Krityk yn it koart:
Mantgumer mjitte. Fersen en forhalen bikroand yn de Priisfragen 1958, 1959 en 1960 fan it Rely Jorritsma Founs. A.J. Osinga N.V., Boalsert, 1962.
De rispinge fan de Rely Jorritsmapriis, oer trije jierren sammele, hat de firma A.J. Osinga to Boalsert gearbrocht yn ien útjefte ûnder de titel Mantgumer mjitte. Yn de ironyske hinnewizing nei as oerrinnend bikend steande ‘Boazumer mjitte’ hat de redaksje op ûntwapenjende wize de saek ta syn bitreklikens werombrocht.
Dêrmei rekken hâldend, kin men dit wurkje fan 176 siden proaza en gedichten as in wolkomme oanwinst biskôgje. Net dat hjir nije wegen wiisd of forbjusterjende perspektiven iepene wurde. It is sa'n soarte Mantgumer gondelfeart, en de skipkes dy't jin foarbysile drage lang net altyd de minste nammen. Hoewol ik sizze moat, dat, om in pear to neamen, Paulus Akkerman en Tiny Mulder hjir net op harren bêst útkomme; hja hawwe beide har forhalen noch al in maklike point jown. Yn it proaza treft men hjir fierder A. Jousma, G. Mulder †, G. Jonkman, M. Apperloo en P. Terpstra oan, allegearre wol mei lêsber wurk, mar sûnder oanwiisbere forrassingen. De forlieding by dit soart ûndernimmings is fansels ek wol dat men min ofte mear op dit doel oanskriuwt, en dêrtroch yn in biskaet farwetter forsylt. By de gedichten driget dat minder, en boppedat bifêstiget ek dizze samling it bikend steande feit, dat de poëzij neffens kwaliteit yn Fryslân hwat heger plicht to lizzen as it proaza. In wier opfallend gedicht, sawol op himsels bisjoen as yn it totaelwurk fan 'e skriuwer, is Pakhúsfeint fan Gerben Brouwer.