Nei alle gedachten is de situaesje unyk. In literatuer, dy't hûndert jier forlyn wer oplibbe en njonkelytsen fierderslagge, in literatuer dy't út harsels kontakten mei de Europeeske streamingen wist to lizzen, ûndergiet yn in tiid fan folle ûntjowing in fan bûten ôf kommende faeije krisis, dy't har mei gewelt fan it sosiale korpus skaet. Dy lêste tiden wurdt har tael, dy't troch miljoenen minsken praet wurdt, nòch op de legere nòch op de middelskoalle talitten. Allinne op de Universiteit fan Barcelona wurde sûnt koart elemintaire grammatikakursussen jown, dy't troch de studinten sels op toe set binne. It seit himsels halt, dat it net offisieel gebrûk fan de tael meibringt dat hja fan it iepenbiere libben útsletten is, útsein by inkele godstsjinstige seremoanjes, by biskate kulturéle aktiviteiten en by it toaniel. De sprutsen tael dy't yn skriftlik-literaire foarm brûkt wurde kin, moat dus fan de folwoeksenen leard wurde.
Hoe soe de situaesje fan in literatuer wêze, dy't op 't heden yn sokke omstannichheden libbet? Hokker mûglikheden hat er om fuortbistean to kinnen?
De earste frage kin in bimoedigjend andert yn it hjoed fine. De twadde kin allinne biandere wurde mei yn de takomst to sjen. De Katalaenske skriuwers binne ing forboun mei djip woarteljende sosiale struktueren, dy't tonearsten linguistysk folslein yntakt bleaun binne, binammen as wy guon ticht bifolke yndustriéle sintrums der bûten litte, dy't yn haedsaek troch in proletaryske legerein biwenne wurde. Mar ien tredde part fan de totale bifolking is net-Katalaensk fan tael of praet meastentiids Kastiliaensk. Lykwols, as de Katalaenske skriuwer biropsskriuwer wêze wol, is er forplichte om twatalich to wêzen. Mar ek hjoed nimt er oer 't algemien in oare oplossing foar kar, hat ien of oare bitsjinning en skriuwt yn syn liddige ûren. Syn mûglikheden binne biheind troch it ûntbrekken fan Katalaenske kranten en tydskriften, it mankearjen fan oersettingen fan moderne útlânske skriuwers, en de ûnmûglikheit om foar de radio, de televyzje en de film to wurkjen.
As literatuer fan in minderheit, in literatuer fan net-birops-skriuwers moat hja wol, al stiet hja foar alle tendinsjes iepen, sokke typysk sosiale genres misse as de detectiveroman, it goede sentimintéle forhael, aventûre-romans, science-fiction, etc. De dichtkunst en it koarte forhael slane fansels foar master op, hoewol yn de lêste jierren ek de roman en de fortelkunst yn 't algemien goede resultaten birikt hawwe. Binammen de thema's fan de romans dy't yn de lêste fiif jier publisearre waerden - minmachtich, mar goed fan kwaliteit - romans, dy't