| |
| |
| |
Victor Catala:
Tsjin de joun
Donya Isabel, dy't by it balkon siet mei it borduerraem op 'e knibbels en de sulveren naeiring om de middelste finger wie al in hoart yn 'e drôge wei, de wrâld om har hinne ûntdreaun. Ynienen liet in lûd, foar oaren ûnfornimber, in grisseltsje ûnbistimde pine, in neatichheit..., ien fan dy lytse alarmskiltsjes dy't mimerders en dreamers wer ta de wurklikheit weromroppe, har wer by it bisleur komme, dat hja striek de hân oer de eagen, fol skiere bylden út it forline, en suchte smertlik. Doe seach hja ôfwêzich nei bûten.
It wie in skiere oktoberdei. De loft, jiskich en dof, like alle klearte op to sûgen en allinne in wynreade streek, smoarch en ôffervjend útstrutsen boppe de dakken, briek syn igalens. De huzen, oanfretten fan in sâltige skimmel, switten fochte út en ûnder op 'e kaei bodde it havenfolk, sûnder lûd, krekt figueren yn in film.
Donya Isabel draeide de eagen fan dat tafriel óf, like ûnforskillich as hja it bisjoen hie en naem har wurk en de ôfbrutsen prakkesaesjes wer op.
Nou wie der gjin twivel mear mûglik: hy soe trouwe, hy briek syn wurd, de bân dy't him boun, hy troude. Hja wist och sa goed, dat de manlju sa bistienen: yn de ûren, dat hja biddelen en longeren, yn de ûren fan oerdwealskens, swarden hja swide, wûndermoaije eden, al waerd it harren net ienris frege; hja swarden spontaen, royael, oprjocht, mei deselde oerdreaune biloften fan bern, dy't gobberje op in ding en as se har sin krigen hawwe, de opteinens justjes foarby is, as de earste symptomen fan forfeling har oppenearje, dan klauwe se mei deselde naïvens fan earst tobek, lûke har wurd wer yn en sizze berneftich: sa wie it net miend, presiis oft se forrifele wienen. Aloan en alwei joegen hja harsels en lutsen har tobek, as it ûnophâldlik kommen en gean fan de tijen. Jawisse, hja wist it skoan, yn har folle leafdestounen hie se dit tò faek sjoen, dy groteske foroaring fan it forantwurdlikheitsfielen yn de man, dat it har nou, mei't hja it wer bilibbe, bysûnder treffe soe. Mar diskear wie it net it feit op himsels, it wiene de omstannichheden der om hinne, dêr't donya Isabel mei ompakte.
Neffens de losse geroften, dy't ûntsteane út it oplûken fan skouders of wynbrauwen, út geknip mei de fingers, út skelmske knypeachjes, út riedselige fragen en útroppen en dy't it gehalte fan gâns reputaesjes yn de greate wrâld biskiede,
| |
| |
koene de yntime aventûren fan donya Isabel, in dame, dy't ta de bêste formiddens hearde, de kearen, dat hja op it glêdde swilk fan de houliksplichten útglied, op 'e fingers neiteld wurde. Mar in greate bitûftens en in yngeande kunde oan minsken en dingen, stipe troch folmakke menearen, hienen de praetsjes krekt foar de grinzen fan de biskamsume rabberij opkeard, de liepe gissingen hiene om har ûntjaen to kinnen nea fiedsel yn publyk skandael fine kinnen. En in skyn fan achtinge hie as in mylde hoedingel mei wide wjokken boppe donya Isabel har holle sweefd.
Inkeld as der bygelyks in oar garnisoen kaem en ris in blastich ofsierke nei de stêd slagge, liet it sljochte folk, dat nei it ûnkearber kontakt útseach, him it ien of oar smeulsk en skabeljeus kommintaer ûntkomme. Mar as hja yn sa'n snuorje tafallich foarbykaem, gyngen de mûtsen likegoed fan 'e holle en groeten deselde rabjende mûlen fluensk werom.
