De Tsjerne. Jaargang 18
(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 43]
| |
I
Dû delling swiet, nêst fan myn bernedreamen,
O bergen steil,
Kapelle tsjin de loft, jim oeren, streamen,
Farwol, haw heil!
Lit, mies en fink, jim sangen my fornimme,
Ei, harpje nou,
Jim bosken, beken, skriemend siz ik jimme:
Moarn set ik ôf!
| |
II
Hwer fyn ik wer in lân, dat sokke winen,
Sa'n himel hat?
En mear, o mear! Hwer sil 'k dyn toppen fine,
O, Montserrat?
Nea sjoch ik mear sa'n dom, o Barceloane,
Myn hert, myn honk,
Noch sokke heuvels, pearels fan de kroane
Dy't God dy skonk.
| |
III
Bruorren en Heit, farwol, 't is nou foar 't lêste
Dat ik jim sjoch!
O hie 'k oan 't grêf dêr't mem sa ier al rêstte
Myn sliepsté doch!
Hoe kwelt de lânwyn my, nou 't skip yn sé is!
Matroazefolk,
Bring nei syn lân werom dy't siik fan wé is,
Dêr stjerre wol 'k!
|
|