relaesje, leafhawwe. Earst by Martin dy't har, noch as man, noch as dokter, helpe kin. Dan by har heit, de skriuwer mei sukses, dy't har lang as in ‘gefal’ biskôge hat en har psychyske ûndergong yn détails bistudearre, om it as motyf foar in nij boek to brûken. Mar nou ûndergiet er syn katharsis, sjocht er himsels as in lytse, egoïstyske ellindeling en syn sukses as literator as folslein sinleas. Ek syn nije, forlegene leafde kin Karin net rêdde. Dan klammet se har fêst oan har broer, de 18-jarige gymnasiast. Siz tsjin Martin, dat ik him loslitte moat, smeket hja. Ik moat kieze tusken him en de Oare, dy't my ropt en op my wachtet. De earme jonge is syn rie to'n ein en foar him komt de ûndraechlike krisis, as hja him yn in fleach fan dwylsin forliedt. Martin bistelt in helykopter en bringt har werom nei de ynrjochting. It slot fan de film is de dialooch tusken heit en soan. Ik bin út de werklikheit fallen, klaget Minus. It iennichste datstou, dat wy allegear dwaen kinne, is, har leafhawwe oant de ein, seit de heit. Ik wit net, oft de leafde Gods bistean biwiist, of God sels is. En Minus: dan is Karin yn Gods hannen, om't wy har leafhawwe.
Is it Bergman slagge, om fan dizze faeije en gefaerlike stof in navrant geef drama to meitsjen? Folslein en mei de allersoberste middels! Elk byld fan Karin sprekt in greate barmhertige dearnis út. De earste scènes lykje hwat wifkjend, mar fierders is de byldkomposysje sa knap, dat de taskóger de ûnwjersteanbere gong nei de ûntbining yn ieren en sinen mei bilibbet. De forhâlding tusken broer en suster, de slimste opjefte, is like forantwurde as de hiele komplisearre relaesje tusken de fjouwer minsken. De dialooch is adekwaet oan it byld. De keamermuzyk, mei in sonate fan Bach, aksintuearret hanneling en sfear treflik. It gehiel is in twingend appèl fan de master, dy't ûnbitinge réalist wêze kin om't er earne oan it wûnder leaut, oan de leafde fan 1 Kor. 13.
Bergman biskikt yn dizze film oer syn selekte ploech spylders: Harriet Andersson as Karin, Max von Sydow as Martin, Gunnar Bjornstränd as David. In nije akteur is de jonge Lars Passgard, dy't yn dit selskip net detonearret. Tsjinspylder fan Harriet Andersson, makket er fan syn swiere rol as Minus in opfallende prestaesje.
By einsluten it biswier fan sommige kritisi, dat Bergman faek forfilme toaniel jaen soe, ek yn dizze film wer. Ik soe leaver sizze, dat de toaniel- en filmregisseur Bergman de beide media yn inkelde films ta in nije, geve ienheit forbynt. De ladene dialogen dy't er altyd sels skriuwt, roppe yndied soms de assosiaesje oan bêst toaniel op. Fierders kiest er ek yn oare opsichten souverein syn eigen middels en it resultaet kin mear as bisjen lije. As kritisearjende skoalmasters bidoele, dat er de spesiale filmtechnyk net oan kin, dan is dat ôfwaeid praet. Men moat de gesichten fan Karin en Minus mar ris bistudearje om to witten, hwat dramatyk de kamera hjir skepen hat. En ek de sublime opnamen fan it dékor, dy't in wêzenlik elemint fan it drama foarmje. En om noch ien biskiedende faktor to namen, dy't jin ek yn dizze film wer opfalt: syn suggestive macht, om mei in pear subtile flitsen in sfear to skeppen. De film bigjint mei in shot, dêr't de fjouwer minsken boartsjend en skatterjend út sé komme. Mar op itselde stuit is der in ûndertoan fan tragyk. Troch in bysûndere biljochting, it byld fan in sombere jounloft, of in oar kamera-effekt, dat amper nei to kommen is, mar dat opslach de wrâld opropt dêr't dizze filmer it geheim fan hat.
INNE DE JONG