de wet forbiedt my perfoarst om dizze soarte to forkeapjen sûnder dat de klant de folsleine forantwurdlikheit foar syn keap op him nimt. As Jo dizze papieren tekenje wolle...’
Dat woe ik fansels wol en ik folle in pear offisiéle formulieren yn. Dêrnei plante de keapman hwat pitten yn in blompot en frege my oft ik nei de modder sjen woe en jawol man, op in pear plakken bigoun dy omheech to protten, krige lytse barsten en doe kamen mei in gegouns dat klear to fornimmen wie in pear grieve sprútsjes foar 't ljocht.
‘Dy wol ik hawwe. Hoe hjit er?’
‘It is in ûnbikende fariëteit fan Hedera Helix.’
Wy waerden it iens oer de priis en doe't ik fuort soe, sei de man tsjin my, dat ik, as ik fier fuort wenne, my mar better ûnderweis net to lang ophâlde koe.
Ik krige de pôt mei beide hannen beet en treau him tsjin 't boarst, my ûnderweis foarstellend hoe bliid myn freondinne wol wêze soe.
In eintsje fan de merk ôf seach ik in man, dy't op glêsdiggels dounse en soks lit ik my nea net ûntkomme. Ik stie der nei to sjen, doe't ik ynienen fornaem, dat de klimmer my al oan de holle takaem en al groeijende gounze as in bije-swerm; ik waerd der bang fan. De blêdden hechten har oan myn gesicht, tige lestich, se kroepen sels yn myn earskulpen, dat ik koe kwealik mear hearre.
Doe krige ik yn 't sin om in taksy to nimmen, mar troch it tsjustere ynstinkt, dat taksy-chauffeurs eigen is, hiene hja yn 'e rekken, dat der foargoed hwat mis wie en easken ûnbidige prizen. Prot foroare ik fan doel en bisleat ynpleats om sa hurd as ik koe rinnende nei hûs to gean.
It mei my jit tinke dat doe't ik by de katedrael kaem, de plant my de earms forlamme. Ik hâldde de pôt net mear mei de hannen beet, hja waerd oerein hâlden troch de blêdden, dy't my om 'e lea slingeren. Mar it wie likefolle, hwant de pôt hâldde it net sa lang út as ik, de boaijem sakke derút, de woartels kamen der troch en longerich om de groun sykjend bigounen se om my hinne to winen.
Effen ear't ik thús kaem - ús hûs koe 'k al bieagje - bilammeren dy sprútsels my sa yn it gean, dat ik moast mei de fuotten byinoar fierder hippe. Krampich spande en ûntspande ik de spieren fan myn troanje om de groeirjochting oars to krijen en tofoaren to kommen dat it ûnrant my oer de eagen wreide!
Doe't ik al halt by de doar wie rekken de woartels de groun en hechten har der oan fêst; ik wie yn in grieve strûk foroare! In bosk stâllen spliste him ûnder myn kin, klom oan wjers-