| |
| |
| |
Prof. dr. J.H. Brouwer:
Hoel en hamsun
Yn 1962 kaem by Gyldendal Norsk Forlag yn Oslo fan Sigurd Hoel, romanskriuwer mar noch mear essayist (1890-1960), in bondel út Essays i utvalg; it is yn wierheit in treflike kar wurden út 'e eardere samlingen Mørketid, Mellom barken og veden, Fra mange tider en Om norsk diktning. Der steane karakteristiken yn fan bikende Noarske skriuwers lyk as Henrik Ibsen, Alexander Kielland, Nils Kjaer, Helge Krog, Arnulf Øverland en Nordahl Grieg, mar ek opstellen oer it mearke en de sêge en mear algemiene opstellen oer djiptepsychology en literatuer, oer de taelstriid (Hoel kiest fûl en biwust foar it Riksmål, al hat er biwûndering foar de aktiviteit fan de foarfjochters fan it Nijnoarsk) en dan in rige opstellen, dêr't er djip yn graeft nei it wêzen fan fascisme en nasionaelsosialisme. (Hoel hat ek yn in roman bisocht ta klearrichheit to kommen oer de wize fan tinken fan de Noarske nazi's).
Nou haw ik twa stikken noch net neamd, beide oer Knut Hamsun, it iene skreaun doe't dy 70 jier waerd (1929), it oare doe't er forstoarn wie (1952). In wrâld leit dêr tusken: de Hitlertiid, de twadde wrâldoarloch. Yn it earste jier is Hamsun de greate man, troch fortalingen de wrâld oer forneamd as romanskriuwer; hwa yn Nederlân en yn Fryslân soe alteast Hoe het groeide (Markens Grøde) net lêzen hawwe? Soe R. Brolsma syn Groun en Minsken hielendal frij wêze fan Hamsun-ynfloed? By alle krityk op it hâlden en dragen fan Hamsun kin Hoel it yn 1952 noch net litte om him to tekenjen mei de wurden: ‘De forlieding is great om to sizzen, dat der yn Noarwegen nea ien west hat sa oer alle boegen ryk bijeftige as Knut Hamsun. Moai as in god, sterk as in helt, mei in yntellekt dat alles yn him opnaem, en mei in kunstnersoanliz fetber foar alle stimmingen, fan de lytste en fynste ta de greatste en sterkste. It idéael fan 'e freonen, de ôfgod fan 'e froulju.’
Great wie syn fal. Iensumer minske as hy yn en nei de twadde wrâldoarloch sille der net folle west hawwe. Hy is âld, hy is dôf, hy libbet yn in sikehûs, yn in tohûs foar âlden fan dagen, yn in psychiatryske klinyk, dêr't er hinne twongen wurdt, suver bûten alle minsklik kontakt; hy bigrypt net, dat de minsken him skouderje en is bliid mei de houn, dy't al fan him witte wol. En noch yn dy tiid, hy rint dan nei de njoggentich, skriuwt er in boek Paa gjengrodde stier (Op tichtwoechsen paden), dêr't alle kwaliteiten fan syn styl en fan syn minskewêzen
| |
[pagina t.o. 32]
[p. t.o. 32] | |
KNUT HAMSUN
Noarsk skriuwer (1859-1952)
| |
| |
foar it lêst klear yn útkomme. En noch yn syn fal is er great. Trije jier hat it rjocht nedich hawn om oer Hamsun syn skuld yn de oarloch ta klearrichheit to kommen; it fonnis waerd: in boete fan 475.000 kroanen. Hamsun neamt de somme net, hy jowt gjin kommintaer, mar hy skriuwt oan de ein fan dit lêste boek ien lakonike sin:
‘St. Hans 1948.
Hjoed hat de rjochtbank oardiele, en ik meitsje myn boek dien.’