Har bywêzigens of har taktyk hienen altyd oerwoun en it amoréle lodske hie, frij fan skrupules, mar in tûk hoedster fan de skyn, yn it skaed fan har eigen hûs in libben lizze kind, dat rêstich en rûzich fan beiden wie, tagelyk dat fan in solide húsfrou en fan in ordinaire hoer. Hja sei, dat se nea skippere hie mei har oermachtige, tyrannike driften, dy't fan de jonkheit ôf tsjinne waerden troch in hert, sa kâld as in blok moarmer en in brein fol grille positivistyske klearens. ‘Jow it lichem alles hwat it freget, hwant moarn leit it to rotsjen’, hie se yn har fammejierren in bidaerde, ûnbiskamsume frou, dy't by harren arbeidster wie, ris sizzen heard, en dizze regel wie har sa't it like as noarm foar har fierder libben helder bybleaun. Hwant sadré't de kapelaen syn seine har foar skandael hoede hie, bistie der wifel noch wroeging mear foar har. Har bigearte wie fûl as dy fan in wyld bist, mar hja wist har altyd nei de omstannicheden to skikken, mei it ynsjoch en de foarsichtigens fan in folsleine stratege. Allinne, de strategy holp har net fierder as safier, en it nut dêrfan foel wei as der neat mear to bimasterjen, to nimmen wie.
Doe't op groun fan in strategy, dy't neat mei dy fan de sliepkeamer to meitsjen hie, hja har garnisoen kwytrekke, krige de stêd in slimme klap; har troch dy frjemde bloedtransfusy opmontere libben rekke yn 't neigean: hjoed dizze, moarn jinge, gyngen alle trekfûgels - employés, hannelslju, parasites en sociale bioedsûgers fan alderlei soarte - op 'e wjokken en der bleauwen oars net oer as de hiemfêste figueren, dy't omreden fan it hillige fatsoen, har nea net bleatjowe en nea oanlieding binne ta rabberspraetsjes.
| |
| |
Troch dy ûnforwachte ramp, dy't har operaesjeterrein slim bilytse, moast donya Isabel doe har batterijen wol weromnimme. Wie fariaesje yn har conquêtes fuortoan útsletten? Dan moasten de tiden, dat hja de strategyske punten bisette, langer wurde, hwant nea mocht de oerwinningsflagge omleech. En sa regearre hja, doe't har twa-en-fyftichste oanbriek, al in jiermennich op in inkeld sté mei de hearskippij, freedsum en absolzet tagelyk, fan hwat stilswijend as definityf biskôge wurdt. Troch de wurking fan de tiid wie dizze tafallige kombinaesje hast yn in echt, hoewol ûnwettich houlik oergien, hwant gjin inkelde needsaek twong ta legalisaesje, wylst bilangrike motiven dy bilet hawwe soenen, mar it forstân, it geriif, de duorsumens sels fan dizze bannen wiene in garânsje foar har fuortbistean. Hy en hja hiene beide har bêste tiid hawn, hy en hja koene inoarren goed, hy en hja hienen beide de gek hawn mei de wrâld, hy en hja wisten presiis hwat hja dienen en sa moasten har stappen wol lykop gean. En doe, doe barstte de bom, doe wie it dat, hwerfandinne wist hja net, dat nijsgjirrige nijtsje oanwaeide: hy soe trouwe. Yn 't earstoan sloech hja it net ienris acht: it wie in grapke, in eamelpraetsje fan it folk. Hy koe ommers mei nimmen oars as mei har trouwe en hja - och hearken - hja fielde der net sa folle foar. Mar dêrnei waerden de praetsjes fêsteroan: hy troude mei dy-en-dy. Dêr moast hja suver om laitsje: in fanke, in jong bern noch, ûnsjoch, ûnbitsjuttend, sels fan leech komôf. Hwat in mislik útfynsel, hwat in flauwe grap! En út de gek fortelde se it him mei de bidoeling om him ris in bytsje to narjen, om der in skoftsje wille oer to hawwen. Mar by it earste wjerwurd fan him, by de earste stammerjende ûntskuldiging luts donya Isabel bleek wei. It wie sa klear as de dei. It gyng hjir net om in grap en twivel wie gjin sprake fan: hy
troude! De man dy't ûnforhoeds oangrypt, dy't frontael oanfallen vuurdi as er it net forwachtet, kin net lige, kin him net fordigenje; om net foar spot to stean moat er syn fordigening tofoaren birekkenje en tariede. Ek dit detail hie donya Isabel to faek sjoen om har nou to forsinnen of fan 'e set to reitsjen. Ja, it wie in útmakke saek, hwant as in man fan syn jierren soks yn de holle kriget, dan set er troch, al sil de ûnderste stien boppe.
