| |
| |
| |
In Winterforhael
Dylan Thomas
Dat de sniebline skimer to wâl bringt sa jouns
De berchmarren del mank de kûm fan it dal,
Fan in pleats sylt it sêft troch flokken fan dûns,
Bleke féwazem waret om seilskoat en fal,
En it hearûch rûkt yn de snie, en earne geskriem
Fan in ûle op in skuorre, en reek út de nael
Is ien skiep-wyt flues mei it froasthurde hiem,
Yn it kriemende streamdal bigoun it forhael.
Lang lyn doe't de wrâld steat
Makke jit op in stjer fan trou, rein as manna, net
Liker as brea fan drifkjende snie, in man ûntsleat
De waeijer fan fjûr dy't baernde yn syn holle en hert,
Unwennich toskuord en allinne op in pleats
Yn it dal. En dwyl fan sin
Yn syn gleon lyts eilân, reaun yn in mantel, in gasp
Fan snie, en it skernsté wyt as wol, en de hin
Sit skrousk op stok oant de rop fan de hoanne raspt
Oer it bisnijde hiem en dolslieprich rint
Folk út mei skeppe en lod,
It fé komt oerein, de mûzjende kat út it hea,
Rûpsk hippe de fûgels om foer, it melkfammeguod
Set klompkjend en sêft oer farsk fallen brea
Op de pleats útein mei al syn wintersk gewrot,
Hy knibb'let, hy skriemt, hy bidt,
Oer syn beker syn brea wimelt skaed dounset ljacht,
By it blokfjûr mei de swart-rikke pôt en it spit,
Yn it sniedutsen hûs, yn de prykjende nacht,
Op it skerp fan de leafde, forleagene en forlit.
| |
| |
Hy knibb'let op kâlde stien,
Hy skriemt om opkroppe smert, hy bidt ta it tichte swurk:
Och dat syn honger, byljende wolf yn it bien,
Fier fan de féstâl foarby en it reiddak mei tekkenwurk
En de fiver fan iis en it blynkape weinhûs iens
Nei it himelsk honk fan gebet, wite steppe hweryn
Syn sniebline drift him foar ivich legerje soe.
Mar gjin lûd bringt de dûnzene loft yn trewyn,
Al bûcht er, de man, al jaget en strymt him it bloed,
Inkeld de wyn bringt bits
Honger fan fûgels út fjilden mei delwyndere nôt,
Koarnbrea fan wetter, rispinge ranende op de spits
Fan har tongen. En syn frjemde need, skroeijend en kâld
As snie, wjerhâldt him út to gean nei it streamdal mids
De wetters forlern yn nacht,
En oanstutsen fan drift him to winteljen folslein
Yn it aloan lokjende milpunt, yn it wyt facht
Fan dy godlike widze en it breidsbêd, ivich ein-
Wyt fan de ôffallige en útwurpene út it ljacht.
Hy kleit: Och waerd syn lea
Untboun yn leafde en syn neakene need yndied
Utstoart yn de wielingen fan dizze breid, om nea
Wer to bloeijen yn risplân fan springend wyt sied
Of liiflike tunen wiidskonks dijende ta de dea.
Sjonge yn de fordwoune doarpen. De nachtegael
Riist jong fan wjuk út oertiids stof yn it wâld
En wytget de wyn fan de dea syn winterforhael.
De stim fan it stof fan wetter wiist in toarre wrâld
| |
| |
Har springier. Brûs farket
Buorljend op ienris bistjurre stream. De daudrip tsjoent
Ringen oan murf blêd en it gea lang lyn sparkjend
Fan snie. De rotsrânnen wurde as wynharpen poend.
Tiid sjongt troch dea weefsel fan snieklokken. Harkje.
Wie in lûd of hân dy't yn 't wiidst de doar iepen skau,
En dêr, bûten, riisde boppe it brea fan de groun
In waerm strieljende breid, beide fûgel en frou,
In frou-fûgel rea har skerte en mei sniedûns omspoun.
Loaits. Oer it forwiske plein
Djoeije de dounsers wer as in kloft douwen rank
Yn de ljochtmoanne. Derten fjouwert it swier bislein
Mythyske hynstdier ôf en oan oer de nou blank
Steande fûgelfinne. De iik sprút grien en optein.
De rots springt oft de oanreits
Fan trompetten him wekke. Sierskrift fan ieuwen lyn
Docht in douns oer it blêd. It sliepend fossyl ûntweitst.
En de wetterdrip harpspilet earne yn in ravyn.
Dêr jowt de frou-fûgel minsiik har omhegen. Loaits.
En heech oer har dûkelhals
Skodde hja wyld har fear, en it wynstille hûs stie
Sêft trochrûze fan wjukken, oft it de dûnzen fal
Fan de snieflok flijde en it de frou-fûgel nolk wie
Dat in man knibb'le allinne yn de kûm fan it dal,
Op in pleats, dêr't er lei
By it blokfjûr mei de swart-rikke pôt en it spit.
En de tsjoen fan har rûzjende flecht troait en jeit
Him oerein, hy strûst as in twirre har nei, hy forlit
De blynkape huzinge mei it sniedutsen reid.
| |
| |
Wylst de pij fan de klyster yn de sniehagen hong,
En de heuvels fierwei oanglieden yn har wyt facht,
Roun mank de banken in man, in sjamme, en krong
Troch it struwel keal mei hoarnwurk as de rébok draecht,
Syn habyt, baeit knibbeldjip oer de iisflierre poel
De lange forlerne nacht smeekjend efter it byld
Fan de frou-fûgel troch sniedûns ta syn wikend doel.
Hark en loaits hoe't hja de guosplommige sé bisylt,
It swurk, de fûgel, de frou,
De steppe, de need, de himel, de freugden fier oer
It risplân fan springend wyt sied, de stjer fan trou,
It drifkjende manna, it grêf, de waeijer fan fjûr.
Yn it gea lang lyn de doar fan syn dea iepen skau,
Boppe it hiem, op in heuvel fan farsk fallen brea
En de marren en it streamdal mank de bokael
Fan de bergen dêr't hy skriemde om ûntbining en bea
Om in lêste himelsk honk, einge it forhael.
Fan dounsers oer it forwiske grien fan it plein,
De skaldesang stjert yn dreamdoarpen, ienris skroeijend
Fan oandrift, it wyt fûgelspoar folgjend ta de ein,
En de sierlike iiskras op de marren forfloeijend
Wurdt stil. De nachtegael en it hynstdier derten
Fan weelde keare ta rêst. It fossyl falt swier
Yn har ieuwene sliep oant de komst fan trompetten
Tiid dolt in grêf foar de dau, it nijberne jier.
| |
| |
Yn in koar fan wjukken, as yn dwelm fan de dea,
En har wjuk wiek iepen en hy stie omrûze
Mei sangen, en mank dizze skerte skarlekkenrea,
Dizze fiedster en frou, dizze heechhearlik prûze
Flamjend fan leafde yn har wielingen, har dal,
Yn it aloan lokjende milpunt, yn de skacht
Fan it paradiis, yn de dûnzen kearn fan it Al.
En hja riisde mei him, blossemjend yn har blanke pracht.
- Oersetting D.A. Tamminga -
|
|