De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina *3] [p. *3] ENRIC PRAT DE LA RIBA (1870-1917) Stifter ‘l'Institut d'Estudis Catalans’ Presidint fan Katalonië 1913-1917 [pagina *4] [p. *4] JOSEP CARNER dichter, prozaïst, dramaturch [pagina 65] [p. 65] Josep Carner: Yn valles (Com el valles no hi ha res) O hûs, sa ien mei de ierde, God hoedzje dy is myn bea! By de útdoar roazen bliede, stokroazen dûnkerrea. Oer de stille fiver, skruten, strykt wer it ljocht dat stjert; dêr jouns yn in parsik to biten, och, better is der net. Troch it sidene tún mei kieren sêft dêr in wjitring streamt, seamme mei populieren, salve fan dinnebeamt. Efter it reid to hearren is 't wetter syn sêft liet; ik sjoch alle stjerren drinzge yn it wiet. De toppen dy't jinsen rize, hja binne noch iens sa moai, deis troch in blanke dize, nachts troch in sulvertoai. Dêrre op dy klinge, ûnder in floeiber goud yn 'e splis, gloeit in wyngert, in sêft wûnder, dat de sé nel bisibbe is. Allinne yn 't wide tsjuster ien imer noch ta bislút. De ljochte moanneluster riist boppe de heaberch út. [pagina 66] [p. 66] In feestdei (Canço d'una intima diada) Dêr komt, healwei al wer, oktober oer rossich en griis, mei mankelike trekken fan eltse hurd stelt er it reade fjûr as er jit blommen sjocht bylâns de stekken. Mar wers fan klachten, alle wurch biswier, springt, om de sike skierens to oerwinnen, ynienen hjirre it frisse foarjier binnen. It dochterke yn 't hûs wurdt fyftsjin jier. In nútsdop suver, dy't ús allegear amper bifetsje kin, is it lyts hûs, mar it forsinkt en hwat forrizet wer is in paleis fol folk en feestgedrûs; ôfladen mei juwielen, wûnderheden, komme kamiel en oaljefant sawier. Fioelen steane stimmen nou toreden, it dochterke yn 't hûs wurdt fyftsjin jier. It libben wol ús stadich rispje litte, sa haecht it my en sa is 't dat ik 't wol: heldere stiltme en biskieden mjitte. Mar hjoed, hwat is it hjoed oerrinnend fol! Yllúzjes sjocht forbjustere men rinnen, by paden lâns en wegen sjongt it blier, Oh, oh! roppe de pannen en de stiennen, it dochterke yn 't hûs wurdt fyftsjin jier. Vorige Volgende