De Tsjerne. Jaargang 18
(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 28]
| |
Sjoerd Leiker:
| |
[pagina 29]
| |
By de Nederlânske oersetting is útgien fan de oarspronklike teksten, foarsafier't dy yn boeken, kranten en tydskriften to efterheljen wiene. Der moatte heul hwat manuskripten fan Babel út de tritiger jierren weirekke wêze en it is noch net slagge om dy oan it ljocht to bringen. Isaak Babel hat syn skriuwerij mei syn libben bitelje moatten. De gloede, de hertstocht fan de skriuwer, dy't trou is oan syn ynderlike opdracht priuwt men op suver eltse bledside. Jierren letter wurdt bikend dat Babel op 17 maert 1941 forstoarn is, mar it is noch altiten in geheim ûnder hwatfoar omstannichheden. Yn 1954 folget posthúm earherstel. Syn Forhalen meije wer forskine, mar yn in Russyske útjefte fan 1957 is wakker knoeid troch de censor, ‘om politike reden’ en ‘út bitinken fan kommunistysk fatsoen’.
Yn Isaak Babel syn koart autobiografysk forhael Bigjin, skreaun yn 1936, leit al de ein bisletten. It is it forhael fan de opdracht en fan de wei, dy't liedt ta it masterskip. Babel fortelt yn dit forhael hoe't hy yn 1916, as jongfeint fan 22 jier, op in winterdei by Maxim Gorki komt om dy syn earste forhalen lêze to litten. Gorki nimt de jongkeardel mei nei syn wurkkeamer en seit dêr wurden, dy't biskiedend binne foar Babels skriuwerslibben. ‘Der binne lytse spikers’, seit Gorki, ‘en ek greate spikers, sa great as myn finger; - en hy stiek syn lange, sterke, fyn modelearre finger op - de wei fan in skriuwer leit siedde mei spikers, foar it greatste part fan dit greate formaet. Dêr sille Jo op bleate fuotten oer hinne moatte; der sil heul hwat bloed floeije, elts jier mear... Binne Jo in swakkeling, dan sille se Jo keapje en forkeapje, se sille Jo gjin rêst gunne. Se sille Jo op 'e kop sitte en Jo forwylgje, al dogge Jo nóch sa Jou bêst om op in bloeijende beam to lykjen... Mar foar in fatsoenlike keardel, foar in earlike skriuwer en revolusionair bitsjut it gean fan dy wei in greate eare, en foar dy lang net maklike ûndernimming jow ik Jo myn segen mei, menhear...’ Dizze wurden binne Babel syn heule libben net út 'e holle wei. Hy bigjint fuortendaliks as in wyldeman mei de forhaleskriuwerij. Eltse dei in forhael. Gorki lêst dy forhalen. Hy skodhollet en seit: ‘It is nou wol dúdlik dat Jo fan heul folle dingen mar in formoeden hawwe... Gean earst mar ris in skoft ûnder de minsken...’ Sawn jier lang hat Babel ûnder de minsken forkeard. Fan 1917 oant 1924. Hy hat soldaet west en forslachjower. Nei sawn jier hat hy syn les leard. Yn 1923 bigjint hy op 'e nij to skriuwen en nou goed en ek forgoed. Hoewol, net mear yn it wylde wei. Hy koe syn stikken tsien, tweintich kear omwurkje. Oan | |
[pagina 30]
| |
de selskrityk, dy't út dizze wurkwize bliken docht, jowt hy de namme fan ‘earbied foar de lêzer’. Selskrityk kin liede ta swijen, ‘mar as men oer swijen praet, dan moat men net út it each forlieze dat ik in greatmaster yn dit genre bin...’, seit hy yn 1934 op it skriuwerskongres yn Moskou. By dizze selskrityk kamen fansels ek noch de swierrichheden fan it skriuwerwêzen yn de Sovjet-maetskippij, it mislearre bisykjen om mei to dwaen oan ‘de sosiale opdracht’. En it gefaer. In forkeard wurd, in forkearde útliz en it is ôfroun mei de skriuwer!