Syn skuld hoegde oars net yn 'e kiif to stean. De earste maeije 1940 naem er it yn it iepenbier foar de Dútskers en tsjin syn eigen lân op. Dat hat er neitiid noch withoefaek dien en noch de sawnde maeije skreau er oer Hitler: ‘Hy wie in strider, in strider foar it minskdom en in forkundiger fan it evangeelje fan rjocht foar alle naesjes. Hy wie as herfoarmer in figuer fan greate bitsjutting en syn histoarysk lot wie dat er wurking die yn in tiid fan rouwens sûnder foarbyld, dy't optlêst him delsloech...’
Dat liicht der net om. Neffens syn eigen forklearring hat Hamsun nea partijlid west; yn syn wurk is gjin spoar to finen fan antisemitisme, dat kearnstik fan it nasionaelsosialistyske evangeelje; Hamsun hat himsels ek nea in lânsforrieder field. Nou kin men sizze: de man hat ienfâldich to lang libbe; as er forstoarn wie fuort nei syn tachtichste jierdei (hy is noch yn 1939, in moanne foar it útbrekken fan de twadde wrâldoarloch, fan de hiele wrâld huidige) dan wiene dy âlderdomshealwizichheden him en ús bisparre bleaun.
Mar Hoel seit, en mei rjocht, dat dy oplossing hwat al to maklik is. It mei wier wêze, dat Hamsun yn de oarloch de wâl fan de Dútskers ophâldde, omdat er reden hie ta tankberens (syn rom as skriuwer bigoun yn Dútsklân en dêr hâldde er in tige tawijd publyk), it is ek grif sa, dat trou, stânfêstens, loyaliteit útsprutsen karaktertrekken fan him wiene, dy't meiholpen om him op it paed bliuwe to litten, dat er nou ienris ynslein wie, mar it skuort net út: al lang foar de twadde oarloch útbriek wie it bikend, dat er nazistyske sympathyen hie en ek yn folle earder wurk fan sines sitte alderlei eleminten, dy't jin (efternei fansels!) sizzen dogge: dizze man wie praedisponearre om ‘slachtoffer’ fan it nazisme to wurden. En dan hoecht men net ienris oan to kommen mei de Napoleonforhearliking yn in stik fan 1892 of mei in stik trije toanielstikken út deselde tiid, dêr't Hamsun nei mar healfortarde lektuer fan Nietzsche dy syn Uebermensch-idé stal yn joech of mei in útdrukking as
| |
| |
‘arbeiderkrapyl’ (arbeidersrapalje) út 1904, al klinkt dat fansels net botte freonlik fan in arbeider oer arbeiders; de grounidéen yn syn romans binne sadanich, dat dy maklik oansluting fine koene by guon eleminten fan de nasionaelsosialistyske libbensleare. Ek yn de earste wrâldoarloch wie er pro-Dútsk; yn in artikel fan 1915 skreau er (wurdearjend) dat it Dútske folk in suver noardske sentimintéle leafde foar it heitelân hie. It nasionaelsosialisme seach er as it biwiis fan de libbenswil fan in folk. Fûl hat er pleite tsjin it takennen fan de Nobelpriis oan de pasifist Ossietzky.
