'e memmetael bisteane komme út yn... Mexico, hwerhinne nei de boargeroarloch gâns Katalaenske kultuerdragers útwykt binne, lyk as ek nei Frankryk. Der is op it stuit yn Katalonië wer in biheinde mooglikheit ta it útjaen fan boeken dy't de censor talit, mar fan literaire bloei en fan skriuwen as birop kin sa gjin sprake wêze. Boppedat, ûnder sokke gnjidzjende omstannichheden weakket de jongerein los fan eigen woartel.
It útsûnderlike en ek it pynlike fan dizze situaesje is dat Katalonië súd fan de Pyrenéen ekonomysk bislist gjin efterbleaun gebiet útmakket, lyk as dat yn West-Europa sa faek by taelminderheden it gefal is, mar dat it rjochtoarsom, mei troch in hannelsstêd as Barcelona en it tanimmend pleatslik frjemdeforkear, de koark is dêr't Spanje yn dit stik op driuwt. Wylst op 't heden ienachtste fan de bifolking fan Spanje yn Katalaensk gebiet wennet, bitellet dit folk ienfjirde fan alle Spaenske bilestingen. Wol in paradoksael en ûndaeiber forskynsel: kulturéle en steatkundige ûntkrêfting tsjinoer in greate ekonomyske foarsprong.
Nettsjinsteande dizze knoeijende faktoaren is de sosiale wurdearring fan de Katalaenske tael noch altyd moai sterk, foaral yn it gebiet dêr't Barcelona mei fjouwer omlizzende provinsjes yn leit, it s.n. ‘Principat’. Ek hjoeddedei, wurdt jin forteld, assimilearje guon ynkommelingen om utens wei fan tael nei de twadde generaesje. Dit maetskiplik oansjen hâldt foaral forbân mei it feit dat yn Katalonië noch altyd in katalaensktalige hegerein bistiet, wachtsjend op oare tiden. Wol waerd tsjin ús klage dat de omgongstael fan de jongerein - hoe kin it oars? - oantaest wurdt troch alderhanne kastilianismen. In lûd dat ús as Friezen net ûneigen oankaem.
Hwat der yn 'e takomst mei dit Katalonië, dat tiden fan folsleine kulturéle en politike autonomy kend hat, noch barre sil, leit yn it tsjuster. De biwuste Katalanen dy't wy troffen, wiene lykwols fol goede moed en fol takomstplannen, fêst tidigjend op mear kulturéle earmslach en forhelp fan earder festige tradysjes. Ut it noardlike Fryslân wei wolle wy harren goereis tawinskje op in wei dy't, mei bihâld en mei forheffing fan it nasionael-eigene, liedt nei it Europa dêr't hja har mei ús diel fan witte.
Foar gâns fan ús lêzers wie de kulturéle kaert fan Katalonië grif ‘terra incognita’. Dat dit nûmer it byld forskerpje mei en dat it in foege boustien wêze mei oan it Europa dat komt, is by einsluten de winsk fan de redaksje.
D.A. TAMMINGA