slim net yn it drama as op oar mêd. Represintatyf foar dizze biweging is Carles Soldevila (b. 1892), dy't syn blijspullen yn forfine milieus spylje lit, mar net botte djip taest.
De wichtichste skriuwer út dit tiidrek is Josep M. de Sagarra (1894-1961), dy't gâns stikken op syn namme hat en tige populair wie. Nei't er it earst oars bisocht hie, skreau er dochs wer drama's yn fersfoarm, mar hold dêrby rekken mei de forméle easken fan it Noucentisme: Un estudiant de Vic (1927), La corona d'espines (De toarnekroane) en L'Hostal de la Glòria (De herberge fan de rom) binne in pear typyske stikken fan sines. De kwaliteit fan it fers wint it fan de karaktertekening en de yntrige. Tagelyk mei in oanrin ta in psychologyske karakterbiskriuwing by skriuwers lykas J. Millàs-Raurell (b. 1896), Carme Montoriol, Xavier Benguerel (b. 1905), is der sprake fan in fornijing fan de réalistyske styl yn de persoanlike en satiryske stikken fan Joan Oliver (b. 1899), ien fan de bilangrykste skriuwers fan hjoeddedei, en de wurken, dy't de problemen fan de arbeidzjende klasse bihannelje fan J. Gimeno-Navarro (1900-1955), b.g. Barraques de Montjuïc (De krotten fan Montjuïc).
7. Fan 1939 oant 1945. Nei de bisetting fan Katalonië troch it leger fan generael Franco oan 'e ein fan de boargeroarloch waerden alle foarstellingen yn it Katalaensk forbean oant 1945, de fal fan it Hitler-regime, hwat it Katalaenske toaniel in slimme knoei jown hat.
8. Fan 1945 oant 1963. Allinkelytsen is it Katalaenske toaniel wer op 'e kluten komd. It iene mei it oare hat it resinte forline lykwols in skieding toweibrocht tusken skriuwer en toaniel, dy't útroun yn in yntellektualistyske streaming. Net salyk by foaroarlochske toanielskriuwers as Sagarra, Oliver en oaren - Ferran Soldevila (b. 1894), Jaume Gras (1899-1961) -, om't de oanstriid ta in mear yntellektueel toaniel en de tapassing fan nije techniken binammen to merken wie by skriuwers, fan hwa't de wurken normalerwize foar it earst opfierd wiene yn e tiid, dêr't it ynterdikt yn foel. Yn it foarste plak heart Salvador Espriu (b. 1913) hjir ta, ien fan ús greatste libjende skriuwers dy't bihalven oare stikken fan wearde, it útsûnderlike Primera història d'Esther (Esther's earste forhael) skreaun hat, dêr't er op originéle wize it bibelske ûnderwerp fannijs yn útwurket. Oare skriuwers mei nije techniken binne Manuel de Pedrolo (b. 1918), Maria-Aurèlia Capmany (b. 1918) en Joan Brossa. In réaksje tsjin de yntellektualisearjende groep fynt men by de toanielskriuwers fan de jongste generaesje lykas J. Rabasseda (b. 1927), Ricard Salvat (b. 1934) en Baltasar Porcel (b. 1937).
(Oersetting út it Ingelsk fan Teake Hoekema)