| |
| |
| |
Inne de Jong:
Don Juan lytsman makke
De liefde is... steeds gebeurend
als alles wat gebeurt, een teken, een schriftuur, een vleug,
mijn God, ook als een met het blote oog
niet meer te volgen vleugelslag van licht.
Ingmar Bergman syn jongste film It each fan de duvel jowt alle oanlieding ta inkelde notysjes, dy't hwat wider fiemje as in wenstich filmkronykje. It probleem, dêr't it oer giet, leafde en seksualiteit, is sa âld as de minske en yn ús tiid bisûnder aktueel fanwegen de prioriteit, dy't party moderne kunstners en binammen har epigoanen oan it seksuéle jowe.
Allerearst in rigelmennich oer it fenomeen Bergman, dy't helpe kinne om syn fisy op it probleem to forklearjen.
It hat foaral de Frânske filmkrityk en yn 't algemien de greate biwûndering fan de Frânske kulturéle wrâld west, dy't Ingmar Bergman ta in bigryp yn Europa makke hawwe. Yn Nederlân, dat wol mear, ek yn oare opsichten, in pear stappen efteroan komt, koene syn films earst mar stadich trochkringe. Frankryk wie ynienen woun foar de greate Sweed en de forearing dêrre hat laet ta in brede en oanhâldende diskusje oer ‘le monde de Bergman’. Einlings en to'n lêsten is 't nou ek by ús saffier, dat de wrâld fan Bergman in fascinearjende wurden is. Elke oankundiging fan in nije film fan Bergman (en hja komme oan de rinnende bân) is yn alle gefallen yn Amsterdam min ofte mear in sensaesje. Net allinne yn de studintewrâld, mar by it hiele front fan lju mei kultureel forlet en bilangstelling foar it forskynsel minske. It Leidsepleintheater, ien fan de trije bioskopen, dy't trochstrings films fan formaet jowe en dus in biskaet publyk lûke, hat de reputaesje krige fan Ingmar Bergmanhûs en it mei der greatsk op wêze. Sa'n 30.000 minsken hawwe dêr nou It each fan de duvel sjoen en de film wurdt noch hieltyd prolongearre.
Bergman syn films hawwe sa'n aparte sfear en thematyk, dat men, ienris yn de kunde kommen mei syn wrâld, gjin film fan him mear misse wol. Persoanlik jow ik graech in jier televisy foar ien film fan Bergman.
Hwat is dan syn geheim? Dat is likemin eksakt to definiearjen as it geheim fan oare greate kunstners. As ik tsien deskundige skôgings oer Bergman lês, lês ik ek faek tsien forskillende ynterpretaesjes, hwat op himsels al op útsûnderlik
| |
| |
formaet wiist. Ik wol hjir de fraech net biantwurdzje, oft de ûnbitinge forearing yn Frankryk, dy't Bergman fier boppe alle oaren úttilt, oerdreaun is of net. Ik nim graech oan, dat sommige Hollânske filmeksperts, dy't him hwat montaezje en it spesifike filmysk ekspresjeformogen oangiet, wolris rûgens en to min omtinken foar bipaelde filmwetten forwite, gelyk hawwe. It is yn alle gefallen wier, dat er wolris ûnder syn eigen mjitte bliuwt, mar dat hat er dan mei alle kunstners mien.
Ien fan Bergman syn geheimen is syn alsidich en faek biseten kunstnerskip. Hjir is net mar in knap filmer oan it wurd, mar in master op mennich wapen. Tinker, dichter, skriuwer, toaniel- en filmregisseur, dy't mei ieren en sinen yn de problematyk fan syn tiid stiet. Syn great forskaet fan thema's (faek ûntliend oan in midsieusk motyf) hawwe, yn it blijspul sawol as yn de trageedzje, ornaris ien eftergroun: de driuwende fraech nei it wêzen fan de minske, de sin fan syn bistean, it riedsel fan libben en dea. De minske, bidrige fan romte en tiid en fan it needlot, dat wy elkoarren oandogge, wrakseljend tusken God en kweageasten. Omar Khayyàm syn fraech: hwat dreau my yn de tiid, hwer kom ik wei, hwer gean ik hinne en hwa nimt my mei? is sines.
De konvinsionéle yndustryfilm (de algemien gongbere) draeit in min of aerdich forhael fan in pear minsken yn in ûnwerklike wrâld foar jin ôf, leafst mei happy ending. De inkelde greate filmers en binammen Bergman, konfrontearje jin via dit machtige medium mei syn bast ûnbigrinze mooglikheden mei de essinsiéle libbensfragen. Bergman komt mei in boadskip. Net mei de les fan de moralist of de oplossing fan de idéalist, mar mei in boadskip yn de foarm fan in twingende fraech, dy't him driuwt. De yntegere taskôger sjocht efter syn filmdrama's in keardel, in hertstochtlik oandien minske, èn hy sjocht, mei in ‘skok fan herkenning’, himsels.
