De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Maria Manent: De frou (La dama) Sompsiggen, grienige blommen, Bûge har djip yn 'e wyn, In frou seach ik dêr kommen, Sêft, yn 'e jouneskyn, Oan 't wetter, it skouwe en njoere, Mar wyt bloeit de roazepracht... De frou, hja stiet oan de oere En om har sinkt de nacht. Gjin sliep wol my nou troaije, De nacht is sa klear en hel: En ik sjoch, as in ranke en moaije Ljisk bûcht se sêft foardel. Dan fiel ik my sinken, sinken. Mar boppe de poel fan de nacht Sjoch ik har hals jit blinken, Kein, kein as de roazepracht. Vorige Volgende