En dan nou de fraech: hwat hat Isaak Babel to fortellen? Dat is koart sein: alles hwat er bilibbe en meimakke hat. Hy sit groatfol anekdoten. Fol wûnderlike en wrede forhalen oer de boargeroarloch yn Ruslân en oer de fjildtocht tsjin Poalen yn 1920, dêr't er oan dielnommen hat as remonte-ofsier by it Earste Kavaleryleger. Hy forkearde ûnder kozakken en siet mei harren om it jounsmiel. Hy, in joadsk jongfeint mei in bril op 'e noas, in yntellektueel ûnder in primityf slach mannen, dy't foreale binne op hynders, dy't froulju skeine, mar as hja jouns meiinoar om de itenspanne skikke dan hawwe hja ‘de ynbannige weardichheit fan boeren, dy't elkoar foar fol oansjogge.’ In twadde thema fan Babel is de joadske mienskip fan Odessa, dêr't nou en dan forheftich it gewelt fan de pogroms opstjit. It kin eltse dei barre, it kin ek jierren stil bliuwe. It is libjen op in fulkaen. It tredde thema is it gewelt fan de seksualiteit. Allyksa eruptyf en yrrationeel. De forhaelstof is net optocht en delskreaun as in deidream, lyk as yn moderne romantsjes, mar nei alle gedachten binne dizze forhalen gewoan wier bard en dêrom sa wûnderlik. Der is hjir en dêr in skym fan poëzij, sa't wy dy kenne út it wurk fan Tsjechow. Dy poëzij is ûnderstream. Hwat iepenbier makke wurdt, hwat fortelt wurdt is de ûnminsklikheit, dy't los komt yn 'e oarloch, yn pogroms, yn de seksualiteit, mar de kearn is de humaniteit. Hoe great en ûnminsklik it gewelt wêze mei, der is nea sprake fan in ‘omsjen yn wrok’. De minsklike kearn is forwûndering en meilibjen. Dat it wurk fan Babel pas yn de lêste jierren yn West-Europa bikendheit krige hat en nou foar it earst ek yn ús lân op 'e boekemerk forskynt, hat grif syn reden. Oan de wrâld, dy't Babel opropt yn syn forhalen wiene wy yn de twintiger en tritiger jierren noch net ta. West-Europa wie yn de tritiger jierren ekonomysk hwat yn ûnstjûr, mar it libbe út in idé fan feilichheit, dy't Babel net mear eigen wie en ek nea eigen west hat. Syn wurk leit yn it perspektyf fan ús jierren 1940-1945. | |
[pagina 31]
| |
It moast jierren en jierren lizzen bliuwe om herkend to wurden as wurk fan ús tiid. Babel libbet yn in wrâld fol wreedheit en gewelt en dochs is it net it kwea dat it lêste wurd hat. De minsken, dêr't hy fan fortelt binne skurf op 'e hûd, wreed en skuldich yn har dwaen en praet, mar hja binne gjin dogeneaten. Hja dogge hwat hja dogge yn in opstiging, blynwei yn in roes. It ‘sec’ neifortellen, dat is Babel syn doel. Hy noteart sûnder omhael it greate momint. Great is it momint as yn de lytse Italiaenske opera, dy't yn Odessa komt, de haedrolspylder in sprong nimt oer it hiele toaniel en syn mei-minnaer de strôt ôfbyt. ‘Nou hast ris sjoen hwat echte leafde is’, seit in frommis tsjin har man as hja út de skouboarch komme. Fan dy echte leafde - mar dan foar in hynder - tsjûget de lange en wûnderlike brief fan de kozak, dy't bitanket foar de kommunistyske partij omt syn kommandant him syn wite hynst, dêr't er sa sljocht op wie, ôfnommen hat. ‘De kommunistyske partij, sa fetsje ik it op, stifte omwille fan de freugde en de meast strikte en ûnbigrinzge rjochtfeardichheit’, sa skriuwt de oerstjûre man, ‘sil noed stean moatte foar de lytse man. En nou roer ik de kwestje fan de wite hynst oan...’ De kozak is waensinnich fan fortriet. Op 'e ein fan dit forhael, De skiednis fan in hynder út de syklus De Reade Ruterij, fortelt Babel hoe't dizze kozak as ynvalide démobilisearre wurdt. Hy tekent der by oan: ‘Wy wiene beide biseten fan deselde hertstochten. Allebeide biseagen wy de wrâld as in greide yn maeije, as in miedlân fol froulju en hynders.’ Dizze myldens is it dy't jin bybliuwt út dit boek. Babel, sels slachtoffer fan it stalinistyske gewelt, is in great skriuwer, dy't mei eare syn plak ynnimt yn de rige fan greate Russyske auteurs. |
|