Noch in kant fan Bergman, dy't yn ús tiid opmerklik is: wylst er mei hûd en siel yntegrearre is yn it moderne libben en foar in ûnmeilydsum réalisme net tobekskrillet, leaut er yn inkelde wearden, dy't foar dit minsklike lot biskiedend binne: barmhertichheit, formoedsoening, leafde, mei oare wurden: hy leaut yn it wûnder. Party fan syn filmdrama's binne in treflike yllustraesje fan de paradoks fan in modern filosoof (Karl Jasper, as 't my net mist): allinne hwa't yn it wûnder leaut, kin folslein réalist wêze. Goedkeape stichtlikens is by him gjin sprake fan, mar earne, efter it oangripendste drama en it felste réalisme, sels efter spot en irony, ljochtet of skimert de oertsjûging, dat minske en libben, hoe swier bidrige, tamtearre, of
| |
| |
mislearre ek, ûnder in bilofte steane. Dizze diminsje, dy't mear fan in kunstner ferget as de bitûftste frijbliuwende analyse, is faeks wol ien fan de kaeijen ta Bergman syn geheim en macht.
Djävulens öga, it each fan de duvel, is in blijspul, op it earste gesicht in boartlike persiflaezje, dêr't er yn in ûnwjersteanber fleurige rite de duvel en noch inkelde oare wichtige persoanen mei foar de kroade rydt. De komeedzje, it boartsjen, seit er sels, is syn wapen tsjin de lege bispotlikheit fan de gloarje, in libbensbitingst en dus in uterst earnstige saek foar him. Hy is yn dit gefal net bang foar toanieleftige effekten, de dialogen drage it stik, hy fordielt de film sels yn trije bidriuwen mei in entre-acte-sprekker. Jupiter kin him permittearje hwat in kou net dwaen mei.
Syn motto is in âld-Iersk sprekwurd: de earberens fan in frou is de duvel in doarn yn it each.
De duvel, yn de gedaente fan in soarte captain of industry, hat in stiich op it each. Oarsaek: der bart op ierde hwat, dat syn plannen yn de bulten jaget. In charmante dominysdochter sil as earbere faem it houlik yngean en dat is in útdaging dy't er net op him sitte litte mei. Hy stjûrt Don Juan (mei syn tsjinner Pablo) út de hel nei de ierde en ûnthjit him trijehûndert jier straf minder, as it him slagget Brit Mary foar har trouwen to forlieden. Trije man sterk, Don Juan, Pablo en in duvelkontroleur yn in muontseklaed, slagje hja by dominy, dy't hja holpen hawwe by in mankemint oan syn auto, yn 'e hûs. Der wurdt harren rejael gastfrijheit oanbean en hja bliuwe in nacht oer. Don Juan spilet syn gefaerlikste troeven út en mear as ienris is Brit Mary faei om foar syn twang to biswiken. Mar der komt him hwat oer, hwat wrâlds greatste rokkejager en sekskening nea ûnderfoun hat: hy wurdt swier foreale op Brit Mary, hy falt in love, hy falt der sa djip yn, dat er wegert hwat him opdroegen is en om har gunst biddelt. Siz my, foar't ik forgoed ôfreizgje, in inkeld wurd fan tagedienens, smeket er. Siz my allinne, dat ik dy net alhiel ûnforskillich bin. As Brit Mary antwurdet: ik ha allinne mar meilijen my dy, der is foar my mar ien op 'e wrèld en al wie it dy slagge, my to skeinen, it soe myn leafde foar Jonas net ienris rekke hawwe, dan giet er nei de hel werom, foargoed ridderslein. De tút, dy't er fan Brit Mary hawn hat en dy't foar har in frijbliuwende flirt bitsjutte, nimt er mei as in ivige groede yn it hert. Syn helske master is pûr, om't de hel forlern en de himel woun hat en tamtearret him op in raffinearre manear, hwat er lykwols great en greatsk draecht. De duvel rekket syn stiich earst kwyt, as Brit Mary yn de houliksnacht tsjin Jonas seit, dat gjin oare
| |
| |
man har ea tute hat, wylst hja Don Juan bikende, dat hy de sawn-en-tritichste wie. In twadderangs oerwinning foar de hel.
