| |
| |
| |
Joan Costa:
It probleem fan it separatisme
It wurd separatisme, biskuldigjend en planút denigrearjend brûkt en mei de ûnmiskenbere bidoeling om de termen fan it probleem to forfalskjen, hat in greate polemyske rol spile yn de skiednis fan de nasionale easken fan it Katalaenske folk. Al sûnt it alderearst bigjin hawwe de politisi en doktrinisten fan de Spaenske steat de oanstriid hawn en kwalifisearje as separatistysk alle biwegingen, bidoelings of easken, dy't fuortkommend út de wil de eigen folkspersoanlikheit en de lokale bilangen to biskermjen, ûnder de Katalanen libbe hawwe. Sels as it allinne mar to rêdden wie om skrutene taeleasken of simpele protesten tsjin de oerdriuwingen fan in administratyf sintralisme, dêr't de frage nei de ienheit fan Spanje gjin amerij by yn 'e kiif steld waerd, krigen ús minsken de term separatist nei de holle en waerd har hâlding suver as misdiedich biskôge. It hoecht net sein to wurden dat dizze biskuldiging in systematysk, hast stereotyp karakter krigen hat foar de lettere eksplisite formulearringen fan it Katalaenske nasionalisme oer, en dat hja oanlieding west hat ta allerhanne foarmen fan anti-katalaenske hystery, dy't har yn de lêste sawntich, tachtich jier yn Spanje oppenearre hawwe. Op Spanjoalen en ‘Spanjolisten’ hat de term separatisme stéfêst itselde opeisende, demagogyske effekt hawn. Hy ropt sûnder mankearen in bluisterige grime by de offisiéle patriotten op en hat de seldsume eigenskip, dat er de ûnderling djipst skate, ja inoar fijannige groepen en politike partijen yn Spanje, yn in solidaire hetze tsjin Katalonië forienigje kin.
Elk bisykjen ta emansipaesje troch in nasionale minderheit droegen, sit ornaris in sfear fan emosionélens omhinne, dy't ûntstiet troch de opwining dy't it debat by beide groepen, de hearskjende en de ûnderlizzende partij, opropt. Yn it algemien lykwols binne de agressivens en de forbittering sterkst by it forhûddûke folk. Dat fielt him ûnderlizzend partij, it slachtoffer en op dy tastân réagearret it fûleindich. Yn ús gefal hat it lykwols it forhûddûkjende folk west, dat him oan gystene oanfallen en in tokoart oan selskontrôlle skuldich makke hat. Al doe't it Katalanisme noch mar in dizige regionalistyske streaming útmakke, woech de blaem fan it separatisme al op him en syn politike easken mochten noch sa biskieden wêze, syn bitsjûgingen fan trou oan de nasionale ienheit fan Spanje noch sa earlik en oprjocht, it holp allegearre neat. Foar de
| |
| |
‘Spanjolisten’ is de meast ûnbitsjuttende en elemintaire manifestaesje fan katalaenskens separatisme, ek al mist hja alle politike ynhâld. Wurdt bygelyks foar ús tael it rjocht easke om har amtlik en op skoalle to brûken, dan klinkt fuortdaelk in koar fan biskuldigingen op, basearre op it forûnderstelde separatistyske karakter fan de eask. En de Spaenske steat hat har manoeuvres om de ûntjowing fan de Katalaenske kultuer op to kearen of dy sels to forbieden hieltyd wer mei dy term bisocht to rjochtfeardigjen. Dit mei de bûtensteander allegearre dwaes talykje en as ridikúl oankomme, de gefolgen fan dizze polityk wiene spitigernôch net om to laitsjen. As de Katalaenske folkswil kristalisearre yn hokfoar programma ek mei posityf nasionale ynhâld, dan waerd dat fuortendaelk bistimpele mei it skandewurd separatisme.
