De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina *5] [p. *5] CARLES RIBA dichter en humanist [pagina *6] [p. *6] JOAN MARAGALL (1860-1911) dichter [pagina 73] [p. 73] Joan Maragall: De boekebosk fan En Jorda (La fageda d'en Jorda) De wei nei Jordà's boekebeammen witst? Ast by Olot it boppelân forlitst Fynstû in oarde stil en dûnkergrien En nimmer yn 'e wrâld founst jit sa'n ien: In grien, hiel klear, as djippe wetters 't ha; Allinne Jordà's boekebeammen hawwe it sa. In swalker, dy't dy bosken binnengiet, Bigjint to dwalen sûnder dat er 't wit; Hy telt syn stappen yn dy grieve rêst, Bliuwt stean, fornimt neat en fordwaelt optlêst. De wrâld forjit him, hy forjit de wrâld Dêr yn de stiltme fan dat djippe wâld, En tinkt net mear, of tinkt forgees, om fuort: Hy is finzen naem fan Jordà's beammeguod, Fan stiltme en grien de finzene er is. O wûnder selskip! Frije finzenis! De nije huzing (En una casa nova) Al mitsljend nad'restû hwat altyd jitte Mandeguod wie: ljocht, romte, atmosfear; Nea sil in fûgel troch de loften sjitte, Nea fan in fjûr de reek hjir rize mear. It is àl dines. Bêst! Mei dyn boerinne Lang wâld ha hjirre mank jim mûnt're bern, Frede dyn door biskoattelje allinne, De needdruft him altiten iepen sjen. In eigen honk, o bern, forwachtet jimme. Tsjuch jim' de wrâld yn, dit biklibbet wol: Op 't eigen dak de rein syn goede stimme, Fan 't âldershûs de skaden, goed en gol. Vorige Volgende