De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 366] [p. 366] Marten Sikkema: Fragmintarysk I Hjerstdei - sêfte sinne oer in hoedene stêd ûnwennigens dy't my mêd ynbêddet - lea wy binne sa fier sa slim fier skaet Ik bin frjemdling oeral - it paed leit bidobbe ûnder de blêdden as yn oare hjerstige stêdden en ik tink oan dy altyd oan dy oan dat lûd oan dy glimk fan dy oan dyn gean en dyn dreamend sjen Forlern folslein forlern sil ik ea fan ien hâlde kinne as fan dy? Mar deselde sinne stiet boppe dy en my! II (aria) Ik wit datstû my nei bist elke dei en oan my tinkst en dimmen fan my hâldst al binn' de dagen op har trystst en kâldst dû bliuwst my mei dyn waermens aloan nei En wy forstean inoar hoe iensum fier wy skaet binn' yn 'e wrâld - dû hearst myn stim lyk as ik dines klear en ik fornim ús iensens oanienwei - allikewier as dat 'k dy stees mei nije nammen neam: dy de forfolling fan myn djûrste dream! [pagina 367] [p. 367] III dû bist it dêr't ik altyd om socht haw dy't ik nea fine koe dy't ik tocht dat net bistean soe dêr't ik gjin weet fan hie dû bist it dy't ik alhiel bidoel it lok flammet yn dyn eagen boartet mei dyn hier blinkt dy op 'e lippen nou falle stjerren om ús del tiid krimpt ta in tel ik haw nearne gjin weet mear fan mar dû bist it dû bist it! Vorige Volgende