Garcia (1500-1608) bislacht de sechtsjinde ieu. De Katalaenske produksje bilunet, hiele genres wurde wei, it nasionale fielen kwynt, de tael wurdt earm. De Katalaenske skriftekennisse, dy't foar alle ynfloeden iepen stie, út alle boarnen fan kultuer dronken hie, dy't op de wei nei de Renaissance net efteroankaem, wurdt nou troch de militaire en politike gloarje fan Spanje, dêr't hja op biskieden, mar bliuwende weze ta meihelpt, forbline. De grinzen wurde sletten en elk kontakt mei Europa wurdt mijd. De Gryksk-Latynske renaissance, de twadde Italiaenske renaissance, de greate Frânske renaissance, it giet har allegear foarby; der is mar een smoarende ynfloed, dy fan Spanje. Forskate histoaryske faktoaren, en foar alles it feit, dat de Middellânske Sé syn posysje forlear, makken dat de hegemony nei Midden-Spanje forglied. De âlde woltier fan Barcelona en Valencia, de easterske hannel fan Mallorca wurde wei, de macht en de rykdom fan de korporaesjes fan it folk forminderje en krekt op it stuit, dat de caesaristyske streamingen fan de tiid de macht fan de foarsten bisterkje, krige Katalonië in frjemd keningshûs. It lân, dat troch dinastike biningen en oare omstannichheden oan Katalonië knotte waerd, is de machtige arbiter fan Europa en brengt in rike en moderne literatuer fuort fan | |
[pagina 127]
| |
ryk forskaet. Sa is to forklearjen, dat de Spaenske skriftekennisse it hiele Healeilân foroveret, al krong hja gâns earder yn Portugal troch as yn Katalonië. Binnen it Katalaenske taelgebiet nimme Mallorca en Katalonië de Spaenske literaire produksje samar oan, al drage hja ta har greate bloei yn de sechtsjinde ieu mar ien greate namme by (dy fan Boscà), wylst Valencia fuortdêrnei folslein assimilearre wurdt. De lyryk, abstrakt, bloedarm en ‘konseptistysk’, nimt in pear metryske foarmen fan Spanje oer en ûndergiet hieltyd sterker de ynfloed fan de Spaenske tael, mar biwarret dochs de hearskjende Tolosaensk-Katalaenske tradysje en de letterkundige en taelkundige ienheit yn it hiele territoir. Hja makket in perioade fan oergong troch, dy't syn poëtyske kodeks foun yn de Art de trobar fan Francesc d'Olesa (1538), dêr't neat oarspronkliks oan wie. Jordi de Sant Jordi, Ausiàs March en Roís de Corella, binammen de twadde, bliuwe de greate foarbylden. Oan de ejn fan de ieu konsintrearret de poëtyske aktiviteit har wer yn Katalonië, dêr't Pere Serafí (1565) him ûnderskiedt, in dichter dy't ûnder ynfloed stie fan de Spaenske skriftekennisse, mar Petrarca, likemin as Ausiàs March forgeat. It histoaryske proaza, al sûnt Pere Miquel Carbonell (1496) yn it neigean, bilunet ringen, nou't it nasionale fielen op stjerren nei dei is en de politike en diplomatike aktiviteit fan Katalonië ûnderbrutsen is. Yn dizze perioade komt de regionale en lokale skiedskriuwing en de stúdzje fan de heraldyk op. Yn Valencia, op Mallorca en yn Katalonië dogge Beuter (1538), Binimelis (1606) en Pujades (1609) foar it lêst war om skiednis to skriuwen yn it Katalaensk, mar foar de machtige ekspânsje fan de Spaenske historiografy moatte hja bilies jaen. De roman fordwynt halt hielendal, op in pear forsprate foarbylden nei, dêr't de fortaling Pierres i Magalona (1616?) it lêste fan is. It didaktysk proaza bliuwt yn wêzen, mar forliest alle letterkundige bitsjutting. De satiryske skoalle, binammen yn Valencia, biheint him ta it imitearjen fan de masters fan in foarich tiidrek. Ofsjoen fan de allegoaryske tuskenstikken op iepenbiere feestlikheden biheint him it theater ta imitaesje fan it Spaenske toaniel. Troch tadwaen fan de talrike religieuze ‘konkoursen’ wurdt de godstsjinstige dichtkunst drok bioefene, mar útrinders binne der net. Dy konkoursen ta eare fan de Hillige Faem en de Santen binne, mei de tradysje fan de âlde godstsjinstige dounsen oanlieding ta in greate produksje fan de saneamde goigs. It godstsjinstige proaza forliest it piid, dat it yn earder ieuwen | |
[pagina 128]
| |