Har kalmte forlear se net: it wie ûnnut om op to spatten, en in fornederjende scène to meitsjen of jin op tinkbyldige rjochten to biroppen. Har iennichste kommintaer wie in iiskâld, sarkastysk glimke, doe gyng se oerein. Hy gyng fuort, slein en fornedere troch dizze botte skieding, in skieding sûnder triennen en forwiten... Sadré't se allinne wie sette donya
| |
| |
Isabel in monter gesicht en gyng nei har soan syn studearkeamer. Harren eardere hûsûnderwizer, har goeije húsfreon fan nou, soe trouwe: hja moast de jongfeint dat greate nijs nedich trochdwaen, sahwat spytgnyskjend fansels om it âldeftige baeske dat sokke mâlle flinken útsette justjes bispotlik to meitsjen. It houlikskado, dat se him jaen soenen, moast ek oer praet wurde. Mar de keamerfaem sei tsjin har, dat de jongehear der in setsje lyn mei syn gewear op útgien wie.
Namsto better, tocht donya Isabel en de fleurige útdrukking op har gesicht foroare fuort yn strakke earnst. Hja krige har borduerraem en gyng yn har keamer, hwer't se feilich wie foar de loerende eagen fan de boaden dy't har, se hie it field, al in pear dagen bignúfden, en sa't hja nou murk mei rjocht en reden. Hja wie sikerwier in frou, dy't mei itselde aplomb oerwinning en wansagen bilibbe en al hie se de hiele dei oanienwei ûnder de eagen fan de minsken wêze moatten, dan soe har hearskersynstinkt har yn it minst net forret hawwe. Mar nou wie der gjin forlet fan dit heroïsme en donya Isabel wist dat as frou fan ûnderfining foar de kearen to biwarjen dat it wol nedich wie.
Har fingers, mear troch eigen eftertinken as troch de wil fan de borduerster bistjûrd, tyspelen mar troch en ûndertusken mimere hja, bisocht omdôch om dat nuverfrjemde geheimskrift fan dat healwize houlik to ûntsiferjen, dat bigjinsels noch logika like it wol forklearje koene. Doe't hja wer ta harsels kaem wie it al hast tsjuster: de karmynreade streek wie breder wurden en feller fan kleur, hie him yn de nêstlizzende grizens wrotten en dy hielendal opslokt. It gerûs fan de sé wie klearder to fornimmen en de figuerkes op 'e kaei wiene diziger wurden.
Donya Isabel gyng oerein om it lampke op it hoektaffeltsje op to stekken. Wylst it glês waerm waerd en it ljocht noch slûch barnde die se de doarren fan it balkon ticht, sette it borduerraem en it lege stuoltsje toplak en gyng wer yn 'e keamer.