Dêrom is it Katalaenske probleem foar it forum fan de publike opiny noch nea op rasionéle wize bihannele, nea waerd it jit bisteklik en kalm bisprutsen. Dat hie wol sa wêze kinnen en dan hie miskien in smedige oplossing, faeks net folslein rjochtfeardich, mar dochs oannimlik foun wurde kinnen. Mar de Spanjolistyske sektor hat stiif en steech it dogma fan de nasionale ienheit hânhâlde wollen en hat der in ynstrumint fan politike agitaesje tsjin Katalonië fan makke. Alle troch de Katalanen bigoune kampanjes om, doe't in grounwetlik regear yn Spanje hearske en de boargerlike frijheden ynskikt waerden, binnen de wetlike grinzen de ien of oare foarm fan autonomy to krijen, binne staet op in ûnwrigbere opposysje. Mei't de Katalaenske aspiraesjes foar separatistysk gyngen, waerd tsjin harren de patriottyske hertstocht fan it meartal fan de Spanjoalen oprokkene. Om dit offensyf de wyn út de seilen to nimmen, hawwe forskate Katalaenske politike partijen forkundige, dat hja secessy perfoarst ôfwiisden. Soms hawwe sels planút nasionale groepen har sabeare foar regionalistyske organisaesjes útjown. In boek dat doetiids, yn de snuorje fan de diktatuer fan Primo de Rivera, in bilangrike ynfloed hie by it Katalaenske en Spaenske publyk, t.w. Par la Concorde fan Francesc Cambó, de Katalaenske konservative lieder, bifettet siden, dêr't it stribjen nei foarming fan in eigen steat, planút yn ôfwiisd wurdt. De earlikheit fan dy antiseparatistyske uteringen fan de Katalanen koe net oan twivele wurde, mar goed bisjoen laetten hja allinne mar ta bitizing.
Hwat moat yn wierheit ûnder separatisme forstien wurde? Dit en dit allinne: de wil fan in nasionale mienskip om in steat to foarmjen apart fan de steat, dêr't hja yn wennet. It nasionaliteitsbigjinsel, dat sûnt it bigjin fan de njoggentsjinde ieu
| |
| |
der safolle ta dien hat om de kaert fan Europa to foroarjen, laette ta de forkundiging fan it rjocht ta folsleine emansipaesje fan de folken - fan elk folk - yn in eigen nasionale steat. Dat is de théoretyske rjochtfeardiging fan it separatisme. Gâns polynasionale steaten hawwe murken, hoe't guon folken, dy't hja ûnderdrukten of binnen har grinzen bisleaten, al of net op freedsume wize har bannen forbrieken. Ut de forbrokkeling fan it Turkske Ryk waerden sa Grikelân, Rûmenië, Bûlgarijë, Albanië berne; nei de Europeeske oarloch fan '14 foel it Eastenryksk-Hongaerske Ryk yn forskate steaten út elkoar en forlear it Tsaristyske Ruslân Finlân en de Baltyske lânnen; Sweden en Noarwegen gyngen yn 1905 út elkoar; Ierlân forbriek de bannen mei de Ingelske kroan yn 1949; Yslân waerd yn 1944 fan Denemarken skaet, ensfh. Sa net, de minoritaire groep hat net altyd foar de folsleine ûnôfhinklikheit kieze kinnen of wollen. Yn forskate gefallen hat de plurinasionale steat ommers it absurde fan in unitaire grounwet ynsjoen, der foroaringen yn oanbrocht, de folken, dy't hja bihearske, in mear of minder greate mjitte fan selsbistjûr jown. De foarmen fan sa'n organyske oanpassing rinne útelkoar en fariearje fan in biskieden, inkeld kulturéle, autonomy, ta it federative stelsel. Yn sokke gefallen hat der gjin territoriale amputaesje pleats hawn, hat der gjin separatisme west.