hie. Wurken fan bilang foar de theology en de morael wurde yn it Latyn skreaun; de folkstael wurde allinne dichterlike - liturgyske en ascetyske - wurken yn skreaun, al bliuwt de tael ta in hichte suver en sûnder dialektyske fariaesje. De forboaden fan de Ynkwisysje, dy't oan de ein fan it foarige tiidrek de bibeloersettingen forbea (1498), dogge oan de ein fan ditte it godstsjinstige drama de dea (1591). Yn de perioade fan ûntbining, fan Francesc Vicenç Garcia oant Bonaventura Carles Aribau (1608-1838) ûntsteane yn Katalonië, op de Baléaren en yn Valencia op de púnfallen fan de âlde nasionale dichtkunst trije regionale dichtskoallen. Yn Katalonië libbet de tradysje fan de religieuze konkoursen fuort, dy't literair ek noch sahwat nivo lykje to hâlden. De oerwinning fan de Spaenske dichtkunst en de Spaenske metryk is folslein en absolút. Twa skoallen, beide troch in bukolysk archaïsme biynfloede, stride meiinoar: de triviale en tige vulgaire fan Francesc Vicenç Garcia en de mear akademyske, ‘konseptistyske’ en ‘gongoristyske’ fan Francesc Fontanella. Beide poëten dichtsje maklik, binne produktyf en forkastiliaenske, mar Garcia, hwa't tiidgenoaten en neiskaei biwunderje en neibauwe, wint it. Sûnt dy tiid is de Katalaenske skriftekennisse, hielendal útpitere en neffens foarm en ynhâld plat, in minne imitaesje fan it minste yn de Spaenske literatuer. Yn de sawntsjinde en achttsjinde ieu hearsket sa de burleske barok fan Francesc Vicenç Garcia, dy't gjin oare konkurrinsje hat as de minne retoaryk fan de Comunicació literària, oant by it bigjin fan de njoggentsjinde ieu der mei Mercè i Santaló, oersetter fan de Psalmen (Barcelona, 1806), de anonime skriuwer fan de Càntics de Sant Sulpici (Perpinyà, 1826) en Antoni Puigblanch einlings en to'n lësten symptomen fan fornijing trochbrekke. Op Mallorca, al is it skaat fan Katalonië, wit de literaire tael him yn de sawntsjinde ieu to hânhâlden, mar yn de achttsjinde ieu wint it lokale dialekt it en de poëzij Bakkat ta har leechste peil. As de njoggentsjinde ieu bigjint libbet de smaek foar literatuer, al is it dialektdichting, wer op. Effen letter docht it foarbyld fan Katalonië in fornijende wurking en de nije poëtyske skoalle underskiedt har troch in suvering fan de tael. Noch ûngelokkiger forliest Valencia yn de sawntsjinde ieu alhiel de tradysje fan de literaire tael - dy't Carles Ros yn de achttsjinde ieu omdôch wer bisiket op to nimmen - en der wurdt net oars skreaun as yn it slim korrupte lokale dialekt, dat yn in pear triviale satyryske dichten brûkt is. Yn it bigjin fan de foarige ieu is Tomàs Villarroya, dy't de literaire tael | |
[pagina *15]
| |
ANGEL GUIMERA
toanielskriuwer | |
[pagina *16]
| |
Skilderij fan Joan Miró út 1919
| |
[pagina 129]
| |
wer bioefenet, in foargonger fan de Renaissance, de oplibbing. Yn de forheljende literatuer bliuwt it histoaryske genre bistean, al is it folslein yn 't neigean rekke. Oan de ein fan it histoarysk ûntjowingsproses einiget de Katalaenske skiedskriuwing, sa't hja bigoun is: mei partikuliere oantekeningen of tinkskriften. De ôfskiedingsoarloch fan 1640-1652 en de dinastike oarloch fan 1705-1714 litte dit genre tydlik wer hwat oplibje. De didaktyske literatuer, dy't alle artistike bitsjutting forlear, forearmet jitte mear; offisiéle en juridyske publikaesjes hâlde op. Yn de sawntsjinde ieu bioefene Francesc Fontanella de pastorale tragi-komeedzje neffens neo-klassike smaek en yn Valencia bisykje se it mei de ‘comedia buffa’. Yn de achttsjinde ieu libbet it histoaryske toaniel neffens Spaensk model fierder en set Miquel Ribes Racine en Corneille oer. Bigjin njoggentsjinde ieu waerden op Menorca de versys spile, dy't Vicenç Albertí fan Molière, Goldoni en Metastasio makke. Yn deselde tiid lizze de stikken (ienakters, ‘sainets’) fan Josep Robrenyo en J. Renart i Arús to Barcelona, noch foar de Katalaenske Renaissance, de basis foar in modern toaniel. De religieuze dichtkunst fynt syn sterkste stipe yn de poëzijkonkoursen, dy't op Mallorca en yn Valencia noch de hiele sawntsjinde ieu trochgeane en dy't yn Katalonië noch yn de achttsjinde ieu hâlden waerden. Yn de sawntsjinde ieu fordwynt yn Valencia it godstsjinstich proaza. Yn Katalonië en op Mallorca wurdt it noch bioefene, mar mei in katechetysk doel en yn in konvinsionéle en retoaryske tael, skaei fan dy fan it folk, dy't de grammatikale foarmen dêrfan foroare en de Spaenske wurdskat en syntaxis neibaude. Yn de achttsjinde ieu wurdt dit karakter, oan de iene kant retoarysk, oan de oare dialektysk, noch sterkeroan; allinne yn de akten en offisiéle publikaesjes fan de tsjerke wurdt de taelkundige ienheit noch biwarre. Miskien is it godstsjinstich proaza wol it genre, dêr't de Renaissance it lêst yn trochbrekt. Yn de tsjerklike wolsprekkendheit is net ien namme it neamen wurdich. Der soe hielendal oer swijd wurde kinne as yn de sawntsjinde ieu de fûle polemyk, dy't oer it preekjen yn it Spaensk útbriek, der net west hie. De wyn fan de romantyk liet lykwols ús skriftekennisse wer oplibje: La pàtria fan Bonaventura Carles Aribau joech yn 1833 it sein foar de Renaissance. |
|