Hamsun wie him al jong biwust fan syn kunstnersropping, mar hy hat fûl stride moatten foar syn skriuwerskip en foun pas let erkenning, binammen yn eigen lân. In rige fan lânnen tsjocht jin foarby, as men jin der ris rekkenskip fan jowt, hwer't er net koarter of langer tiid tahâlden hat: Noarwegen, Denemarken, Dútsklân, Frankryk (twaris), Amearika (twaris), Finlân, Ruslân, Perzië, Turkije en op hoefolle plakken yn Noarwegen soed er net wenne hawwe? As ik in rigeltsje opskriuw, wol ik net sizze, dat ik alles neamd haw: Hamarrøj, yn Gudbrandsdalen, Walsøe, Bø, Hardanger, Vaterland, Torpa, Valdres, Samsø, Drøbak, Kongsberg, Hamsund, Larvik, Nørholm en Kristiania, nou Oslo, net to forjitten. In like bûnte rige kriget men, as men neigiet, hokker ‘fakken’ er bioefene hat, ear't er einlings as skriuwer groun ûnder de fuotten hie: winkelfeint, swalkjend suteler, skuonmakkersfeint, havenarbeider, help by in polysje, ûnderwizer, arbeider en opsichter by dykoanliz, boerefeint, sneinskoallehâlder en preeklêzer, tramkondukteur, ploeger, lêzinghâlder. Hamsun hat net allinne in boek skreaun mei de titel Sult (Honger), hy hat ek mear as ienris letterlik honger hawn. Hy hat ek gauris, as er wer folslein oan reapsein wie, jild fan mear bigoedige lju oannimme moatten, der sels om biddelje moatten: yn 1877 jowt de rike keapman Zahl him 1000 kroan, yn 1881 kriget er 400 fan in houthanler, yn 1884 moat der jild samle wurde om him fan Amearika wer nei Noarwegen to krijen, yn 1886 skriuwt er de Amerikaenske miljonair Armour oan om jild en kriget 25 dollar. It swalkerslibben hat him yn 'e kunde brocht mei gâns in rige minsken, dy't as figueren yn syn romans letter in rol spylje sille,
mar wûnderlikernôch hat it hurde libben fan syn jonge jierren him net ta in strider foar greate foroaringen yn 'e maetskippij makke; syn sympathy giet, docht iderkear bliken, út nei dy persoanlikheden, dy't dwers troch de deltriuwende omstannichheden hinne har doel foar eagen hâlde en der komme.
| |
| |
It hat in lange en moedsume reis foar him west, ear't er as skriuwer syn plak foun hie. Hy biwûndere Bjørnson, sette dy folle heger as Ibsen, mar Bjørnson fan syn kant hat lang wurk hawn om de kwaliteiten fan Hamsun to ûntdekken. As dy yn 1879 wer ris in fortelling (Frida) skreaun hat, reizget er, nei't er omdôch bisocht hat dy yn Kopenhagen printe to krijen, nei de foreare Bjørnson, mar dy kart it wurk ôf. ‘Mar’, seit Bjørnson, ‘Jo binne great en kreas. Jo soene toanielspiler wurde moatte.’ Doe't de toanielspiler Jens Selmers him ienkear by him hawn hie, sei dy nei ôfrin tsjin syn frou: ‘It is mooglik dat er hwat greats wurdt, mar toanielspiler wurdt er nea.’ As er yn 1882 nei Amearika sil en Bjørnson freget om in oanbifellingsbrief, komt dy yn syn rekommandaesje net fierder as de konstatearring, dat Hamsun ‘net sûnder literair talint’ is, hwat net as in Frysk understatement útlein wurde mei. Yn alle gefal docht de ûntfanger, prof. Anderson, dat net; syn help komt hjir op del ‘dat yn Amearika elts himsels mar rêdde moat.’ As er yn 1886 it oardiel fan Arne Garborg freget oer in skets, jowt dy him to hâlden, dat er tofolle ûnder de ynfloed fan Russyske skriuwers stiet; mar dêr hie Hamsun op dat stuit noch hielendal gjin kunde oan. Letter soed er fan Dostojewskiplagiaet biskuldige wurde fan Garborg, mar lyk as sa faek by ‘plagiaet’ moat men earder oan tafallige oerienkomst en bisibbens tinke. As der yn 1896 war dien wurdt om him in steatsstipendium ta to krijen, mislearret dat, omdat er dan krekt in nochal erotysk stik yn in Dútsk blêd publisearre hat; mar dan stiet Bjørnson al foaroan by de lju, dy't protestearje. It sil binammen de roman Markens Grøde 1917
(De rispinge fan it lân) wêze, dêr't er yn 1920 de Nobelpriis mei kriget. Dan stiet er al heech yn oansjen, hwant bikende skriuwers as Ellen Key, Selma Lagerløf, H.G. Wells hawwe him om striid dêrom priizge.
