De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 81] [p. 81] Salvador Espriu: By wize fan lofsang yn 'e timpel Hoe genôch kin ik hawwe fan dit myn lytsmoedich, âld, wreed heitelân; hoe lokket it my en tsjoch fuort, fier omfierren it noarden yn, dêr't nommel de minsken hjitte en kreas, biskaefd, ryk en frij, sûnder tasjoch en lokkich! Mar iepenlik soene myn lânslju ornearje mei spyt: ‘Hwa't syn wensté forlit wurdt in fûgel dy't fljocht út it nêst’, wylst ik, yn 'e frjemdte, lake om de wetten, d'âldfrinzige wiisheit, fan dit myn neaken folk. Mar de dream sil my nea net fortokje, ik sil wenje hjir oant myn dea. Hwant sels bin 'k oanhelle mei leffens en wredens, en ek yn wanhoop en smert haw ik dit earm lân leaf, myn tryst, ûnsjoch, ûnlokkich heitelân. (Oerset út it Ingelsk fan D.A. Tamminga) Vorige Volgende