Josep Carner:
In idylle yn de tram
Op de opstap fan de tram koft ik noch in krante, stapte doe op it balkon en gyng sitten sûnder myn selskip acht to slaen. Ik tocht om myn krante. Mar doe't ik him iepenteare woe, fielde ik dat myn eagen wurch wiene en wachte effen. Ik die de eagen ticht. Dêrnei seach ik nei it publyk om my hinne. Dat wiene trije susters mei glânzgjend hier en wûnder frijmoedige en prûze bustes, dy't to baeijen west hiene, in fiere kunde fan my, dy't ik net toplakbringe koe en dy't ik mei in licht, frijbliuwend knikje groete, twa jongfeinten, wakker mei harsels op 't snjit, dy't lûd laken en inoar út en troch oanstompten, in jong, suterich frommis mei in sliepende poppe op 'e earm en in fleske molke by har, in sawntiger, dy't him troch de krante ynljochtsje liet oer it victorieuze tobektsjen fan de Dútskers, in man en wiif, dy't in min sin hiene - hy tikke op 'e knibbels en hja tyspele nerveus mei in waeijer, dêr't in pierrot op stie, dy't dwepend nei de moanne stoarre -, in feint, dy't syn maet, hjir frjemd, op de wichtige bysûnderheden fan it trajekt wiisde en by eintsjebisblút, yn it hoekje by it balkon, in jong, sljochtklaeid frommiske mei in lyts huodtsje op en in gouden krúske op 't boarst. De jongfaem hie in read boek op 'e knibbels lizzen, dat heal ûnder har tas weiskûle. Hja hie rossich hier en dûnkere eagen mei in forwielen en freegjende opslach. Net ien fan de manlju seach nei har en der kaem al gau in frommis yn mei in great pak mei klean, dy't njonken har sitten gyng. Doe't de tram wer mei in hoart úteinsette, like dy fodze tsjin har oansige to sillen: it pak stiet har oan. Hja moast effen glimkje en om't ik op dat stuit ek glimke, loek der ynienen in stream fan sympathy tusken har en my.
Hja draeide it antlit, sûnder ôfhâldichheit lykwols, ôf, it like earder mei in grissel kokettery. Om't se it hier torjochte striek, hwat altyd in goed teken is, bleau ik nei har sitten to sjen. Hja seach my fannijs oan mei eagen, dêr't sympathy, mar ek hwat mismoedigens út spriek. Mei dy earnstige, manlike opslach, sterk, meinimmend, biskermjend, ornearre foar de greate mominten yn it libben, joech ik har to forstean dat it hjir net om in banael aventûrke gyng. Hja sloech de eagen foardel en mei har taske tyspeljend draeide se sabeare tafallich in forsliten tear nei my ta. Hja wie dus earm.
Mei in djippe loaits, dy't har suver omaeike, liet ik har fornimme, dat jild my neat skele koe en dat wurd ‘aeikje’ is grif