De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Magi Morera i Galicia: Lady X (Lady X) Gjin goud dyn hier, 't is side fan de sinne, Garre fan féen, dy't it glimkjend spounen, En dy't, om't Inglâns kusten mistich binne, Mist leinep yn dyn eag'ne moannejounen. Pallas Athene hastû nimmer sjoen; De wrâld fan 't fûle ljocht is net dyn wrâld; En dêrom leit oer dyn fels parlemoen, De fochte wjerglâns fan it djippe wâld. Yn dy sil 't âlde en sterke ras forrize Dat, mei de rêsten fan forgongen steaten, Syn hearskippijen stifte, d' âlde en grize Beam, hy bloeit yn dy mei nije leaten. Mystearjefaem; o hwer kaemstû dochs wei? Dû wiest yn 't paradys en Eva nei. Vorige Volgende