As wy de troch Katalaenske partijen fan hokfoar tiid bistribbe programma's ris bistudearje, soene wy fornimme kinne, dat dy der har oer 't algemien ta biheind hawwe om foar Katalonië in eigen politike organisearring to freegjen, dy't folslein to forienigjen wie mei it fuortbistean fan de Spaenske steat binnen de noutiidske grinzen. Allinne by útsûndering hawwe in pear groepen idé-stelsels nei foaren brocht dy't, maksimalistysk en radikael, in ûnbimomme separatisme ynhâldden. De toan waerd lykwols oanjown troch projekten, dy't mei in Katalonië binnen de grinzen fan de Spaenske steat tofreden wienen. Ut dat each wei kin sein wurde, dat de Katalaenske biweging nea it findel fan de ôfskieding omheech stutsen hat. Ja, wy kinne sels fierder gean en sizze, dat it Katalanisme him út en troch biskôge hat as in út polityk en sosiael each fornijend fermint yn it Spaenske libben, dêr't hja yn konstruktive geast ta bydrage woe. Sels net yn de riten, dat it tusken it sintrale regear en it moderne Katalonië tige spande, hawwe der secessionistyske reboeljes west. Yn de snuorje fan oktober 1934 is de Generaliteit net fierder gien as in Katalaenske steat binnen de Federale Spaenske Republyk to proklamearjen. Mei de útsûnderingen, dy't wy niis oanjoegen, hat it Katalanisme
| |
| |
altyd leaud yn in Spanje, dat in politike konstruksje wie, dy't alle Ibearyske folken omfieme, ynsafier't dy konstruksje rêstte op in folsleine erkenning fan it rjocht op selsbistjûr fan de nasionale mienskippen, dy't hja forienige. Ekonomyske en moréle grounen, produkt fan it lange tiidrek, dat Katalonië en de oare nasionale groepen yn de Spaenske steat gearlibbe hiene, wiene oarsaek dat de meastepart fan de Katalanen oerhingje nei in oplossing, dy't in mienskiplike steatsstruktuer biwarret. De oertsjûging, dat it nuttich en goed is, ek foar de Katalanen, dat Katalonië binnen de Spaenske steat bliuwt, is djip biwoartele. Wy sille der hjir net oer stride oft soks wiswier wol sa is, it is hjir foldwaende en stel fêst, dat in great part fan de Katalanen der sa oer tinkt.
Mar al mei yn it politike de separatistyske sjenswize amper ynfloed hawwe, yn it stik fan de bigjinsels stiet de saek oars. It soe dom wêze as de Katalanen soks forbergje en fitte dommer as de net-Katalanen soks net ynsjen woene. De Katalaenske Biweging is net mear en net minder as in nasionale biweging, de utering fan in Katalaensk nasionalisme. Hja waerd berne en is dijd út it bisef dat it Katalaenske folk in apart folk is, dat de Katalanen in naesje foarmje. En omdat hja nasionael is, moat dy Biweging fanneed botse mei it tinkbyld fan de nasionale ienheit fan Spanje, dy't de spirituéle woartel is fan de Spaenske steat. Katalonië is gjin ‘regio’ fan Spanje, gjin fragmint fan in forûnderstelde Spaenske naesje, it is in nasionale ienheit, fundaminteel oars as de oare groepen, de Kastiliaenske, Baskyske, Galicyske, dy't de Spaenske steat op 't heden yn har slút. Op dizze kleare en frijmoedige stelling binne ús easken basearre. De ‘Spanjolisten’ biskôgje har, sa't foar de hân leit, as de faeije utering fan in separatistysk sentimint. En it moat sein wurde, dat dit foar de hân leit, om't it yn lêste opslach ûnmûglik is troch hokfoar minsklike redenaesje har mei it bistean fan in Spaenske nasionaliteit to formoedsoenjen. De propaganda en de offisiéle skoalle hawwe bisocht en skerpje de bifolking fan de Spaenske steat de mythe yn fan in nasionael homogeen Spanje; dat hawwe hja dien troch hwat klear blykt to ûntstriden, troch de skiednis to forfalskjen, troch de meast elemintaire wurklikheden to bimanteljen of to smoaren, dat allegearre bimomjend mei in atavistyske, imperialistyske rhétoryk en in faeije en foargoed oerwoune patriottyske mystyk. Foar de Spanjoalen, dronken fan ‘Spanjolisme’, is it feit allinne, dat men Katalaen is al in foarm fan separatisme.
Mar men kin de term separatisme min brûke foar eleminten, dy't nea in ienheit west hawwe. Mear as fjouwer ieuwen lyn
| |
| |
waerd it Katalaenske folk troch in dynastyk tafal opnommen yn de Spaenske monarchy en jit twa ieuwen neitiid hâldde it binnen de Spaenske steat syn politike autonomy. Yn de twahûndert jier, sûnt forroun, dat dizze steat winliken in ienheitssteat wie, is it Katalaenske net mei it Kastiliaenske folk gearraend; de Katalanen waerden net assimilearre en bleauwen ûnder de Spanjoalske en hispanisearjende twangroede like Katalaensk as altyd, like Katalaensk as hja it nou jitte binne. It fundamintéle feit fan it oars-wêzen bleau bistean. Spanje wie in toponym, dat fan âlds in mozayk fan ûnderskate oanswettende nasionale groepen werjowt: as men dy mei ien inkele naesje, de Kastiliaenske, lykslaen wol, dan is de namme Spanje falsk en misliedend. Dêrom is it praet oer in Spaenske nasionale ienheit net folle mear as in danich komike tiidkoarting. Yn dat stik mei der gjin forsin wêze. It mei de ‘Spanjolisten’ nei 't sin wêze of net, dit is de wierheit. It Katalanisme, itsij fan rjochts of lofts, boargerlik of proletarysk, sprút út in net wei to redenearjen prémisse: dy fan it bistean fan in Katalaenske nasionaliteit. Sûnder mis giet it hjir, út in Spanjolistysk each, om in prémisse, dy't yn de woartel mei separatisme bismet is. Mar hwat dit oanbilanget, kinne de Katalanen neat dwaen. De dingen binne, sa't se binne en foar ús is dit in saek, dêr't wy gjin millimeter by wike kinne.