It boek is ‘Akerbrukets evangelium’ neamd en mei rjocht. De driuw nei de groun, werom nei it boerebidriuw is ien fan de sterkste motiven yn libben en wurk fan Hamsun. Ek yn syn libben, hwant oant twaris ta hat er in lape groun koft en dy persoanlik biarbeide, oanmakke, biboud en mei goede útslach. De earste kear wie it Hamarøj (koft 1911, forkoft 1916), de twadde Nørholm (1918). Fansels bigunstige de tiid ien en oar, mar foar Hamsun wie sûnder mis boerelibben itselde as it echte libben. Yn alle gefallen wist er hwat it boerelibben ynhâldde en it wie mear as in literaire oanslach, doe't er yn in polemyk mei de Deenske skriuwer Joh. V. Jensen stelde: ik hear mei al myn woartels yn lân en bosk, yn stêdden libje ik
| |
| |
mar in kunstmjittich bistean. Boerebidriuw en natûr binne ing mei inoar forboun en yn fers en proaza hat Hamsun de natûr en har ynfloed op 'e minske bisongen. Hy hie it grou op 'e industriéle maetskippij, op 'e wrâld fan 'e masjine en syn fûle ôfwizing fan Amearika birêst grif net allinne op de minne ûnderfiningen, dy't er dêr persoanlik opdien hie, mar komt fuort út wjeraks yn al it automatyske, mechanyske, materialistyske. Hy warskôge, iderkear wer, dat it Amerikanisme ek oer Noarwegen komme soe en fundamintéle minsklike wearden en forhâldingen forniele, lyk as er ek in skalk each hie op it oanwinnende tourisme, dat de geasten bidjerre soe. Hy warskôge yn taspraek, artikel en brosjuere, hy bylde de gefolgen út yn syn romans, sa't er ek yn syn romans dekadinte moderne minsken, skriuwers, yntellektuélen, tekene, losslein fan alle biningen, oerjown oan eigen pessimisme en wanhope, cynysk, riddenearderich, opjage en lykwols bang foar de dea. It lok fan de minske leit net yn greater materiéle woltier, yn it almar fierder opfieren fan it tempo fan libben en wurk, it giet om de rêst fan syn siele. Alle minsken binne net gelyk en it kwalitative moat heger oanslein wurde as it kwantitative. Foar Hamsun wie de moderne kultuerminske absolút op de forkearde wei. Tsjin de rasionéle biskôging fan de minske komt er op foar de bitsjutting fan it yrrasionéle elemint yn dy syn wêzen en libbenslot. Syn helt is altiten de man, dy't yn alle omstandichheden en by alle tsjinstuiten, trou bliuwt oan eigen wêzen; it spontane libben fan de siele is mear, it ûnforwachte, it ûnbiwuste ek as de fynste spinsels fan it redenearjend, analisearjend en dedusearjend forstân. De romantikus Hamsun skriuwt ûnder bisieling; as er, ûnder de illindichste omstannichheden,
mei it earste greate boek dwaende is, komt de skeppingsdriuw as in roes oer him hinne en sûnt hat er bitrouwen yn dy wûnderlike krêft yn him.
Hamsun hat de maetskippij, de kultuer en de minske fan syn tiid kritisearre, faek iensidich kritisearre; hy hat ek de moderne demokrasy húnjend krityk dien, al yn 1887, doe't de socialisten yn Noarwegen de mearheit krigen. It is dúdlik, dat yn syn opfetting fan minsken en dingen it konservative, it réaksionaire elemint sterke klam kriget, hy stiet tsjin syn eigen tiid; it is ek dúdlik, dat guon nazi-opfettingen har dêr maklik mei forbine litte.
