Meidielingen
By dit nûmer yn fine de abonné's in ynhâldsregister fan jiergong 1962. Stimpelbannen foar de ôfroune jiergong kostje f 1,75 en kinne oant 15 febrewaris ta noch bisteld wurde oer de giro by de administraesje.
Wolle de lêzers dy't dat noch net dien hawwe it lêzersjild à f 12,50 foar mids febrewaris oermeitsje? De studinte-abonneminten à f 10, - jilde allinne as hja by foarútbitelling foldien wurde.
Wol elk tinke om it nije gironûmer en de nije adressearring fan de administraesje? Dy binne sa: Literair tydskrift De Tsjerne, Goudtsjeblomstrjitte 29, Ljouwert, gironûmer 1028440.
Troch hwat stagnaesje is it de redaksje net slagge it planearre Katalonië-nûmer op 'e stelde tiid klear to krijen. Dit dûbele nûmer forskynt nou om 1 maert '63 hinne, is it doel.
REDAKSJE EN ADMINISTRAESJE