Troch dit haedmotyf rint in oar hinne, men soe sizze kinne by wize fan kontrapunt. It slagget Pablo yn de gunst to kommen fan Renata, de dominysfrou, dy't by har sympathike, mar folslein argeleaze en op it
ûnnoazele ôf bernlike man har gerak net kriget. De scène fan de ûntdekking fan har ûntrou mei de suggestje fan formoedsoening is treflik, mar hat neat mear mei in komeedzje to meitsjen. De hiele film nammers giet faek roerdelings by it drama lâns. De spitse, geastige dialogen fûnkje fan humor en binne tagelyk laden mei earnst. Bergman soe Bergman net wêze, as er, al boartsjende en ironisearjende, net hwat to sizzen hie, dat him heech sit. En hwat him heech sit is de leafde. Dizze film, der 't Don Juan lytsman yn makke wurdt, is in boartlike ûnbitinge ode oan de leafde.
Dat is anno 1961 in gefal, dat de muoite wurdich is om to notearjen. Hjir is net in âlderwetske romantikus of boargerlik moralist oan it wurd, dy't gjin aen hat fan hwat hwat der omgiet yn de wrâld fan de erotyk, mar in psycholooch en réalistysk kunstner fan bûtenwenstich formaet. Dwers troch spotternij en tûle hinne stelt er it probleem sa sintrael mooglik mei Don Juan himself as tsjinspylder op to roppen. Mar de greate spesialist yn sekse forliest it tsjin de leafde. Wy binne it tsjintwurdich oars wend. Net allinne yn de filmwrâld, ek yn de moderne literatuer is de seksualiteit faek in folle greater macht as de leafde en wint Don Juan it fier fan Brit Mary. De bilangstelling fan it sjende en lêzende publyk is ornaris navenant. Bigjin dyn roman mei de sin: For Christ's sake take your hand off my knee, en dou hast dyn lêzers daliks yn 'e bisnijing, hat immen sein. Men is fan it forskynsel net ôf mei de biwearing, dat allinne tredde- en fjirderangs romanbakkers, dy't by gemis oan oarspronklikens gjin wjerstân hawwe tsjin de moade, hjir debet oan binne. Ek kunstners fan bitsjutting bifoarderje de sekskultus mei oertsjûging. Dat it yn de erotyk in ûnbidich komplisearre probleem fan bloed en siel is, sil nimmen ûntstride, mar it giet hjir om de opfallende prioriteit en yn folle gefallen in totale hegemony fan it driftlibben en de jiskepûsterposysje fan de leafde.
Ik tink hjir bygelyks oan in resinte útspraek fan Paul Rodenko. Yn in enthousiaste skôging oer de poëzij fan Dylan Thomas seit er, dat de forneamde Ingelske dichter net de leafde bisjongt, mar de seksualiteit: ‘deze is altijd en overal tegelijk, daarin moet het wezen van de mens verborgen liggen.’
| |
| |
Ik wol graech yn goedens, as men my freget, hwer't nou krekt it wêzen fan de minske yn forhoalen leit, mar de konklúzje Thomas - Rodenko liket my hwat al to flot. It forlet fan iten en drinken is ek altyd en oeral gelyk, leit dêr nou it wêzen fan de minske yn? De seksualiteit èn de honger hat de minske mien mei bollen en mosken en alle oare beesten, dêrom liket it my noch faeijer om dizze fasetten fan ús biologysk bistean ta biskiedend kritearium foar it wêzen fan de minske to meitsjen. It foldocht my likemin as de definysje fan in âld filosoof: de minske is in dier mei twa skonken en sûnder fearren. It liicht der net om, nei oanlieding fan in bipaelde eigenskip de minske yn in binende formule to biflappen. Wol men dochs definiearje, dan liket it my feiliger, krekt dy eigenskippen to aksintuearjen dy't him fan alle oare skepsels ûnderskiede: yn dit forbân de leafde, dy't de hynst en de bolle wierskynlik net kenne. Trije tûzen jier leafdelyryk, fan it Heechliet ôf oant Ingmar Bergman, sizze my mear oer it wêzen fan de minske yn 't algemien en fan de dichter yn 't bysûnder, as de théory Thomas - Rodenko.
Om alle misforstân foar to kommen: gjin earlik minske sil de macht fan de seksualiteit ûntstride. Der hat in tiid west, dat yn literatuer en lektuer suver elk wurd mijd waerd, dat der op doelde, fanwege de earberens, de keinens, it fatsoen. Men kin allinne mar tankber wêze, dat der in réaksje kaem op de binypte fatsoensfantasij, fanwegen de earlikheit en de werklikheit, fanwegen de folheit, de hearlikheit en de need fan it libben.