Hoe is it mooglik, kin men freegje en Hoel stelt himsels dy frage ek, dat yn in perfoarst net konservatyf Noarwegen de boeken fan Hamsun sa yn alle lagen en formiddens lêzen en wurdearre waerden (doe't it bûtenlân earst de foarstap nom- | |
| |
men hie dan). Hy wol der op út, dat de lêzers de tendins fan de romans as hwat dat winliken net wêzenlik wie, op 'e keap tanommen hawwe en har, mei rjocht, fornoege hawwe yn 'e dichterlike wearden fan syn wurk. Sukses hat in skriuwer net allinne en faeks net iens alderearst troch hwat er fortelt, mar troch hoe't er it docht. Hy moat algemien-minsklike problemen op in manear bihannelje, dat elts him neikomme kin. En dat docht Hamsun. Men kin de strekking fan guon boeken ôfwize en lykwols meinommen wurde fan syn kunst om minsken to skilderjen.
Binammen de jonge minsken, wol Hoel hawwe en my tinkt, dat wy him meistimme moatte, hat er alweroan op masterlike wize tekene, mei har op en del geande stimmingen, fan greatskens nei démoed, fan leauwe nei opstân, fan eale oanstriid nei dom ûnforstân, fan haet nei leafde, fan forealens sûnder ein op fan alles en noch hwat. It formogen om de jonge minske út to byldzjen is de skriuwer oant op hege jierren bybleaun en dêrom wied er alderearst net allinne skriuwer fan, mar ek foar de jongerein, romantysk, gefoelich, maklik to bisearen, lyk as ek Hamsun sels romantysk, gefoelich, o sa maklik to bisearen bleau, al wist er letter oan libbenswysheit to winnen en oan harmony.
Hamsun hat withoefolle taspraken hâlden foar de jongerein, foaral foar studinten; hy hat de jonkheit idéalisearre en forhearlike. As er yn 1899 yn Helsingfors in lêzing hâldt, fordigenet er mei klam: jow de jongerein de romte, nei syn fyftichst is it ôfroun mei de geastlike ûntjowing fan de minske en ek yn 1907, as er foar studinten sprekt ûnder de programmatyske titel AErer de unge (Earje de jongeren) seit er it stûf op: de âlderein hat it fjirde gebot skepen, om wraek to nimmen op de jongerein. Men kin soks de negative kant oer helje en konstatearje, dat dy forhearliking fan hwat jong is prachtich past yn in biskate théory, mar men kin ek sizze dat Hamsun yn syn wêzen in libben lang de charme, mar ek it ûnfolwoechsene fan in jong minske hâldde en dêrom ta sokke bêste prestaesjes kaem as er jonge minsken biskreau.
Mei fyftich jier wie it, stelde Hamsun, winlik dien mei de minske, dan is er geastlik al dea. It docht jin gjin nij, dat er sels, doe't dat fatale jier tichterby kaem, yn in geastlike krisis rekke en dat dy krisis en de oerwinning dêrfan in djippe sneed yn syn libben en yn syn wurk joech. De skriuwer hat syn bistimming foun, de swalker is thús, de wurdearring foar syn skeppingen komt as in floed opsetten. It lot hie it oars mei him foar, as er sels profetearre hie; hy hat as romanskriuwer nei
| |
| |
syn fyftichste in hiele rigele romans en mei fan syn moaiste wurk skriuwe meijen. Syn ûntjowing is by dy kilometerpeal net ophâlden. It kin jin muoije, dat er nei syn tachtichst him net stilhâlden hat, mar wie Hamsun der de man nei om him stil to hâlden? En as Noaren as Hoel, by alle krityk op guon mieningen en guon dieden fan sines, der ta komme kinne om oan de iene kant fêst to stellen, dat syn wurk dêr net los fan stiet en oan de oare kant sizze doare: en dochs wie Hamsun in skriuwer fan great formaet, syn wurk bliuwt, dan meije wy der faeks ek sa oer tinke.
Dit wie hwat referaet en hwat ‘prakkesaet’ nei oanlieding fan Hoel, fan Winsnes en fan eigen lektuer en fan de krantemeidieling, dat al it wurk fan Hamsun yn in nije Nederlânske oersetting forskine sil. Nou ja, àl it wurk, dêr soe in aerdich boekekastje mei fol to krijen wêze, mar de bilangrykste boeken dan, nim ik oan.
|
|