| |
| |
| |
Joaquim Molas:
De moderne Katalaenske dichtkunst
Nei't it in kearmannich forgees bisocht wie - troch it politike birin yn it lân roun it stomp - die de Romantyk syn yntré yn de Katalaenske skriftekennisse mei in great gedicht fan B.C. Aribau (1798-1862): La Pàtria. Dit gedicht, dat yn it Barceloneeske tydskrift El Vapor (1833) opnommen wie, liedt in machtige nasionale biweging yn, de Renaissance neamd, dy't de ynteressen en de problemen fan de nije boargerstân, opkommen nei de triomf fan de yndustriéle revolúsje, ta utering brocht. As oeral yn Europa kin men ek by de Katalaenske Romantyk twa flanken ûnderskiede: ien liberael en revolúsionair (Pere Mata, Josep Sol, Victor Balaguer), de oare konservatyf, op it forline rjochte (Joaquim Rubió, Manuel Milà, Marià Aguiló). De twa streamingen bistrieden inoarren like fûleindich as se beide foar de lêste útfloeisels fan de achttsjinde ieu oer stiene; it resultaet fan dit konflikt, mear idéologysk en polityk as suver literair, wie in klinkende oerwinning fan de konservativen. Sa sjogge wy fan likernôch 1850 oant sahwat 1870 dat de histoaryske Romantyk de Katalaenske dichtkunst winliken folsein bihearsket, binammen via de akademyske tribune fan de Jocs Florals, dichterfeesten fan min ofte mear troubadoureske oarsprong, dy't yn 1859 wer ynsteld waerden. Fan de âldste romantyske generaesje moatte trije nammen neamd wurde: dy fan Manuel Milà i Fontanals (1818-1884), Josep Ll. Pons i Gallarza (1823-1894) en Teodor Llorente (1836-1911). De foarste roun derút mei evokaesjes fan feiten en persoanen út de Midsieuwen (La cançó del Pros Bernat); Pons i Llorente mei tige kompakte en kleurige lânskipsbiskriuwingen. De nammen fan Marià Aguiló (1825-1897) en Victor Balaguer (1824-1901) binne minder bilangryk.
Fan de jongere generaesje moatte neamd wurde Anicet de Pagès i Puig (1843-1902) en Angel Guimerà (1845-1924), dy't dramatysk en spektakulair binne. Francesc Matheu (1851-1938), de lêste min ofte mear opmerklike Katalaenske romantikus, is yntimer en pessimistysker. De greatste dichter wie lykwols Jacint Verdaguer (1845-1902), dy't fuort it objekt wurden is fan alderhanne leginden en forhalen. Syn libben lit typysk romantyske trekken sjen: út in dimmen boerelaech skaeid, fordigene er syn radikale minsklike en artistike yndividuélens yn in boargerlik, dompich en konservatyf formidden, dat yn dy hâlding oars net as greatskens en skandaelsikerij seach. Hy stoar, noch jong, oan de tarring. Syn
| |
| |
oeuvre, dat sawol de mystike kommunikaesje bislacht (Idil·lis i cants místics) as wiidweidige epyske dichten (Atlàntida, Canigó) rint der út troch syn natûrgefoel, syn machtige ûntjowing fan alle retoaryske krêften fan de romantyk en syn idiomatyske virtuositeit.
Tsjin 1870 rekke de Romantyk yn in krisis. Syn histoaryske en ideéle postulaten botsten mei de nije visy op de dingen, dy't de ûntjowing fan de 19e-ieuske boargerlike maetskippij rounom yn Europa meibrocht, in visy dy't réalistysk, positivistysk en sceptysk wie. Doe kaem in espel dichters nei foaren dy't lyk as Apel·les Mestres (1854-1936), Joaquim M. Bartrina (1850-1880) en oaren writen diepe om de nije foroveringen op it gebiet fan de filosofy (Comte), wittenskip (Darwin) en literatuer (Zola), yn de Katalaenske skriftekennisse to biheljen. Net iep fan dizze dichters birikte in artistyk nivo, dat der op troch koe, mar Mestres, hwaens naturalisme inkeld nei in prae-modernistyske wrâld fan féen en gnomen útgiet, hat dochs wol wurken jown (Cants íntims, Idil·lis), dy't wurdearring fortsjinje. Yn deselde tiid bûcht Miquel Costa i Llobera (1854-1922), mei Carducci en de Frânske Parnassianen foar de greate klassike tradysje fan Hellas en Rome en fordigenet de opfetting fan it gedicht as ‘autonoom ding fan skientme’. Dy posysje, dy't al yn El pi de Formentor (1875) en de Poesies (1885) klear forskynt, striidt mei de hearskjende esthétyske bigjinsels, dy't sûnt Hegel it kunstwurk opfetsje as in ynstrumint om minske en kollektiviteit to tsjinjen en sawol de skiene as de ûnsjogge eleminten op priis stelle. Sa waerd hja dus nòch troch de âlde romantyske generaesje, nòch troch de nije réalistyske skoalle oanfurdige.