It wurd separatisme yn forhâlding ta it Katalaenske fraechstik is dus folslein dûbelsinnich. As de Spanjolisten ûnder separatisme de negaesje fan de Spaenske nasionale ienheit, mei alles hwat dy term bislút, bigripe, dan is it Katalaenske nasionalisme planút separatistysk. Mar as separatisme sizze wol, hwat it winliken sizze moast: de wil ta ôfskieding, dan moat men tajaen, dat it Katalaenske folk him nea separatistysk toand hat. De Katalaenske tradysje yn it politike hat krekt in tige biskaet karakter: de Katalanen hawwe earen sawol ûnderling yn federatyf forbân libje kinnen (it Principaet fan Katalonië mei it Lân fan Valencia en de Baléaren) as mei folk fan oare stamme: de Aragonezen. Wy hawwe nea gjin lân west, dat fan in goede forhâlding ta oare lânnen, op basis fan in folslein wjersidich respekt, neat witte wol. Tsjinoer in ‘Spanjolisme’, dat ús nasionale persoanlikheit bisiket to gnjidzjen, komme de Katalanen mei it útstel om Spanje sá to reformearjen, dat net allinne de nasionale Katalaenske minoriteit, mar ek de Baskyske en de Galicyske, njonken it Kastiliaenske meartal gelegenheit krije ta in normael libben en in fruchtbere ûntjowing. It Katalanisme hat Spanje altyd federalisearje wollen. De federalistyske oplossing soe oan it gearstal fan Ibearyske folken
| |
| |
de mûglikheit biede ta in soun, harmonieus en frij meiinoar oplibjen. It is in driuw dy't systematysk troch it ûnfordraechsume ‘Spanjolisme’ skoudere en dien is. De Spaenske nasionale ienheit is de sjamme dy't dat opkeart.
En dy ûnfordraechsumheit is in faktor dy't, it mei lang duorje of koart, ûnforsjenbere gefolgen hawwe kin. De stege weltering fan de ‘Spanjolisten’ om it bistean fan in Katalaensk fraechstik yn syn krekte forhâldingen yn to skikken, kin allinne mar biwurkje, dat de Katalanen har ôfdwersje fan it tinkbyld fan in mienskiplik meiinoar oplibjen. Dit, mei de bigryplike wrok en wrevel, dy't eltse ûnderdrukking meibringt, kin yn in net to fiere takomst toweibringe, dat Katalonië de Spaenske ‘entente’, dy't it federalisme bitsjutte soe, ôfwiist. It Katalaenske separatisme, dêr't de offisiéle propaganda altiten sa lekskoaijend fan beart, is jitte gjin réeel gefaer, mar dat kin alle dagen oars wurde. As wy, Katalanen, binnen de Spaenske steat de kollektive frijheit net krije, dêr't wy as bisûnder folk, as naesje, rjocht op hawwe, dan sille wy dy bûten de Spaenske steat sykje. En dàt soe dan in folslein separatisme bitsjutte. By it al ieuwenâlde striidpetear oer it ûnderwerp hawwe de Katalanen op de biskuldiging separatist to wêzen al faken andere, dat de Spanjolisten de ‘separators’ binne: mei har fanatisme en stegens driuwe hja ús ta ôfskieding. Lit it separatisme op himsels in kwea wêze, al kin men der ek wakker ûngelyk oer tinke, de skuld fan in needlottich Katalaensk separatisme falt sa faeks net alhiel op de Katalanen sels.
|
|