Yn it geheime fekje efter it laed fan de spegelkast hie se hwat ûnnedige snypsnaren, dy't nou fuort forneatige wurde moasten. Hja wie gjin frou om oantinkens to biwarjen, út birekkening net en om't hja mei in smeulske forachting delseach op hwat hja in ordinaire sentimintélens achte, mar altyd sei hja by harsels, dat manlju greate bern binne, dat it harren tige nolket as in frou om harren tinkt, dat se nea út har sin binne, dat der tekens fan har frege wurde, dat alles hwat fan har komt foreare wurdt as in relikwy dat har foartsjoend wurdt, dat men de nachten tabringt mei har brieven to lêzen of har por- | |
| |
tret to patsjen. Koartsein, hja wolle och sa graech, dat men mei in bytsje komeedzje de folsleine vulgairens fan har bigearten forguldet en hja, hja spile dy komeedzje, dy't ien fan har taktyske middels wie. Hja hie altyd dit of dat yn dat fekje fan har kast om de bernlike idelheit fan har amant to streakjen, òf om it as dat to pas kaem, as wapen to brûken en alle kearen, dat hja in nijenien hie, hâldde hja opromming.
Hja skroefde de lampe op en omdat it ynienen opflikkerjende lûde ljocht har sear die oan de wurge eagen, skade se dy mei de hân en stapte doe nei de kast. Doe't hja de eagen wer opsloech, bleau hja pal stean, forheard, stokstiif, krekt oft út de muorre foar har oer in spoekich skynsel opriisd wie. Yn it glês fan de spegel, polyst as in stielen plaet, stie in foarse frou, rjocht op en del, folslein, mei folle foarmen en de rounens fan in ryp lichem, in frou mei foars omskot en fan in binei manlike bredens en hurdens, presiis it byld fan har mem, koart foar dy har stjerren.
Mei de holle oerein seach donya Isabel dat forrassende byld deastil oan, krekt oft se oan de flier bineile wie, mei in stomme en wanige konsintraesje, wol in minút efterinoar. Doe gyng se sunich in pear stappen nei foaren en bleau wer stean. Har skerpsjende, stoarjende eagen wiene ûndersykjend as fan in rjochter of in dokter, as it om in saek fan libben of dea giet.
Mei't hja tichter by de spegel kaem, gyng dat byld fan niis oer yn in oer byld, yn dat fan harsels, donya Isabel, mar net de gewoane Isabel, dy fan aldendei, mar fan in nijenien, biswierre mei gâns mear jierren as de Isabel, dy't se de lêste kear yn de spegel sjoen hie, fan in Isabel, dy't har hast frjemd wie en dy't se, om der har folslein yn wer to kennen, perfoarst oan in bifêstigjend ûndersiik ûnderwerpe moast. En doe wie it, by dat ûnforbidlik alles neigeand ûndersiik, dat hja fornaem, helder en foar de earste keer, dat har antlit, uteraerd glânzich, mei fris en teer fel, bigoun to wyljen, as in oerripe frucht, dat om de eagen hinne in tizelnet fan fine tearkes to sjen wie, dat har wangen, slop en swier, delsakken en oan beide kanten oppûden, dat har hier, swart en glânzjend as ravewjokken, namsto klearder it sulver oan de sliepen útkomme liet en dat - en soks wie it slimste fan alle skande - har tosken, har út 'en gielens skinende, mar lytse en geve tosken, út it gelid bigounen to sakjen en langer waerden, krekt as groeiden se. Koartsein: hja fornaem ynienen en mei in absolute klearens dat hja gâns, gâns âlder wurden wie.
Donya Isabel fielde in skriklike skok, namsto skrikliker omdat dy sa ûnforwachts kaem. Hjà âld? Dêr hie se nea om tocht.
| |
| |
Fan alle streken, dy't it lot har spylje koe, wie dit wol ien, dêr't hja it frjemdst fan opseach, de iennichste, dy't alle takomstbirekkeningen fan har koel forstân ûntkommen wie. Ald? Wylst se alle brân fan de bloeijende jonkheit jit yn har lôgjen fielde? Ald, wylst yn har hert alle oanstriid, alle driften opbruzen fan de minske yn syn krêft? Ald, wylst se altyd noch bûge moast ûnder de gystene stoarm fan har passys? Hoe wie dit mûglik? As hja allinne to riede gien wie mei har hert, hie se mei alle krêft dy't yn har wie andere fan né; mar de spegel wie der om har forbjustere ynsjoch wer yn 't spoar to bringen, der wie dat byld fan in forfallen frou dy't al ticht by de jeld stie, in byld, dat har eigen wie, mar dat hja yn in amerij fan al-iepenbierjende binijing foar it byld fan har mem oansjoen hie, fan dy treflike frou, dy't stoarn wie doe't se oerbeppe wêze kinnen hie.
