J.V. Foix:
Wy seagen nei de loft, it waerme yntaest fan in offerlaem boppe de holle haldend (Mirarem el cel tot estrenyent damunt nostre les visceres calides d'un corder sacrificat)
Wy wiene tûzen, wy wiene tsientûzen,
hûnderttûzen;
Sleau tea gen wy fierder oer nachtlike wegen
Mei in inkeld wurd op 'e lippen, dat wy net sizze koenen.
Wy heven ús earmen op sûnder krêft,
Wykten tobek foar it djip geheim fan de bochten.
De frees liet ús sjen nei de himel, de frees liet ús sjen nei de sé,
De frees hat wounen iepene yn ús eagen.
Hwer binne de fosforescente cirri, dy't ús koartlyn gidzen
troch it wâd fan bliedende raeijen en it driuwend
krystal fan de sfearen?
Hwer de geheime stimmen dy't ús sêft de greatske hannen
iepenen en ús antlit bidieken mei dwelmige dauwe?
Hwer de roetputten, de barnende oere,
de keppels oanbean yn dimmene offers,
de skreaune tafel der wet,
de dolmen, dêr't wy de farske miellen op geaten?
De stêdden driuwe tusken de dûnzigens fan wolkens,
De boaten rinne op iensume strânnen topletter.
Ik bin allinne ûnder hûnderttûzen,
elkmis ûnder jim is allinne ûnder allen;
De ieuwene doarren binne foar jimme sletten, as de herten