De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 368] [p. 368] Tiny Mulder: De bouwer meist net oer petit-point en filigraen krektlikemin as ik bimin de molkwei en de autobaen ja ik haw it tsjin dy dou soest dy tusken oergroei fan spoekeblommen reagje in helder wech ende wear plein en dêr dyn heechst liet bouwe yn wurden as doaryske kolommen fiersichtich boppe de needwenten fan films en biblioteken ast dat foltôge hast kinst ûnbisoarge hûkjend op 'e flier goed brea mei fleis en ripe hunich ite hui roppe tsjin de sinne en ûnearbiedich mei de mûle fol praet hawwe oer it waer en it gewaechs mei nije freonen de stêd it viadukt en de rivier Vorige Volgende