En dizze iepenbiering laette ta in oare, dy't de logyske konsekwinsje derfan wie. Hja hoegde fierder net to sykjen nei it hwerom fan dat houlik, dat hja as healwiis oanmurken hie. De man dy't oant nou ta in jabroer west hie, oant nou ta har slaef, boaske oan in ûnsjoch, ûnbitsjuttend fanke út in maetskiplik leger formidden, mei in frommiske sûnder ien opfallende oantreklikheit, mar dy't dit wie: jongfaem. Hjir lei it geheim. Mei in jongfaem. It wie de jonkheit, dy't allinne troch de eigen krêft oerwint, dy't it tsjin de jeld yn 'e kant set, dy't har oanfalt en har sûnder ynspanning yn har eigen rinfuorgen forgriemt, it wie de jonge frou, dy't ivich de sinnen fan de man fortokket mei de magyske bitsjoening fan de jeugd.
Donya Isabel raffele dizze ynjowing net ta presize tinzen útinoar, mar hja fielde it mei sa'n fûleindich gewelt, sa'n forpletterjende krêft, dat foar de earste kear har krêften it bijoegen, gnjidde troch dizze fatale klap. De lampe beve yn har ûnwisse hân en har eagen rounen fol triennen.
Op dat stuit klonk in great spektakel op strjitte en it bang gekryt fan in keamerfaem skuorde har út har prakkesaesjes wei. Hja sette de lampe del en gyng nei de keamersdoar.
By de flauwe skyn dy't troch de iepen finsterlûken kaem seach hja in kloft manlju, dy't oan de oare kant de seal yninoar omrounen. Dy manlju droegen har soan, dy't by ûngelok troch in skot troffen wie. Under de jacht fan de iene beekswâl nei de oare springend wie it gewear ôfgien en hie er in kûgel dwers troch de lea krigen.
Donya Isabel, dy't fuort har birie by har hie, krige ynienen al har rêst en krêft werom; hja draefde en fleach oeral efteroan en biruorre allinne alles hwat der by dit ûnforwachte ûn- | |
| |
gelok biruorre wurde moast, en pas nei't har forwoune soan holpen wie en syn bleke holle op it kersen lei en syn lea swier en deastil op it bêd rêstten, liet donya Isabel har wurch op 'e stoel by it hollenein falle en brieken einlings de snokken, dy't se ynhâlden hie, eangstich, bang en mei skokken los.
Hwat hiene se in meilijen mei har, mei it djip fortriet fan de treasteleaze mem, dy't it ûngelok fan har soan biskriemde.
Allinne: nimmen rette, dat dizze frou, al hoe skriklik it wie, yn dy ûre mar mei great lijen oan har stjerrende soan tinke koe, omdat hja hielendal bifongen en ûndergien wie yn in djipper, forskuorrender pine, in oare, forburgen deastriid, dy't har neijer oangyng as de sichtbere: de deastriid fan har eigen sûndige jonkheit, de deastriid fan dy demonyske ridzigens, dy't by einsluten útroun yn in greate, in geweltige ûndergongsbrân, foargonger fan de absolute nacht, sûnder stjerren, sûnder treastgjende glâns, de nacht fan de blinen fan siele, fan harren dy't geniete hawwe sûnder to leavjen, harren dy't op ierde wenne hawwe sûnder earne ôfsjoen of harsels ienkear offere to hawwen.
|
|