provecho en Occ. profiech hiel oare wegen gien binne. Wy moatte lykwols it bilang fan dizze détails (al komme se faken foar) net oerdriuwe; hja yllustrearje inkeld mar in bigjinsel, dat to forlykjen is mei de fysike oerienkomsten tusken bloedfreonen, soms tige útsprutsen tusken fiere sibben, dy't jamk net lykop geane mei djippe en echte oerienkomsten.
Wol bistiet in yngreven oerienkomst, yngrevener sûnder mis as mei eltse oare bisibbe tael, tusken it Katalaensk en it Occitaensk, de folkstael yn it suden fan Frankryk. It is net to ûntstriden dat dizze gelikensens altyd folle sterker west hat, en nou noch is, as dy tusken it Katalaensk en it Kastiliaensk. Wy soene sizze kinne dat as wy de romaenske talen biskôgje as susters, Portugeesk en Kastiliaensk twjillingsusters binne, en dat dit mei it Occitaensk en it Katalaensk ek sa is. It is fansels wier, dat yn inkelde dingen de fjouwer romaenske talen fan Súdwest-Europa, it Portugeesk, it Kastiliaensk, it Katalaensk en de Langue d'oc, in ienheit foarmje, binammen foar it Frânsk oer (der binne wurden en foarmen byg. pintar, dy't alle fjouwer talen mien hawwe, foar Fr. peindre en It. dipingere oer), mar der moat by sein wurde dat it Katalaensk en it Occitaensk fierwei neist bisibbe binne.
Dit moatte wy net sa opfetsje, dat dy beide talen ea identyk west of in wurklike en folsleine ienheit foarme hawwe. De eigenheit fan it Katalaensk komt al sûnt it bigjin yn de histoaryske boarnen út en wy moatte opmerke, dat dy jit folle sterker wie yn de sprutsen as yn de skreaune tael!
Hwat de ûntjowing fan Latyn nei Katalaensk oanbilanget is biwiisd, dat de radikaelste foroaringen har yn de sawnde en achtste ieu foardien hawwe; yn de njoggende en mear jitte yn de tsiende en alfte ieu forskine al sà faken Katalaenske wurden en sels hiele sinnen yn Latynske teksten, dat it ûnmûglik út to hâlden is, dat de sprutsen tael yn dy tiden nèt de tael wie, dy't wy Katalaensk neame. Yn de alfte ieu hawwe wy al lange Katalaenske brokstikken en sûnt it midden fan de tolfte ieu komme hiele dokuminten yn it Katalaensk foar. Tsjin de ein fan de tolfte ieu komt de âldste literaire tekst yn it Katalaensk: de saneamde Homilies d'Organya.
Oer de ûntjowing fan de Katalaenske literatuer sûnt dat stuit oant de njoggentsjinde ieu ta sil de lêzer ynljochte wurde troch it artikel fan L. Nicolau d'Olwer, dat fierderop yn dit nûmer publisearre is, en oer de forskate aspekten fan de njoggentsjinde en tweintichste ieu yn dy fan oare meiwurkers.
Hwat de posysje fan it Katalaensk yn de jongste tiid oanbilanget kin sein wurde dat de tael har goed forwart tsjin de