De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Ventura Gassol: De logjende greven (Les tombes flamejants) Ik ken in lân, dat sa yn skientme rêstte, Dat nimmennet woe it in grêfsté jaen: Oer eltse sark in stjerre dy't net dwêstte, En ûnder eltse stjer in Katalaen. Sa tichte by de weagen lei er bêdde En sliepte dêr - de dea wie as in tsjoen - Dat dei en nacht er de sirenen hearde, Dy't him it herte libben sjonge woen'. En op in dei doe riisde in kleare sinne En út de kâldste grêftombe fandinne Jub'le in stimme, song in heechliet nij: - Nij fjûr, kom út it swurk, wy bin dyn branje. De ûre is kaem, wy sil de jiske wanje, De grêven lôgje, o Heitelân, foar dy! Vorige Volgende