Om 1900 hinne is de romantyske poëzij âlderwetsk en sûnder oansjen, wylst de réalistyske net bifrediget en striidt mei de lêste ûntjowingen yn de Europeeske djchtkunst: symbolistysk of dekadint, yrrasioneei en spiritualistysk. Dy nije poëtyske rektifikaesje sil njonken de ûnrêst, dy't de koloniale oarloch yn Amearika meibringt en de politike krises de Katalaenske dichtkunst, yn it bigjin mei fordrach, letter radikael foroarje. De foarste skrutene foroaring wie frijhwat heterogeen en typysk foar de krisistastân, dêr't hja út fuortkaem: in ekstreem yndividualisme, in dizich mystisisme, in syklik oerhingjen nei gotyk, sensualisme, ûntsnapping nei in abstrakt en absolút idéael wiene har merktekens. Dy biweging, dy't Modernisme neamd wurdt, birikte bilangrike resultaten yn de boukunst, de
| |
| |
skilderkunst, de muzyk, mar net safolle yn de poëzij. De trije greate dichters fan dizze jierren wiene der net alhiel ûngefoelich foar, mar bisochten harsels dochs yn oarewei op 'en djipsten to uterjen. Joan Maragall (1860-1911) is it symboal fan de Katalaenske maetskippij fan dizze snuorje: anarchistysk, kréatyf en iepen foar alle winen. Syn journalistike opstellen, skreaun ûnder de koloniale oarloggen of de sosiale rebûljes, dêr't it lân fan tilde, wiene it kompas fan de liedende formiddens. Syn gedichten, dêr't al sokke idéen ynearsten yn trochskimeren, meitsje har neigeraden los fan de konkrete wrâld om subjektyf to wurden en fol metafysyske fragen en problemen. Hy bihannelet Katalaenske mythen (El Comte Arnau) en mythen út de Aldheit (Nausica); hy blinkt út mei ‘civile’ fersen as de Oda a Espanya en de Oda Nova a Barcelona of mei metafysyske fersen as de Cant espiritual. Yn deselde jierren publisearret Joan Alcover (1854-1926), dy't safier bûten it letterkundich libben stien hie, twa haedwurken: Art i literatura (1904), dat in opmerklike théory fan de dichtkunst jowt en Cap al tard (1909), elegyske dichten mei in greate minsklike spanning. Alcover lit sjen dat er de foarm likegoed bihearsket as Costa, mar nettsjinsteande dat is it gedicht foar him net in frucht fan de wil om hwat skiens to skeppen, mar rjochtoarsom de útdrukking fan de minske, dy't net folslein wurdt ear't yn syn siel it gestjen fan it inerlik lijen net wurket. Syn dichten, koart, skematysk en ryk oan ynhâld, hearre ta de hichtepunten fan de moderne Katalaenske skriftekennisse. Lykwols sjogge wy tagelyk dat it boadskip fan Miquel Costa i Llobera wjerklank bigjint to finen. De dichter forbrekt syn swijen, bigjint fannijs to skeppen en
publisearret yn 1906 syn wichtichst wurk: Horacianes.