Hjoed lykwols wankt it gefaer, dat men like fier en steryl trochslacht nei de oare kant en de leafde to liif giet mei it mes fan de chirurch, om har yn inkeld driftatomen to spjalten, har yn alle gefallen devaluearret ta in forskynsel, lang sa bilangryk net as de seksualiteit. Hwa't mient, dat er mei in statistysk forantwurde analyse it libben yn 'e hân hat en bigrypt, rint der omhinne as in kat om de hjitte brij. Hwa't alles sizze en forklearje wol (it greatste forsin foar in kunstner), hat faek in bidroefd bytsje to sizzen. Hwa't yn it stik fan de man - frou forhâlding gjin aen mear hat fan in ‘met het blote oog niet meer te volgen vleugelslag van licht’, wrot yn it tsjuster en ûntdekt it greatste net.
Mar Freud dan en alle greaten yn de psycho-analyse en de nijst ûntdutsen essentialia fan it driftlibben? Ik sil de lêste wêze om oan de bilangrykheit fan dizze wittenskiplike ûntdekkingen to twiveljen, al binne hja foar my gjin oanlieding ta fétichisme en gjin evangeelje, dat útslutend it wêzen fan de minske biskaet. It giet hjir nammers ek net om de kwestje, oft
| |
| |
en ynhoefier de wittenskip feitlik gelyk hat, mar om dy oare bilangriker fraech, oft har ûntdekkingen Leitmotiv foar de dichter, foar de kunstner yn 't algemien binne. Men soe ek sizze kinne, om de fraech nei de forhâlding tusken kunstner en statistyk. En dan mien ik, dat yn de kunst de statistyk gjin basiswierheit en gjin lêste wierheit is. De wrâld fan de kunstner is in oarenien as dy fan de biolooch, de psycholooch of astronoom. Hwat hy to sizzen hat fan de sé, fan in faem of fan de stjerren is prinsipieel hwat oars as de konklúzjes fan de wittenskiplike spesialist. Om't syn kennis net anekdoatysk, mar kréatyf is, wit er fan dingen, dy't de wittenskip yn der ivichheit net ûntdekke sil. Ik soe sels in stap fierder gean wolle en biweare, dat de wierhaftige kunstner yn 'e groun foar de statistyske werklikheit oer stiet yn de hâlding fan in ûnleauwige. Om't er fisioenen hat en dreamen dreamt, skept er in nije wrâld, dy't foar him de wiere is. Hy sjocht oan minsken en dingen diminsjes, dêr't de statistyk gjin aen fan hat en perspektiven, dy't bûten har gesichtsfjild lizze. Dat hat mei goedkeape romantyk neat út to stean, dat is clairvoyance. It is ek revolúsje, opstân tsjin de deade en deadlike macht fan massa, sifer, tal en robot.
As Rodenko biweart, dat net de leafde, mar de seksualiteit bisongen wurde moat, fanwegen de kwantiteit fan it forskynsel, dan hat er de statistyk oan syn side, èn alle seksuéle thrillers yn boek en film, èn de Amerikaenske kommersiéle televysje. Foar de dichter liket my dat in twivelich selskip, dêr't mear frustraesje as ynspiraesje fan to forwachtsjen is.
As Ingmar Bergman yn in boartlik filmgedicht in ode oan de leafde bringt, dan sjongt er fleurich en biret tsjin de statistyk yn, lyk as alle avontûriers en sjenners by Gods genede.
Leau mar, dat Bergman, dizze greate erudyt en réalist, wit hwat der to keap is yn de wrâld fan de erotyk, dat er Don Juan en syn macht troch ende troch ken. Mar hy ken, as fisionair dichter, ek in oarenien mei noch mear macht, yn steat om Don Juan lytsman en ridder fan de drôve figuer to meitsjen. It liket my fan great bilang, dat in man fan syn formaet rejael en souverein de leafde bisjongt en boartsjend de duvel en syn moer foar de kroade rydt. Ik bin bang, dat in kunst, dy't, bitiisd yn it misforstân, dat de fakpsychology rjochtlinige hantlieding foar de kunstner wêze soe, it útslutend op 'e seksualiteit hâldt, op 'en dûr in wrang en steryl gefal wurdt. Tink mar ris oan safolle forhaeltsjes fan epigoanen mei prolongearre puberteitskompleksen. Mar út de lyryk fan de leafde, nou likegoed as trijetozen jier lyn, ‘rijst en daalt en rijst de zon’.
|
|