De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 56] [p. 56] Maria-Antonia Salva: De nije kreft (Recobrament) Forlines doarren slút ik, 'k ha myn nocht: Myn wémoed wêrzje ik en de dûnkre smerte, En ik sil wiid it hert nou iepensette Foar d'ivige wyn en foar it hoopfol ljocht. De berch omheech, in fuotpa sil my liede... Dau hat it, lytse blommen, eltse moarn, En myn forkleare eggen sjugge it oan As d'earstelingen fan in nije ierde. Lofts widens, my bits joenend jimmerwer, Spried út en wol yn einleazens fordrinke, Gjin dei of sielsforheffing sil er skinke 't Sprekt fan in gouden takomst allegear. Ik wit, dat nou't de ierd' myn wémoed drinkt 't Unstjerlike, de geast forbrekt de boeijen. Myn lippen glimkje fan in nij fornoeijen, In heldre rêst, dy't neat of nimmen krinkt. Neat dêr't ik ea fan houd, of 't is my jown; Hwat blier my groete op myn ierdske gongen, It stiet wer foar my, mûnter en forjonge Yn 't deiljocht fan de nije krêft, dy 'k woun, O freugde fan de joun! Vorige Volgende