Tsjin 1906 hat de Katalaenske maetskippij him forhelle fan de koloniale en ekonomyske krises; in nije generaesje, dy't har sels de Noucentista (Tweintichste-ieuwers) neamt, docht krityk op alle esthétyske bigjinsels, dy't oant doe ta gouwen en stelt in front op, dat oant nou ta net forbrutsen is. Dy nije generaesje, al brûkt se gâns fynsten fan de foarigen, binammen fan Costa i Llobera, forskynt fuort as in formaesje, dy't brekt mei it forline. Sa koe Eugeni d'Ors by it bisprek fan ien fan de lêste wurken fan Maragall (Enllà, 1906) skriuwe, dat der mear as in ûnderling losstean, in konflikt, in kontradiksje wie tusken de Esthétika fan it Libbene Wurd, dy't yn Enllà syn meast bitsjuttende manifestaesje foun en de Arbitraire Esthétika, in geastlike fornijing, dy't essinsieel wie foar de Tweintichste- | |
| |
ieuwers, de nije generaesje, dêr't er oan taheakke dat yn de esthétika de tweintichste-ieuske generaesje mei nije direktiven him tsjin de foarige kearde. Oer it generael hat it ‘Noucentisme’, dat yn in koherint, oerwinnend en kréatyf boargerlik formidden ûntstie, him de techniken en de préokkupaesjes fan it Frânske symbolisme eigen makke, min ofte mear kleure troch de greate Ingelske romantyske poëzij en troch it klassisisme fan Costa. De bilangrykste figueren binne Jaume Bofill i Mates, dy't forneamd waerd ûnder it pseudonym Guerau de Liost (1878-1933), en Josep Carner (1884). Al rinne se gâns útinoar, hja komme oeriep yn har leafde foar de magyske mûglikheden fan it wurd, har kontimplaesje fan it lânskip, har sjen fan de neazichheden fan it húslik libben, har satyryske ynslach. Carner, dy't sûnt 1939 as balling om utens veennet, hat lykwols de lêste jierren gedichten skreaun, dêr't in djippe
metafysyske nostalgy yn útkomt. Maria Antònia Salvà (1869-1958) en Josep Sebastià Pons (1886-1959), beide boun oan tige persoanlike problemen en lânsdouwen, hearre sahwat yn deselde hoeke. Dêrfoaroer bisiket Josep M. López-Picó (1886-1959), ryk oan idéen en wjerklank, ta greate metafysyske konstruksjes to kommen.
Lit it Noucentisme, by alle ûnderling forskaet, dochs in mienskiplik stribjen sjen, de generaesje, dy't ûnder de Diktatuer (1923-1930) nei foaren komt, kinne wy twa greate streamingen by ûnderskiede. Foarst is der in groep skriuwers dy't de literatuur as in kultureel ekspearimint opfettet. It bistean fan in krisis wurdt net erkend, kultureel net, noch qua sosiale struktuer; hja hâldt har fundaminteel dwaende mei de mechanismen fan de kréaesje en de styl en forslacht soms yn in foislein hermétisme. Oan de oare kant is der in groep, dy't har as in aventûr biskôget. Dit is in striidhâlding, dy't har der faken ta bringt om ôf to brekken en del to reagjen en dy't biwust of ûnbiwust in oplossing siket foar de greate krisis fan de boargerlike kultuerformules, sa't se yn it Westen yn de foarste wrâldoarloch ûntstien binne. De dichters fan beide kampen forkeare yn in ridlik freonlike en maklike maetskippij - dy fan de ‘happy twenties’ - en fine de rjochtfeardiging fan it gedicht yn it gedicht sets, yn de folsleine bihearsking fan de brûkte middels. Sa't wy sjen sille skriuwe allinne Joan Salvat-Papasseit, Pere Quart en Ventura Gassol in poëzij mei boargerlike en sosiale yntinsjes.
De greate figuur fan de dichtkunst, forstien as kultureel ekspearimint, is Carles Riba (1893-1959), humanist en literair kritikus, dy't him ûntjowt fan it esthétisisme fan syn Estances
| |
| |
ta in dichtkunst, dy't him mear mei algemien minsklike (Elegies de Bierville) en metafysyske fragen (Salvatge Cor) ôfjowt. Riba wie in pûrbêst oersetter (de Odyssea, Sofocles, Hölderlin, Kavafis). Njonken sines moatte wy it wurk fan Clementina Arderiu (1893) neame, suver in wûnder fan ienfâld en suverens; dat fan Marià Manent (1898), djip en triljend, en fan Tomàs Garcés (1901), romantysk bitiisd yn in dreamreach. Joan Oliver, dy't him forskûlet efter it masker fan Pere Quart (1899), skreau earst neffens kulturalistysk model, mar al gau kaem der (mei Decapitacions) forheftich réaksje op en bisocht er sosiale poëzij to jaen (Oda a Barcelona). Guon fan syn lettere gedichten forriede de mismoed en eangst fan de nederlaech (Terra de naufragis), of syn isolemint yn in forrotte en falske wrâld (Vacances pagades). Ta de twadde greate streaming fan dit tiidrek heart as greatste figuer Joan Salvat-Papasseit (1894-1924), skriuwer fan in lyts oeuvre mei as wichtichste thema's de leafde - net forstien as évokaesje, oantins of bigearte, mar as de seksuéle died sels - de ûnmidlike deistige wurklikheit en de striid, net allinne tsjin de lêste modernistyske streamingen, mar ek tsjin de steksjogge en fariséske bourgeoisie. Mei Conspiracions bisiket er in suver polityk gedicht to jaen. Tusken beide streamingen yn ûntjowt him it wurk fan J.V. Foix (1894), tige dreech fan ynhâld, dat lykwols rêdden wurdt troch in wûnderlik verbael masterskip, hweryn de âldste oantinkens oan de midsieuske dichtkunst en de meast dryste fynsten fan de avantgarde gearrane.
