Fuort alhiel fan syn saken en yn 'e waen, dat dit in hoeke sé wie, dy't him op syn flecht eftersiet, bigoun er grimmitich to flokken en hastich sette er de stap nei Besalú ta.
Besalú leit al fier fan 'e sé ôf: twa dagen wie er al op stap en hy woe graech útrêste, ynein en dea-ûngelokkich as er wie. Mar hy soe earst ris in proef nimme. Hy gyng nei de midden fan it doarpsplein, sette syn riem op 'e groun, wiisde der nei en sei tsjin it folk, dat der omhinne stie: ‘Hwat is dit?’
‘Dat is in riem’, anderen in pear sjouwerlju by de sékant wei, dy't dwaende wiene fisk ôf to laden.
‘Tanke en it alderbêste’, andere er toar en sûnder him der oer to bikroadzjen oft se him foar healwiis oanseagen, gyng er fierder.
Fannijs naem er de riem oer 't skouder en sloech, de beek fan Fluvià lâns, in paed yn nei it djipst fan it berchlân. Al ringen liet er de bertestêd fan Sint Damasus, Argelaguer, lofts lizze en seach oarekant it wetter Castellfollit, in doarp, dat him op in ûnbidige muorre fan basaltpylders forheft, en doe de Congost, dy't der as in sljocht fjild hinneleit; dêr midden yn riist blank, as in stoppelfjild yn oktober, de moaije stêd Olot. Doe't er dêr hinnepandere sei er by himsels: ‘Dizze stêd leit moai yn de bergen bisletten en tige fier fan de sé en de minsken hjirre witte grif neat fan myn deadsfijân. Doe't er op it stedsplein oankaem, naem er de riem yn de rjochterhân en frege de kliber nijsgjirrige lju, dy't der om gearklofte:
‘Soene jimme my sizze kinne hwat dit is?’
‘It is in bakkersskoattel’, andere in beuker fan amper twa foet heech.
‘Hoe soestû dat witte’, sei syn heit, dy't op de float west hie. ‘Dat is gjin bakkersskoattel, it is in riem fan in boat.’
‘Ik foarderje al’, sei de séman by himsels, ‘mar ik bin der noch net. Ik wol net yn in plak wêze, dêr't de sé bikend is, al is it noch sa'n bytsje.’
Hy kloppe de moude fan syn touskuon en fierder gyng it wer. Hy forliet de flakte troch de delling fan de Bianiya, hieltyd de berchbeek folgjend, dy't him makke hat. Boppe kommen sloech er it berchpaed fan Capsacosta yn en efter de bergen kaem er fuortendaelk yn it doarp Sant Pau de Segúries. Biseffend dat er einlings en to'n lêsten oan de ein fan syn reis wie, stapte er om him hunne digerjend troch de strjitten oant er op it pleintsje foar de tsjerke bilânne. Dêr sette er de riem opnij del, wiisde him de skepers en boeren dêrre oan en sei:
‘Bêste minsken, soenen jimme sizze kinne, hwat dat is?’
‘Hearkes, hwat in nuvere frage!’, andere de âldste en dus