By einbislút moatte wy noch in pear auteurs neame, dy't mear tradisioneel binne, sawol yn technyk as ynteressen. Josep M. de Sagarra (1894-1961), skriuwer fan tige populaire en kleurige fersen en Ventura Gassol (1894), dy't leafst ‘civile’ thema's foar kar nimt.
Tsjin 1930 bigounen mei in bult oare dingen de perspektiven fan de literatueren fan West-Europa to foroarjen. In pear jier letter briek de Spaenske boargeroarloch (1936-1939) út, dy't in djippe ynfloed hie op in generaesje, dy't him krakt yn it iepenbier bigoun to oppenearjen. Op de twingende en elemintaire feiten réagearre dy jonge generaesje ûndûbelsinnich: hja bleau trou oan in tael en in kultuer en hwat dy út in polityk each bitsjutte koenen. Oan de oare kant koe hja net en bloc réagearje op de krisis fan de idéologyske postulaten en literaire techniken, dy't hja bilibbe. Hja sleat har op binnen harsels, brûkte kulturalistyske of surréalistyske techniken, wifke tusken ûntsnapping, dream en de meditaesje oer de lêste bistimming
| |
| |
fan de minske en it slagge har mar foar in lyts part om de problematyk fan de mienskip, dêr't hja ta hearde, ûnder wurden to bringen. Sa jowe har rigen in chaotysk byld, like chaotysk as de tiid, dêr't hja yn opwoechsen. Josep Palau i Fabre (1917), wyld en ûnbihearske, is harren meast typyske foarbyld. De ynteressantste figueren binne lykwols Bartomeu Rosselló-Pòrcel (1913-1938) en Salvador Espriu (1913). Rosselió skreau gedichten fan greate foarmkwaliteiten, trou oan de bilangrykste tendinsjes fan in foarige generaesje, mar dat naem net wei, dat er net lang foar syn dea guon fersen skreau (ûnder oaren A Mallorca, durant la guerra civil) dy't neaken en tragysk wiene en in ûntjowing oantsjutten nei in type dichtkunst, dy't folle wider fieme en bilangriker wie. Espriu wie de man, dy't dizze ûntjowing ta syn lêste konsekwinsjes fierd hat. Iensum en tramtearre, dreech en biheind, suver elliptysk, is de dichter, de wei lâns fan de satyre of de dramatyske spekulaesje oer de dea, útkommen by La pell de brau (1960), in bitter tsjûgenis fan in man, dy't as erfskip oars net as in sike réaliteit en in hope op útrêdding neilit. Agustí Bartra (1910), dy't as balling yn Amearika libbet, bisiket mei in great verbael apparaet kollektive mythen to skeppen, wylst dêrfoaroer it thema fan de dea de kearn is fan it sobere en geve wurk fan Màrius Torres (1910-1942). Joan Teixidor (1913), dy't as avant-garde-skriuwer bigoun, hwerfan hy de meast réalistyske aspekten fortsjintwurdiget, birikte yn El princep in poëzij, djip en desolaet, dy't de greate skieding fan de dea bisjongt. Joan Vinyoli (1914) bliuwt trou oan de kulturalistyske tendinsje fan foar 1936, min ofte mear kleure fan in skimerige mankelikens. Marià Villangómez (1913) hat forbining mei de nije
réalistyske streamingen, dy't sûnt 1959 nei erkenning stribje. Lykwols, de nije réalistyske dichtkunst, dy't troch de jongste generaesje foarstien wurdt, is noch gjin skiednis, mar takomst.
|
|